Fangionen
De Fangionen (of Vangiones) wienen in Germaanske stam. Sy hearden faaks oarspronlik by it stamferbân fan de Germaanske Sueben. Yn 71 f.Kr. lutsen hja mei Ariovistus de Ryn oer en festigen har yn de omkriten fan de stêd Worms fan hjoedendei.
De Romeinen neamden dy krite civitas Vangionum en oant yn de 16e iuw neamden de ynwenners fan Worms harren noch Fangionen.

De namme foar de omkriten fan Worms - Wonnegau (fan Wangengau) - is fan dy namme ôflaat.
Germanen of Kelten Bewurkje
Hoewol't Julius Caesar de sân stammen dy't yn de slach oan de Ryn belutsen wienen as Germanen oantsjutte en njonken de Fangionen yn syn kriichsferslach noch de Haruden, Markomannen, Nemeten, Sedusjers, Sueben en Triboken neamd, sille in pear stammen wierskynlik fan Keltyske oarsprong west hawwe dy't yn de oanswettende kriten fan it Fanioansk stamgebiet oan de Ryn wenne hawwe. Sa kin it wêze dat ek de Fangionen fan Keltysk komôf west hawwe.
Literatuer Bewurkje
- R, Häussler: The Romanisation of the Civitas Vangionum. Yn: Bulletin of the Institute of Archaeology 15, 1993 (1994), s. 41-104
- H. Cüppers: Die Römer in Rheinland-Pfalz. Stuttgart 1990
- M. Grünewald: Die Römer in Worms. Worms 1986
- G. Wiesenthal: Das Wormser Stadtgebiet in vor- und frühgeschichtlicher Zeit. Yn: Wormsgau 2.4: s. 220-33 (1939).
- R. Illert: Museum der Stadt Worms – Führer durch die Sammlungen im Andreasstift. Worms 1936.
Germaanske folken | feroarje |
---|---|
Allemannen · Ambroanen · Ampsivaren · Angelen · Angrivaarjers · Asdingen · Bajuwaren · Bataven · Boergonden · Bruktearen · Chasuarii · Dulgubnii · Fandalen · Fangionen · Fisigoaten · Fosy · Franken · Frisii · Gamaven . Gepiden · Goaten · Harii · Helisjers · Hermunduren · Herulen · Juten · Kananefaten · Kimbren · Kwaden · Lakringen · Langobarden · Lemovjers · Lugjers · Manimjers · Markomannen · Marobudui · Mattiakken · Naharvalen · Nemeten · Nervjers · Ostrogoaten · Rugjers · Saksen · Semnoanen · Silingen · Sitones · Sjamaven · Sjatten · Sjauken · Sjerusken · Skieren · Suëven · Sugambren · Suiones · Tenktearen · Teutoanen · Toksandrjers · Treveary · Triboken · Tubanten · Tudry · Ubjers · Usipeten · Volcae · Warnen |