De Bulgaren, Bulgaarsk българи, binne in Súdslavysk folk.[1][2][3] Yn Bulgarije foarme sy de mearderheid fan de befolking.

Skiednis bewurkje seksje

De namme Bulgaren waard yn 'e twadde ieu foar it earst neamd en ferwiisd nei in groep Turkske stammen dy't oan 'e rivier de Wolga wenje. Tsjintwurdich binne dizze stammen bekend as Protobulgaren. De namme it wierskynlik komt fan it Turkse wurd Bulgha, dat "sabel" ynhâldt, hokker foarwerp troch de groep as totemsymboal brûkt west hawwe soe. By it Grutte Folkeferfarren lûke guon fan de Protobulgaarske stammen yn de 4e iuw nei it westen, wylst oare stammen nei it suden ferfarre oant yn Armeenje. Yn de 6e iuw festigje inkele stammen har te noarden fan de Donau en wurde bûnsmaten fan it Byzantynske Ryk. Lykwols falle sy tegearre mei Slavyske stammen de Byzantinen oan en festigje ferskate kanaten op de Balkan. Asparoech is de bekendste foarst en wurdt sjoen as de stifter fan Bulgarije. In pear ieuwen nei de formaasje fan 'e steat, waarden de Protobulgaren troch de Slaven assimilearre. Yn de 10e iuw wurde de Bulgaren ûnder it keizerskip fan Basilius de Bulgarendeader troch de Byzantinen ûnderhearrich makke, mar yn de 12e iuw komme sy yn opstân en witte harren ûnôfhinklikens yn stân te hâlden oant en mei de 14e iuw, as harren keninkryk troch de Ottomanen oerweldige wurde.

Yn 1878 befrije de Bulgaren har fan it Ottomaanske jok en besykje in folslein Bulgaarske identiteit te ûntwikkeljen dy't ek Masedoanjers en de Slavyske bewenners fan de Traasje, Moesia en Dobrûdzja. Oant de Twadde Wrâldoarloch der wienen besikingen te foarmjen Grut-Bulgarije. De Masedoanjers hawwe dêrnei op harren eigen identiteit de klam lein.


 
Dit artikel is in stobbe oer folkekunde.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: