Fritigern (335380) wie in Fisigoatysk foaroanman dy't syn folk yn de 4e iuw it Romeinske Ryk binnenbrocht hat. As kriichsoanfierder helle hy in tal militêre oerwinnings op de Romeinen, wêrûnder it wichtige gefjocht yn de slach by Adrianopel dy't it begjin fan de delgong fan it Romeinske ryk op gong brocht.

Fritigern waard om 335 hinne berne doe't de Fisigoaten noch yn de eardere Romeinske provinsje Daasje wennen. Hy kaam út in foarnaam laach en neffens de skreaune boarnen dy't oer him optekene binne wie hy rivaal fan kening Atanarik. Lykwols hie Fritigern by de Romeinen de foarkar omdat hy itselde kristlike leauwen oanhong as keizer Falens, nammentlik it Arianisme.

De striid om it Keningskip

bewurkje seksje

Yn 367 kaam er mei in part fan it Fisigoatyske folk yn opstân tsjin Atanarik en fierde in twa jier duorjende striid om de macht, dy't einige mei in nederlaach. Hy waard troch Atanarik op de flecht jage en koe yn 368 by de Romeinen in goed hinnekommen fine.

Doe't de Hunnen yn 376 it gebiet fan de Fisigoaten ynfoelen en kening Atanarik ferneatigjend ferslein waard, sette Fritigern alles yn it wurk om foar syn folk tastimming te krijen harren yn it Romeinske Ryk te fêstigjen. Yn ruil foar militêre tsjinsten gong keizer Falens dêrmei akkoard. De Romeinen holpen de Fisigoaten de Donau oer te stekken en joegen tastimming harren te fêstigjen yn Moesje. Dôchs stieken ek in soad oanhingjers fan Atanarik de rivier oer, dy't it gesach fan Fritigern net akseptearren.

Opstân tsjin de Romeinen

bewurkje seksje

De yntegraasje yn it Romeinske Ryk ferrûn lykwols net sa goed. De Fisigoaten hienen oan alles tekoart en dêr kaam by dat sy troch de Romeinske lânfâd striemin behannele waarden. Der ûntstie rebûlje dy't ta in opstân late soe doe't it Fisigoatyske fersyk om help net troch de Romeinen beantwurde waard. Fritgern seach gjin oare útwei as te fjochtsjen en late syn folk yn de opstân. Al gauris foel hy de oangrinzende rykere provinsje Thraasje yn en stried tsjin de Romeinen yn de Slach fan de Wylgen dy't ûnbeslist einige. De krisis soe oanhâlde oant 378 en op 8 augustus datselde jier brocht Fritigern yn de Slach by Adrianopel de Romeinen ien fan harren grutste nederlagen ta yn de skiednis.

De oerwinning fan Fritigern late der ta dat de Fisigoaten oer de hiele Balkan de kontrole hâlden. Omdat syn leger net oer de krêft beskikte om de haadstêd fan de Romeinen yn te nimmen, beheinden de Fisigoaten har ta it plonderjen fan Grikelân mei ynbegryp fan de stêden. Lang om let, neidat Teodosius I keizer wurden wie, waard Fritigern twongen om yn 380 in ferdrach mei de Romeinen te sluten. Likernôch hâlde hy de kontrole oer in grut part fan it Romeinske gebiet.

In jier letter, doe Fritigern troch it grutste part fan syn folk as harren kening beskôge waard, kaam hy te ferstjerren. Hy waard troch syn rivaal Atanarik opfolge.

Literatuerferwizing

bewurkje seksje
  • Hermann Schreiber, De Goten, Vorsten en vazallen, Amsterdam 1979.