Noard-Masedoanje

(Trochferwiisd fan Masedoanje (lân))
Република Северна Македонија
Republika Severna Makedonija
Republika e Maqedonisë së Veriut
Flagge fan Noard-Masedoanje Wapen fan Noard-Masedoanje
Flagge Wapen
Lokaasje fan Noard-Masedoanje
Offisjele taal Masedoanysk, Albaneesk
Haadstêd Skopje
Steatsfoarm Republyk
Gebiet
% wetter
25.713 km²
1,9­%
Ynwenners (2003) 2.022.547
Munt Denar (MKD)
Tiidsône UTC +1
Nasjonale feestdei 2 augustus
Lânkoade MKD
Ynternet .mk
Tillefoan 389
Dizze side giet oer it lân Masedoanje. Foar oare betsjuttings, sjoch: Masedoanje (betsjuttingsside).

Noard-Masedoanje, yn 'e regel gewoan Masedoanje neamd, is in lân op de Balkan. De haadstêd is Skopje.

Noard-Masedoanje wurdt begrinzge troch:

 
Kaart fan Noard-Masedoanje

De Republyk Noard-Masedoanje is mar in part fan de gruttere regio Masedoanje. De rest leit foar in grut part yn Grikelân (likernôch de helte) en foar lytse parten yn Bulgarije en Albaanje.

It is meast rûch terrein, lizzend tusken de Šar en Rodopebergen dy't rûnom de fallei fan de Vardarrivier lizze. Oan de súdgrins mei Albaanje en Grikelân lizze trije grutte marren, de Orid Mar, de Prespa Mar en de Doiran Mar. Mear as in tredde fan it lân is beboske.

It gebiet is seismysk aktyf en der hawwe yn histoaryske tiden ferskate ierdbevings west, de meast resinte yn 1963 doe't Skopje bot skansearre waard troch in grutte ierdbeving.

Fierwei de grutste stêd fan de republyk is de haadstêd Skopje, mei in ynwennertal fan likernôch 600.000. Nei Skopje binne de grutste stêden Bitola, Kumanovo, Prilep en Tetovo mei ynwennertallen tusken de 50.000 en 12.000.

Oant novimber 1991 wie de republyk opdield yn 34 distrikten, hjirnei waard de bestjoerlike yndieling feroare ta 123 gemeenten (opštini), dy't yn augustus fan 2004 werombrocht waarden ta 84 gemeenten.

De wichtichste stêden yn Noard-Masedoanje binne:

De Republyk Noard-Masedoanje is ûntstien op 8 septimber 1991 nei in referendum oer de ûnôfhinklikheid fan it eardere Joegoslaavje, dêr't it in dielrepublyk fan foarme.

De namme Masedoanje leit gefoelich by it buorlân Grikelân om't de regio Masedoanje ek in grut part fan it noarden fan Grikelân omfiemet. Dêrom brûke de Feriene Naasjes en in pear standarisaasjeynstituten foar de republyk de oantsjutting Former Yugoslav Republic Of Macedonia (Eardere Joegoslavyske republyk fan Masedoanje), yn ôfkoarte foarm F.Y.R.O.M.. De measte lannen brûke yn it ynternasjonale ferkear no lykwols gewoan de namme fan it lân. De Griken neame it lân ienfâldichwei Skopje, nei de haadstêd.

De nije Republyk Masedoanje hie net folle te lijen fan de gefolgen fan de oarloggen troch it útienfallen fan Joegoslaavje. Dat feroare doe't yn 1998 it ekstreem-nasjonalistyske ortodokse regear ûnder premier Gregoriefski oan de macht kaam, en der ek noch oarloch útbruts yn Kosovo. In protte etnyske Albanezen flechten fuort út Kosovo, en in part derfân kaam nei Masedoanje, dêr't al in etnysk-Albaneeske minderheid wenne. De Albanezen yn Masedoanje, organisearre yn de UCK-M, stribben nei unôfhinklikens. Dit late yn 2001 ta in koarte mar fûle striid tusken etnyske Albanezen en it Masedonyske regearingsleger. Dit einige dermei dat in ynterfinsjemacht fan de NAFO nei it gebiet stjoerd waard en dat it regear tasei dat de Albaneeske minderheid mear te sizzen krije soe. Noard-Masedoanje is sûnt 27 maart 2020 lid fan de NAFO.

Etnyske groepen

bewurkje seksje

Yn it lêste grutte folksûndersyk beskôge 1.300.000 miljoen minsken har as etnyske Masedoanjers. Hja binne mei 64.2% de grutste etnisiteit yn it lân. Likernôch in heal miljoen minsken binne Albanezen. Hja wenje yn it noardwesten fan it lân en fertsjintwurdigje 25,2% fan alle ynwenners fan Masedoanje. Oare minderheden binne Turken (78.000 of 3.9%), Roma (54.000 of 2.7%), Serven (36.000 of 1.8%) en Aroemenen ek wol Flachs neamd (9695 of 0.4%). 2.5% hat in oare nasjonaliteit, of is fan in oare minderheid.

De offisjele taal fan Masedoanje is it Masedoanysk, dat yn Bulgarije troch guon as in dialekt of fariant fan it Bulgaarsk beskôge wurdt.

Yn de westlike gebieten (oan de grins fan Albaanje) dêr't mear as 30% fan de befolking fan Albaneeske slach is, is it Albaneesk njonken it Masedoanysk offisjele taal. Fierders praat meastepart fan de minsken it Servysk, om't Masedoanje eartiids ûnderdiel wie fan Joegoslaavje en sprekke op guon lokaasjes Turksk en Romany.

It grutste part fan de befolking (64.7%) heart by de Masedoanyske Ortodokse Tsjerke. Moslims foarmje 33.3% fan de befolking.

It wichtichste part fan 'e Masedoanyske ekonomy leit yn de yndustry, op it stuit net goed ûntwikkele mar wol waaksjend. De oerheid hat oerienkomsten mei it YMF (Ynternasjonale Monetêre Fûns) en de Wrâldbank. Nei de ein fan de Grykske boykot 1995 is de ekonomy woeksen, mar noch hieltyd mei in 38% wurkleazens. Oannommen wurdt, dat in grut part fan 'e wurkleazen op 'e grize merke oan it wurk is.

It konflikt om Kosovo soarge foar in slimme ekonomyske krisis.

Jeropeeske Uny  
Lidsteaten:
BelgjeBulgarijeDenemarkDútslânEastenrykEstlânFinlânFrankrykGrikelânHongarijeIerlânItaaljeKroaasjeLetlânLitouwenLúksemboarchMaltaNederlânPoalenPortegalRoemeenjeSyprusSloveenjeSlowakijeSpanjeSwedenTsjechje
Ultraperifeare regio's:
Frankryk: Frânsk-GuyanaGûadelûpMajotMartinykRéunionSint-Marten
Portegal: AzoarenMadeara
Spanje: Kanaryske Eilannen
Kandidaat-lidsteaten:
AlbaanjeBosnjeGeorgjeMoldaavjeMontenegroNoard-MasedoanjeOekraïneServjeTurkije
  ·   ·