Slach by Abrittus
De Slach by Abrittus, ek wol neamd de slach by Forum Terebronii yn Skytia Minor, fûn plak op 1 july 251 by de tsjintwurdige stêd Razgrad yn Bulgarije en gie tusken it Romeinske leger en de Goaten ûnder lieding fan kening Kniva. De slach waard troch de Romeinen ferlern en keizer Desius mei syn soan Herennius Etruskus skeaten beiden it libben derby yn. Keizer Desius soe dêrmei de earste Romeinske keizer wurde dy't yn in gefjocht mei fijannen sneuvelje soe.
Oanlieding
bewurkje seksjeDe oanlieding ta dizze fjildslach wie de ynvaazje troch de Goaten begjin 251 op it Romeinske ryk. Goatyske kriichstroepen wienen de Donau-grins oerstutsen en wienen al rôvjend de provinsjes Moesja en Daasje ynfallen. It antwurd fan de Romeinske keizer Desius op dizze bretale ynvaazje wie it stjoeren fan it grut leger nei it troffen gebiet om de ynfallers te bestraffen. Dat leger waard laat troch himsels mei syn soan Herrennius.
De fjildslach
bewurkje seksjeDoe't de Goaten dwaande wienen mei it belegerjen fan Nikopolis oan de Donau waarden sy ynearsten ferrast troch it leger fan keizer Desius. Under lieding fan kening Kniva bliezen sy de ôftocht en lutsen it Balkan-berchte oer. Tidens dizze weromtocht foel de stêd Philippopolis yn harren hannen en waard plondere. Desius besocht de Goaten te efterfolgjen, dochs late hy in swiere delslach by Beroë. It belis fan Philippopolis hie lykwols de krêft en omfang fan it Goatyske leger sadanich oantaasten, dat hy de Romeinen it oanbod die om ôfstân te dwaan fan alle bút en kriichsfinzenen yn ruil foar in frije ôftocht.
Keizer Desius wie lykwols fan betinken dat er de weromtocht fan de Goaten wol ôfsnije koe en wegere it oanbod fan de Goaten. Hjirtroch besluet Kniva him mei syn manlju werom te lûken, mar ûnderweis stuiten sy op de Romeinske legermacht fan Desius. Op 1 july dat jier rekken beide legers op 'e nij mei inoar yn gefjocht. Op wûnderbaarlike wize slagge kening Kniva, dy't syn leger opdield hie yn lytske beweechlike ienhedens, der yn om de Romeinen in stik tebek, nei in sompich gebiet tichte by Abrittus te driuwen. Yn de slach dy't plak fûn sneuvele Herennius, de soan fan Desius, troffen troch in fijannige pylk. Keizer Desius soe it earste treffen oerlibje, mar hie op it ein fan de dei de slach ferlern. Krektas in grut part fan syn soldaten fûn er syn ein yn de sompen by Razgrad.
Neisleep
bewurkje seksjeIt Romeinske leger ferklearre fuortendaliks nei de slach Trebonianus Gallus ta keizer fan it Romeinske ryk. De nije keizer staakte de striid en starte ûnderhannelings mei de Goaten. Hy sleat mei kening Kniva in ûnfoardielige frede, want dizze mocht alle bút hâlde en krige boppedat alle jierren in som jild fan de Romeinen. Hja koenen werom keare nei harren lân oan de oerside fan de Donau en hoechden allinnich ta te sizzen dat sy harren werhâlde soenen fan oanfallen op Romeinsk grûngebiet.
Neffens de Romeinske skiedskriuwer Ammianus Marsellinus wie de delsach fan Desius fergelykber mei de nederlaach dy't Farus oprûn tidens de Farusslach eartiids.
Boarnen
bewurkje seksje- Ammianus Marsellinus
- Zosimus
- Laktantius, De Mortibus Persecutorum