Muorre fan Antoninus
De Muorre fan Antoninus of Antoninuswâl is in ferdigeningswal fan seaden en stiennen dy't troch de Romeinen boud waard yn wat tsjintwurdich de sintrale belt fan Skotlân is. De muorre rint oer 60 kilometer fan Old Kirkpatrick yn West Dunbartonshire op de Firth of Clyde oant Bo'ness, Falkirk, op de Firth of Forth.
Doel
bewurkje seksjeIt bouwen fan de Muorre fan Antoninus begûn yn 142, ûnder it bewâld fan keizer Antoninus Pius, troch Quintus Lollius Urbicus en waard kompletearre yn 144.
Mei de bou wienen de Romeinen fan doel dizze yn it plak komme te litten fan de Muorre fan Hadrianus, sa'n 160 km nei it suden ta, om dêrmei de grins fan Brittanje fierder nei it noarden op te skowen. Mar wylst de Romeinen dwaande wienen tydlike fortifikaasjes te bouden en kampen foar it leger oan te lizzen, slagge it harren net om de Keltyske befolking yn it noarden te passifisearjen en hienen te krijen my ferskate oanfallen. De Romeinen neamden it lân te noarden fan de muorre Caledonia en harren bewenners Kaledoanjers.
De Muorre fan Antoninus wie in stik minder goed boud as de Hadrianusmuorre, mar noch altyd massyf en yndrukwekkend. Yn amperoan twa jier waard it kompletearre en ynrjochte as de noardlikste grins fan it Romeinske Ryk yn wat sy as in kâld en ferlitten lân beskôgen. De muorre seach derút as in grutte ierden wâl fan goed fjouwer meters heech, mei oan de noardkant in wide grêft en in Romeinske militêre wei dy't der flak efter rûn. De Romeinen bouden om de twa milen in fort. It bêst oerbleaune fort mar ek ien fan de lytsten is dy fan Rough Castle Fort.
Krapoan tweintich jier neidat er boud wie, waard de muorre al wer ferlitten. Yn 164 lutsen de Romeinen har tebek efter de Hadrianuswâl, en waard it gebiet werom jûn oan stammen dy't der wennen. Nei in rige oanfallen yn 197, arrivearre keizer Septimius Severus yn 208 yn Skotlân om de grins yn it noarden op 'e nij feilich te stellen en lit parten fan de muorre reparearre. Dizze besetting soe mar in pear jier duorje, dochs waard de wâl troch lettere Romeinske skriuwers ek wol oantsjutten as de Severuswâl.
Distiid
bewurkje seksjeHoewol't de muorre troch de tiid hinne bot te lijen hân hat en distiid sawat alhiel ferwoaste is, binne der noch hieltyd stikken fan de muorre te sjen yn Bearsden, Kirkintilloch, Twechar, Croy, Falkirk en Polmont.