De Formule 1 wurdt ornaris sjoen as de heechste klasse yn 'e autosport. De koepelorganisaasje Fédération Internationale de l'Automobile (FIA) is ferantwurdlik foar de organisaasje. Om dielnimme te meien moatte de auto's foldwaan oan 'e betingsten dy't troch de FIA steld binne. Dy auto's dogge alle jierren op sa'n 20 ferskillende sirkwys oan de Formule 1 mei.

Formule 1 wedstriid (Kanada, 2008)

It Formule 1-seizoen bestiet út sa'n tweintich ferskillende races. Sa'n race wurdt ek wol "Grutte Priis" (yn it Frânsk Grand Prix) neamd. De measte race's wurde hâlden op racesirkwys en stedssirkwys (Monako). Mei de resultaten fan de race's wurde alle jierren twa wrâldkampioenen bepaalt: ien kampioenstitel foar kûreurs en ien kampioenstitel foar konstrukteurs. Europa is it tradisjonele sintrum fan de Formule 1 en suver alle teams binne fan Europeeske oarsprong. Tsjintwurdich wurdt sa likernôch de helte fan alle races yn Europa hâlden, rûchwei de oare helte fynt op oare kontintinten plak.

De Formule 1 hat syn woartels yn 'e "Grand Prix Racing" fan de jierren tweintich en tritich fan de tweintichste iuw. De "formule" yn de namme ferwiist nei de regleminten fan 'e organisaasje dêr’t alle dielnimmers en auto’s oan foldwaan moatte. Fuort nei de ein fan de Twadde Wrâldkriich waard yn 1946 ta oprjochting fan de nije formule 1-klasse besletten. Der waarden yn dat jier al in stikmannich races hâlden, mar de World Drivers' Championsship waard pas yn 1947 offisjeel. De earste kampioenskipsrace waard holden op Silverstone yn Grut-Brittanje yn 1950. It kampioenskip foar konstrukteurs waard yn 1959 taheakke. yn de jierren sechstich en santich bestienen der yn Grut-Brittanje en Súd-Afrika nasjonale kampioenskippen. Oant en mei de jierren tachtich fan de tweintichste iuw waarden ek races bûten it offisjele kampioenskip om holden. Dat fenomeen ferdwûn yn 1983.

Grutte Priis

bewurkje seksje

In Grutte Priis yn de Formule 1 beslacht in folslein wykein en begjint mei trije trainingen: Twa op de freed en ien op de sneontemoarn. By de earste training op freed mei eventueel in tredde kûreur efter it stjoer fan ien fan de twa auto’s fan in team dielnimme. Op de sneontemiddei folget in kwalifikaasje dêr’t de startfolchoarder foar de race op snein fêststeld wurdt.

Kwalifikaasje

bewurkje seksje

De kwalifikaasje is yn 'e rin fan de jierren in oantal kearen feroare. Hjirûnder wurdt it kwalifikaasjesysteem fan seizoen 2021 beskreaun.

Der wurdt by de kwalifikaasje wurke mei in ôffalsysteem. Der binne trije kwalifikaasjerûnden: Q1, Q2 en Q3. De Q is in Ingelske ôfkoarting foar "qualification":

  • Q1: Yn de earste kwalifikaasje meie tweintich auto's achtjin minuten de baan op. Oan 'e ein falle de fiif stadichste auto’s ôf. Dy auto’s sille op basis fan harren fluchste tiid de lêste fiif startplakken op snein ynnimme.
  • Q2: Yn de twadde kwalifikaasje meie de oerbleaune fyftjin auto’s fyftjin minuten de baan op. Ek oan 'e ein fan dy kwalifikaasje falle de fiif stadichste auto’s ôf (lykas by de earste kwalifikaasjerûnde).
  • Q3: Yn de tredde kwalifikaasje geane de tsien fluchste kûreurs tolve minuten de baan op om op basis fan tiid te bepalen wa’t fan it earste startplak ôf starte mei.

