Firth fan Clyde

(Trochferwiisd fan Firth of Clyde)

De Firth fan Clyde (Ingelsk: Firth of Clyde; Skotsk: Firth o Clyde; Skotsk-Gaelysk: Linne Chluaidh) is it estuarium fan de rivier de Clyde yn it westen fan Skotlân. It effekt fan it tij is noch te fernimmen it lân yn by Glasgow. Oare stêden oan it estuarium binne ûnder oaren Dumbarton, Port Glasgow, Greenock en Ayr. Oan de westkant wurdt de firth begrinzge troch it skiereilân Kintyre, dat oan de regio Argyll en Bute beheart. De Kilbrannan Sound is in grutte earm fan de Firth of Clyde, dy't Kintyre skiedet fan Arran. By de yngong is de firth 42 km breed.

Firth of Clyde


It estuarium hat in grut tal eilannen. De meast grutte, dy't ek bewenne wurde, binne Arran, Bute en Great Cumbrae.

Plakken oan de Firth of Clyde

bewurkje seksje