Laktantius (Latyn: Lucius Caelius (of Caecilius?) Firmianus Lactantius) om-ende-by 250 - 325) wie in ier kristlike skriuwer dy't út de Romeinske provinsje Afrika kaam en in tsjinstanner fan de heidenske wiisbegearte wie. Hy wurdt beskôge as de kristlike Sisero.

 
It begjin fan Laktantius syn Divinae institutiones
(yn in manuskript út 1420–1430 fan Guglielmino Tanaglia)
  • Divinae Institutiones ("Godlike ûnderwizings");
  • Epitome divinarum institutionum ("Gearsetting fan de godlike ûnderwizings");
  • De opificio Dei ("Oer de wurken fan God");
  • De mortibus persecutorum ("Oer de dea fan de ferfolgers"), beskriuwing fan de libbens- en lijensskiednis en dea fan in oantal Romeinske keizers dy't doedertiids beskôge waarden as warbere ferfolgers fan de kristenen;
  • De ira Dei ("Oer lilkens fan God").