De tsien kûreurs dy’t Q3 helle ha, moatte de sneins yn de race starte op it type bannen dat se brûkt hawwe yn de twadde kwalifikaasje. De oare tsien kûreurs meie sels bepale op hokker type bannen se de race starte.

Foar't de race begjint meie de kûreurs earst in rûntsje waarmride. Dêrnei wurde se foar de startline opsteld yn 'e folchoarder dy't by de kwalifikaasje bepaalt is.

It startsinjaal boppe it sirkwy wurdt jûn troch ljochtsysteem, wannear't alle lampen út binne mei de auto's starte. De ôfstân fan in Grutte Priis is gelyk oan it lytste oantal rûntsjes dy't mei-inoar in minimale ôfstân fan 305 kilomter beslaan. In Grutte Priis mei lykwols net langer duorje as twa oeren. In formule 1-race duorret yn trochsneed sa’n 90 minuten. By de race mei in kûreur ien as meardere kearen fan de baan ôf om bannen te wikseljen of de auto reparearje te litten.

Formule 1-auto's

bewurkje seksje

In Formule 1-auto is een iepen, ienpersoans-auto mei iepen lizzende tsjillen. Oan 'e foar en efterkant fan de auto binne saneamde wjukken befêstige. De hurde regels foar de auto's binne opsteld mei de bedoeling om it oantal ûngemakken en slimme ferwûningen te beheinen en om lytsere teams likense kânsen te jaan om te winnen.

Formule 1-wrâldkampioenen

bewurkje seksje
 
Giuseppe Farina earste F1 wrâldkampioen
seizoen Oantal
Races
Wrâldkampioen Auto
Tiim
Lân Leeftiid1 Punten2 Oerwinningen
1950 7 Giuseppe Farina Alfa Romeo   Itaalje 44 30 3
1951 8 Juan Manuel Fangio   Argentynje 40 31 3
19523 8 Alberto Ascari Ferrari   Itaalje 34 36 6
19533 9 35 34,5 5
1954 9 Juan Manuel Fangio Mercedes   Argentynje 43 42 6
1955 7 44 40 4
1956 8 Ferrari 45 30 3
1957 8 Maserati 46 40 4
1958 11 Mike Hawthorn Ferrari   Grut-Brittanje 29 42 1
1959 9 Jack Brabham Cooper-Climax   Austraalje 33 31 2
1960 10 34 43 5
1961 8 Phil Hill Ferrari   Feriene Steaten 34 34 2
1962 9 Graham Hill B.R.M.   Grut-Brittanje 33 42 4
1963 10 Jim Clark Lotus 27 54 7
1964 10 John Surtees Ferrari 30 40 2
1965 10 Jim Clark Lotus 29 54 6
1966 9 Jack Brabham Brabham   Austraalje 40 42 4
1967 11 Denis Hulme   Nij-Seelân 31 51 2
1968 12 Graham Hill Lotus   Grut-Brittanje 39 48 3
1969 11 Jackie Stewart Matra 30 63 6
1970 13 Jochen Rindt4 Lotus   Eastenryk 28 45 5
1971 11 Jackie Stewart Tyrrell   Grut-Brittanje 32 62 6
1972 12 Emerson Fittipaldi Lotus   Brazylje 25 61 5
1973 15 Jackie Stewart Tyrrell   Grut-Brittanje 34 71 5
1974 15 Emerson Fittipaldi McLaren   Brazylje 27 55 3
1975 14 Niki Lauda Ferrari   Eastenryk 26 64,5 5
1976 16 James Hunt McLaren   Grut-Brittanje 29 69 6
1977 17 Niki Lauda Ferrari   Eastenryk 28 72 3
1978 16 Mario Andretti Lotus   Feriene Steaten 38 64 6
1979 15 Jody Scheckter Ferrari   Súd-Afrika 29 51 3
1980 14 Alan Jones Williams   Austraalje 34 67 5
1981 15 Nelson Piquet Brabham   Brazylje 29 50 3
1982 16 Keke Rosberg Williams   Finlân 34 44 1
1983 15 Nelson Piquet Brabham   Brazylje 31 59 3
1984 16 Niki Lauda McLaren   Eastenryk 35 72 5
1985 16 Alain Prost McLaren   Frankryk 30 73 5
1986 16 31 72 4
1987 16 Nelson Piquet Williams   Brazylje 35 73 3
1988 16 Ayrton Senna McLaren 28 90 8
1989 16 Alain Prost   Frankryk 34 76 4
1990 16 Ayrton Senna   Brazylje 30 78 6
1991 16 31 96 7
1992 16 Nigel Mansell Williams   Grut-Brittanje 39 108 9
1993 16 Alain Prost   Frankryk 38 99 7
1994 16 Michael Schumacher Benetton   Dútslân 25 92 8
1995 17 26 102 9
1996 16 Damon Hill Williams   Grut-Brittanje 36 97 8
1997 17 Jacques Villeneuve   Kanada 26 81 7
1998 16 Mika Häkkinen McLaren   Finlân 30 100 8
1999 16 31 76 5
2000 17 Michael Schumacher Ferrari   Dútslân 31 108 9
2001 17 32 123 9
2002 17 33 144 11
2003 16 34 93 6
2004 18 35 148 13
2005 19 Fernando Alonso Renault   Spanje 24 133 7
2006 18 25 134 7
2007 17 Kimi Räikkönen Ferrari   Finlân 28 110 6
2008 18 Lewis Hamilton McLaren   Grut-Brittanje 23 98 5
2009 17 Jenson Button Brawn 29 95 6
2010 19 Sebastian Vettel Red Bull Racing   Dútslân 23 256 5
2011 19 24 392 11
2012 20 25 281 5
2013 19 26 397 13
2014 19 Lewis Hamilton Mercedes   Grut-Brittanje 29 384 11
2015 19 30 381 10
2016 21 Nico Rosberg   Dútslân 31 385 9
2017 20 Lewis Hamilton   Grut-Brittanje 32 363 9
2018 21 33 408 11
2019 21 34 413 11
2020 17 35 347 11
2021 22 Max Verstappen Red Bull Racing   Nederlân 24 395.5 10
2022 22 25 454 15
2023 22 26 575 19


