Romanisearring
Romanisearring wie it proses dêr't de troch de Romeinen ûnderwurpen folken stadichoan de Romeinske kultuer, gewoanten en taal (it Latyn) by oernommen.
Yn goed foarbyld fan romanisearring wienen de Kelten yn Galje en Spanje dy't nei ferrin fan tiid folslein de romeinske kultuer oernommen, taal en godstsjinst ynbegrepen. Lykwols romanisearren net alle folken, de Basken bygelyks bleaunen wol de eigen taal sprekke en behâlden harren eigen kultuer. Nei de fal fan it Romeinske Ryk yn 476 foel de standerttaal Latyn útein yn de Romaanske talen.
Yn West-Jeropa is it gefolch fan eardere romanisearring noch altyd oanwêzich: alle Romaanske talen, de Jeropeeske rjochtspraak en in grut part fan de westerske kultuer binne werom te fieren op de Romeinen.