Atanarik
Atanarik (Latyn: Athanaricus) († 25 jannewaris 381) wie in foaroanman by de Fisigoaten (Tervingy). Tusken likernôch 355[1] oant 380 hie er it bewâld oer in gebiet yn Walachije en Bessaraabje. Hy stiet bekend as in ûntwikkelt foarst dy't yn de skriftlike boarnen fan dy tiid kening en rjochter neamd waard. Hy fierde kriich tsjin de Romeinen en ferfolge de kristenen ûnder syn folk.
Kening of Rjochter
bewurkje seksjeDe beneaming fan rjochter dy't de Romeinen foar Atanarik brûkten is neffens de Eastenrykske histoarikus H. Schreiber stuolke op in fersin. [2] It Goatyske wurd foar kening thiudan hearde de Romeinen nammentlik as iudex (Latynsk foar rjuchter) yn de earen. By wize fan fersin hawwe sy de titel kening mei rjuchter ferwiksele. It inkele feit dat Atanarik neffens de Romeinen de titel fan rex ôfwiisde krige dêrtroch ek in logyske ferklearring. Hy woe net "rex" neamd wurde, it Romeinske wurdt foar kening, mar gewoan "thiudan".
Kriich mei Rome
bewurkje seksjeAtanarik wurdt yn de skiednis foar it earst neamd yn 365. Dat jier docht syn folk, de Fisigoaten, in ynfal yn it Romeinske Ryk besuden fan de Donau-grins. Legeroanfierder Prokopius waard der troch keizer Falens op útstjoerd om de Goaten fuort te jeien. Lykwols lit Prokopius him ta keizer útroppe en slút er in ferdrach mei de Goaten. Atanarik wie yn dy tiid wurdfierder fan de Goatyske lieders. Hy stjoerd goed 3.000 Goaten foar stipe nei Prokopius ta, mar at dy yn Konstantinopel arrivearje, docht bliken dat de usurpator al troch de Romeinen terjochtsteld wie. De Goaten stypje in oare usurpator Marsellus dy't him ta (tsjin)keizer útroppe lit, mar at dy ek stjert of ôftrêde moat lûke de Goaten harren tebek. Troch de troepen fan Falens wurde sy ynhelle en yn ferskate Trasyske stêden finzen set. Atanarik easket harren frijheid, mar dat bart net.
Keizer Falens riede in grutte strafekspedysje tsjin de Goaten ta fanwege harren stipe oan Prokopius. Yn 367 stutsen syn troepen de rivier de Donau oer en krongen it Goatyske gebiet yn. Atanarik gong mei syn troepen de Romeinen út de wei, sadat de Romeinen yn Walachije fernielings oanbrochten. Ek yn de jierren dêrnei gie de kriich mei tuskenskoften troch. Yn 369 mûne dat út yn in grutte fjildslach yn Bessaraabje tusken Romeinen en Goaten dêr't it heale leger fan Atanarik by belutsen wie. De slach waard ferlern toch Atanarik mar dy koe him sa tebeklûke dat de ferliezen beheind bleaune. Yn septimber slute Falens en Atanarik frede. De frede waard ûndertekene op in skip op de Donau. De Goaten ûnthjitten de Romeinen it ryk net langer yn te kommen en behâlde harren status fan 'foederati' en 'amici' (freonen) fan it Romeinske Ryk. De hannel tusken de twa steaten waard beheine ta twa grinsposten.
Kristenferfolging 369-372
bewurkje seksjeNeidat er frede sletten hie, en er de oerienkomst tekene hie, koe Atanarik wer mei ynlânske problemen oan 'e gong. Tusken 369 en 372 kaam it ta in grutte kristenferfolging by de Goaten. It kristendom, (sawol it katolisisme as it arianisme), makke yn de 4e iuw opgong by de Goaten. Dat wie foaral te tankjen oan it eardere missy-wurk troch Wulfila. Foar Atanarik, in oertsjûge heiden, wie it kristendom net allinnich in bedriging foar de stamgoaden, mar kristenen waarden troch him ek sjoen as temûke hantlangers fan de Romeinen. Al earder wie by de Goaten tsjin kristenen optreden. Eardere kristenferfolgings barden (mooglik laat fan Atanarik syn heit) al om 348 hinne. In groep Goatyske kristenen (sa ek Ulfila) libbe sûnt yn de Romeinske provinsje Moesia (de Gothi minores). Eltse stam moast in ôfgodsbyld sintraal stelle en eltsenien moast dêroan offerje. Wa't wegere moast deadien wurde.
Fritigern
bewurkje seksjeIn Goatyske prins, Fritigern, woe de macht fan Atnarik oernimme. Hy naam kontakt op mei keizer Falens, en krige dy syn stipe foar it ûnthjit om him ta it (ariaansk) kristendom te bekearjen. Tusken 372 en 376 wie der striid tusken oanhingers fan Atanarik en dy fan Fritigern.
De Hunnen
bewurkje seksjeAt de Hunnen yn 376 as de in ynfal dogge yn it lân fan de Goaten, nimt Atanarik it befel op him fan it feriene Goatyske leger. De Greutingy, dy't eastlik fan de Tervingy wennen, wiene troch de Hunnen ferslein en westwerts flechte it gebiet fan de Tervingy yn. Atanarik nimt stelling oan de swette, de rivier de Dnjepr. Dêr foelen de Hunnen de Goaten by ferrassing oan, en lykas tsjin Falens ferlear Atanarik de fjildslach, mar koe wol in goed hinnekommen fine sûnder al te grutte ferliezen. Fierder nei it easten set Atanarik útein mei de bou fan in nije ferdigeningsliny, mar as de Hunnen dêr oankomme wurdt hy op 'e nij ferslein.
De oare Goatyske kening Fritigern stelt dan út om by it Romeinske Ryk oan te sluten. It grutste part fan de Tervingy giet akkoard my syn foarstel, en tegearre mei Alavif lutsen sy nei de Donau. Hun groep vormt wat later bekend staat als de Fisigoaten. Atanarik en syn manlju gienen nei krite mei de namme Gaukalân, faaks yn Transsylvaanje, en feroverje it op de Sarmaten. Yn 380 waard Atanarik troch syn eigen folk ferdreaun, nei alle gedachten op oanstichtsjen fan Fritigern. Hy flechtet nei Konstantinopel, dêr't keizer Teodosius I him wolkom hiet. Twa wiken letter lykwols, op 25 jannewaris 381, komt er te ferstjerren. Hy waard foarstlik te hôf brocht troch de keizer.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Literatuer:
Primêre boarne: Fuotnoat: |