Ultraperifeare regio

In Ultraperifeare regio of ultraperifear gebiet is in gebietsdiel fan in lidsteat fan de Jeropeeske Uny dêr't de wetjouwing fan de Jeropeeske Uny wol fan tapassing is mar de tapassing fan de wetjouwing is troch de grutte ôfstân mei de Jeropeeske Uny beheind. Ultraperifeare regio's hearre wol by de Jeropeeske Uny, oars as lannen en gebieten oersees.

Ultraperifeare regio's

Der binne sân ultraperifeare regio's (UPR): Guadelûp, Frânsk Guyana, Martinyk, Mayotte en Réunion (5 gebieten fan Frankryk oersee), Saint-Martin , de Kanaryske Eilannen, Ceuta en Melilla (dy hearre by Spanje), en de Azoaren en Madeira (dy hearre by Portugal).