1 Leeftyd fan 'e respektyflike kûreur per jier; Oft de jierdei foar, tidens of nei it seizoen plakfûn, wurdt hjir net rekken mei hâlden.

2 It oantal punten komt oerien mei de punten skoard foar it WK, net de punten dy't werklik helle binne; foar 1990 wienen der resultaten dy’t skrast wurde koenen.

3 It wrâldkampioenskip auto's waard holden yn 'e jierren 1952 en 1953 neffens de Formule 2 regeljouwing (ûnder oaren mei in signifikant lytsere motor).

4 postúm

Konstrukteurs Wrâldkampioenskip

bewurkje seksje
Plak Konstrukteur Lân Titels Jier
1 Ferrari   Itaalje 16 1961
1964
1975–1977
1979
1982
1983
1999–2004
2007
2008
2 Williams   Grut-Brittanje 9 1980
1981
1986
1987
1992–1994
1996
1997
3 McLaren   Grut-Brittanje 8 1974
1984
1985
1988–1991
1998
Mercedes   Dútslân 2014–2021
4 Lotus   Grut-Brittanje 7 1963
1965
1968
1970
1972
1973
1978
Red Bull Racing   Eastenryk 2010–2013
2021–2023
7 Cooper   Grut-Brittanje 2 1959
1960
Brabham 1966
1967
Renault   Frankryk 2005
2006
10 Vanwall   Grut-Brittanje 1 1958
B.R.M. 1962
Matra   Frankryk 1969
Tyrrell   Grut-Brittanje 1971
Benetton 1995
Brawn 2009

Keppeling om utens

bewurkje seksje
  Commons: Formule 1 – foto, fideo en harktriemmen