Masedoanjers (Slaven)
Masedoanjers (Masedoanysk: Македонци, Makedontsji) – ek wol Masedoanyske Slaven neamd in Súd-Slavyske etnyske groep dy't meastentiids assosjearre wurde mei de Republyk Masedoanje. Hja sprekke de Slavysk-Masedoanyske taal, in Súd-Slavyske taal. Goed trijkwart fan alle etnyske Slavyske Masedoanjers libje yn de eardere Joegoslavyske Republyk Masedoanje, lykwols bestean der ek yn oare lannen mienskippen.
Grykske Masedoanjers en Masedoanjers út de Aldheid
bewurkje seksjeDe etnysk Grykske bewenners fan Gryksk-Masedoanje neame harsels ek wol Masedoanjers. Dy lju moatte net mei Slavyske Masedoanjers betize wurde moat.
Yn de Aldheid hat der in folk west dy't ek mei de namme Masedoanjers oantsjutten wurde. Dat folk wenne yn it hjoeddeiske Masedoanje, it noarden fan Grikelân en Bulgarije en spruts in taal dat Masedoanysk neamd wurdt en mooglik nau besibbe wie oan de Grykske taal.
Bekende Masedoanjers
bewurkje seksje- Karolina Gočeva, sjongster
- Kaliopi, sjongster
- Goran Pandev, fuotballer
- Katarina Ivanovska, model