Glasgow
Glasgow (Skotsk: Glesga of Glesca ; Skotsk-Gaelysk: Glaschu) is de grutste stêd fan Skotlân en de tredde nei ynwennertal fan it Feriene Keninkryk. It sintrum fan Glasgow leit on de noardkant fan de rivier de Clyde. Sont de Romeinske tiid hat dit gebiet al bewenne west. Ut bewarre gegevens docht bliken dat fan de 12e iuw ôf de stêd in gruttere hannelsfunksje krige.
Glasgow Glaschu, Glesca, Glesga | ||
Fan boppe lofts ôf: Glasgow Science Centre, stânbyd hartoch fan Wellington foar Gallery fan Moderne Keunst, Beurs (Royal Exchange Square), stedsbyld sjoen fanôf The Lighthouse, Gilbert Scottgebou fan de Universiteit fan Glasgow, Finnieston Crane | ||
Polityk | ||
Lân | Feriene Keninkryk | |
Lânsdiel | Skotlân | |
Trad. greefskip | Lanarkshire | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 626.410 (2018) | |
Oerflak | 175,5 km² | |
Befolkingsticht. | 3.585 / km² | |
Stêdekloft | ± 2.550.000 | |
Oar | ||
Stifting | Ein 6e iuw | |
Koördinaten | ||
Offisjele webside | ||
www.glasgow.gov.uk |
Glasgow ûntstie út it midsiuwske Bisdom Glasgow en de lettere Universiteit fan Glasgow, stifte yn de 15e iuw, dy't in sintrum fan belang wurde soe fan de Skotske Ferljoching yn de 18e iuw. Fan de 18e iuw ôf groeide de stêd út ta ien fan Brittanje's meast wichtige sintrums fan transatlantyske hannel mei Britsk Noard-Amearika en Britsk West-Ynje. Under de Yndustriële Revolúsje waard de stêd mei omkriten ien fan de meast belangrike sintrums fan swiere yndustry, benammen fan skipsbou en skipfeartbesibbe yndustryen; in protte foar de tiid moderne skippen en ferneamde fartúgen binne dêr boud. Glasgow wie yn it gruteste part fan de Viktoriaanske - en Edwardiaanske tiid bekend as de Twadde Stêd fan it Britske Ryk. De yn de omkriten oanwêzige stienkoal- en izerertsfoarrie hat sines dien foar de ekonomyske bloei fan de stêd. Tsjintwurdich sit Glasgow yn de top 20 fan Europeeske finansjele sintrums en húsmanje de measte grutte bedriuwen fan Skotlân dêr.
Ein 19e iuw en begjin 20e iuw waakste Glasgow's befolking boppe de ien miljoen en wie it de fjirde stêd nei grutte fan Jeropa, nei Londen, Parys en Berlyn. Yn de jierren 1960 waard in wiidweidige stedsfernijing trochfierd. In soad minsken ferhuzen doe nei saneamde new towns en foarstêden. De grinsoanpassing dy't dêrút fuortkamen soarge foar in leger ynwennertal fan de City of Glasgow unitary authority area, op it heden sa'n 580.690, en 1.199.629 minsken yn it stedsgebiet Grut Glasgow. De befolking fan de hiele stêdekloft omklammet sa likernôch 2,5 miljoen minsken, sa'n 41% fan de befolking fan Skotlân.
Ferkear en ferfier
bewurkje seksjeGlasgow is in ferkearskooppunt fan belang yn Skotlân. De M8 ferbynt de stêd mei de haadstêd Edinboarch. Fierders binne der snelwegens en oare diken foar trochgeand ferkear nei it noarden fan Skotlân, de Skotske westkust en Ingelân (oer Carlisle).
Glasgow hat twa sintrale stasjons. De treinen út Ingelân, it suden fan Skotlân en inkelde treinen út Edinboarch komme op it Sintraalstajon Glasgow oan. Stasjon Glasgow Queen Street is der foar treinen nei it noarden en foar de fluchste ferbining nei Edinboarch (fia stasjon Falkirk High). Neist it lokale spoar is der ek de metro fan Glasgow, dy't út ien sirkelline mei 15 stasjons bestiet.
Glasgow International Airport is de lofthaven fan de stêd.
Sport
bewurkje seksjeOp it sportmêd hawwe de fuotbalklups Celtic en Rangers de stêd op 'e kaart set. De wichtichste fuotbalstadions fan de stêd binne:
- Celtic Park (Celtic F.C.) , 60.832 sitplakken
- Hampden Park (Queen’s Park F.C. en it nasjonale tiim) yn it stedsdiel Mount Floride, 52.054 sitplakken
- Ibrox Stadium (Rangers F.C.) yn it stedsdiel Ibrox, 50.467 sitplakken
- Firhill Stadium (Partick Thistle F.C.) yn it stedsdiel Maryhill, 10.887 sitplakken
Muzikanten en bands út Glasgow
bewurkje seksjeKeppeling om utens
bewurkje seksje- Stedsbestjoer - Glasgow City Council webside
- Toeristyske ynfo oer Glasgow en omkriten - Official Tourist Board webside
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|