Universiteit fan Glasgow
De Universiteit fan Glasgow (Skotsk-Gaelysk: Oilthigh Ghlaschu) is in universiteit yn de Skotske stêd Glasgow. De universiteit waard 1451 oprjochte. It is de op ien nei âldste universiteit fan Skotlân, en de op trije nei âldste fan it Feriene Keninkryk.
Universiteit fan Glasgow | ||
Namme | ||
Latynske namme | Universitas Glasguensis | |
Biedwurd | Via, veritas, vita | |
Lokaasje | ||
Lân | Skotlân | |
Plak | Glasgow | |
Oare bysûnderheden | ||
Type | publike universiteit | |
Oprjochting | 1451 | |
Rektor | Edward Snowden | |
Tal studinten | 26.815 (2014/15) | |
Tal meiwurkers | 6.197 (2013) | |
Netwurken | Russellgroep, Universitas 21, IRUN, Association of Commonwealth Universities, PEGASUS | |
Offisjele webside | ||
www.gla.ac.uk |
Skiednis
bewurkje seksjeDe Universiteit fan Glasgow waard yn 1451 fanwege Paus Nikolaas V opjochte, op oanstean fan kening Jakobus II fan Skotlân, dy't in nije universiteit yn Skotlân hawwe woe as tsjinwicht fan de Ingelske universiteiten fan Oxford en Cambridge. De earste kolleezjes wiene yn it kapittelgebou fan de katedraal fan Glasgow. Yn de iuwen dêrnei ferhuze de universiteit in stikmannich kearen. Yn 1871 kaam de haadfestiging foar fêst op it plak fan no, de Gilmorehill.
Bestjoer
bewurkje seksjeDe rektor (offisjele titel: Lord Rector) fan de universiteit, fral in seremoanjele funksje, wurdt alle trije jierren troch de studinten keazen. De hjoeddeiske rektor is de Amerikaanske kloklieder Edward Snowden. Hy waard op 18 febrewaris 2014 keazen.
De wittenskiplike en deistige lieding fan de universiteit is yn hannen fan de Chancellor en de Principal; anno 2016 binne dat efterelkoar Kenneth Calman en Anton Muscatelli.
Fakulteiten
bewurkje seksjeDe universiteit hat njoggen fakulteiten:
- Biomedyske wittenskippen
- Diergenêskunde
- Genêskunde
- Ynformaasjekunde en wiskundige wittenskippen
- Letteren
- Natuerwittenskippen
- Underwiiskunde
- Rjochten, bedriuwskunde en sosjale wittenskippen
- Technyk
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory University of Glasgow fan Wikimedia Commons. |