Dumbarton (Skotlân)

Dumbarton (Skotsk-Gaelysk: Dùn Bhreatainn) is in stêd (town) yn Skotlân mei sa'n 20.550 ynwenners (2001). De stêd leit oan de Firth of Clyde, oan de mûning fan de rivier de Leven.

Dumbarton
Bestjoer
Lân Skotlân
Kiesdistrikt Britsk parlemint West-Dunbartonshire
Lieutenancy area Dunbartonshire
Sifers
Ynwennertal 20.527 (2001)
19.9901 (rûsd foar 2006)
Oar
Tiidsône UTC-0
Simmertiid UTC


Op de fulkanyske basaltrots Dumbarton Rock stiet Dumbarton Castle, dat as âldste boarch fan Skotlân jildt. Dumbarton wie yn de 5e iuw it haadplak fan it ier-midsiuwske Keninkryk Strathclyde en dêrnei haadstêd fan it tradisjonele greefskip Dunbartonshire. Dumbarton is no it haadplak fan it kiesdistrikt West- Dunbartonshire. Fan de 18e iuw oant likernôch 1960 wie de skipsbou ekonomysk wichtich yn Dumbarton.

Dumbarton is it berteplak fan de keunstskilders George Harcourt en William Strang, fan de sjonger en muzikant fan de Talking Heads David Byrne en de Formule 1-koereur Jackie Stewart.

Keppelings om utens

bewurkje seksje