Oriïnt Ekspres

(Trochferwiisd fan Oriïntekspres)

De Oriïnt Ekspres is de namme fan in ferneamde lúksetrein fan de Compagnie Internationale des Wagons-Lits (CIWL) dy’t fan Parys (mei oansluting op de trein fan Londen) nei Istanbûl ried. De rûte fan de trein is mear as ien kear wizige.

In advertinsje fan de Oriïnt Ekspres.

Op it heden rydt de trein net mear fan Parys nei Istanbûl. In trein hat oant 8 juny 2007 noch wol tusken Parys en Wenen riden, mar is dêrnei ophâlden. No rydt der in trein mei de Oriïnt Ekspres as namme tusken Straasburch en Wenen. De trein giet alle dagen om 22.20 oere fuort, krekt nei de oankomst fan de LGV Est út Parys. De trein wurdt yn Karslrûhe oan de nachttrein fan Amsterdam nei Wenen fêstmakke.

Dêrneist wurde ûnder de namme Oriïnt Ekspres spesjale nostalgyske ritten organisearre.

 
De earste Oriïnt Ekspres yn 1883

De Oriïnt Ekspres is de ferfolling fan de dream fan Georges Nagelmackers om ynternasjonale treinreizen yn Jeropa mooglik te meitsjen. Nagelmackers wie op it plan kaam op in reis yn de Feriene Steaten, wêr’t hy oer sokke reizen te witten kaam. De Oriïnt Ekspres wie de earste en ek de wichtichste ynternasjonale trein dy’t troch de CIWL riden waard.

De treinferbining begûn as in demonstraasjeprojekt om sjen te litten hoe folle hurder en komfortabeler ynternasjonale treinreizen wêze koene at jo de reis net hieltiten stopje moasten om te iten, te sliepen, oer te stappen tusken ferskate maatskippijen en foar grinsoergongen (it soe noch wol efkes duorje foardat de ôfhanneling fan de paspoarten regele wie). Der waard mei in trein riden dy’t as in hotel op tsjillen, mei slieprydtúgen en in restauraasjewein.

Nagelmackers hat al syn diplomatike keunsten ynsette moatten om de ûnderhannelingen oer it projekt mei de nasjonale regearingen en spoarweimaatskippijen ta in goed ein te bringen. Hy koe hjirby gebrûk meitsje fan it relaasjenetwurk fan it bankiershûs fan syn famylje, dy’t ûnder oare de Belgyske kening oan finansjele middelen foar syn lúkse libbensstyl holp. Foardat de trein yn gebrûk naam wurde koe moasten detaillearre ôfspraken makke wurde mei mear as ien spoarweimaatskippij. De rydtugen waarden troch de CIWL levere, de lokomotiven troch de besibbe maatskippijen.

Om de Oriïnt Ekspress begripe te kinnen, moatte wy yn gedachten hâlde dat de grinzen en de politike situaasje yn it Jeropa fan 1870 der heul oars útseagen as no. Grut-Brittanje wie it machtichste lân en de liedende hannelnaasje op de wrâld, mar sûnder ambysjes op it Jeropeeske kontinint. Dêr wienen Frankryk, it Habsburchske Ryk (Eastenryk-Hongarije) en it Ottomaanske Ryk de grutmachten. Prusen wie in opkommende naasje dy’t noch net foar fol oansjoen waard. Nagelmackers gie de haadstêden fan Grut-Brittanje (Londen), Frankryk (Parys), Eastenryk-Hongarije (Wenen) en it Ottomaanske Ryk (Istanbûl) mei elkoar ferbine en hie dus in gigantysk projekt fan grutte politike wearde.

Yn de likernôch hûndert jier dat de Oriïnt Ekspres riden hat is yn Jeropa in protte bard. De Oriïnt Ekspres hat hjirby in wichtige rol spile, as ferbining om steatshaden, diplomaten en spionnen (tegearre mei keunstners en bohemen) tusken de haadstêden te ferfieren, mar ek as slachtoffer fan oanslaggen of trochdat de tsjinst as gefolch fan oarloch stillein wurde moast. De trein ried troch de ynstabile Balkan, wêr’t de ortodoks-kristlike befolking ôfwikseljend troch it islamityske Ottomaanske Ryk en it roomsk-katolike Habsburchske Ryk ûnderdrukt wie en foar harren frijheid focht. Dizze politike situaasje en it aventoer fan in reis dy’t nea hielendal wis wie joegen de trein syn rom, wêryn ek de ferskate boeken oan bydroegen hawwe, wêrûnder boeken as Sherlock Holmes en Agatha Christie’s Moard yn de Oriïnt Ekspres.

 
De belle fan de Oriïnt Ekspres yn Istanbûl.

Op 10 oktober 1882 liet Nagelmackers in earste proeftrein ride fan Parys nei Wenen, oer Strjitsboarch en München. Nagelmackers nûge minsken út foar de trip fan 2.000 kilometer op syn Train Eclair de Luxe (Lúkse Wjerlocht Trein). De trein sette ôf om 18:30 oere út Parys wei, de dei dêrnei om 23:20 kaam de trein oan yn Wenen. De weromreis waard begûn op 13 oktober 1882, om 16:40 oere en kaam om 20:00 oere de dei dêrnei oan yn Parys.

De Oriïnt Ekspres giet los

bewurkje seksje

Doe’t de echte Oriïnt Ekspres in jier letter fan start gie wie de spoarferbining nei Istanbûl noch net klear. As oare opsje stjoerde Nagelmackers de trein oer Múnchen, Wenen en Bûdapest nei de Roemeenske stêd Giurgiu, wêr't de reizgers oerstappe moasten op in fearboat oer de Donau. Dy farde nei Russe wêr't in twadde trein klear stie dy’t de minsken nei de Bulgaarske havenstêd Varna brocht. Fan dêr gie de reis troch mei de boat nei Istanbûl. De trein waard offisjeel ynwijd op 4 oktober 1883, doe’t de trein al in skofte ried. De trein luts om 19:30 oere út Parys mei oan board heechpleatste genoadigden, sjoernalisten en fansels Georges Nagelmackers sels. De reis duorre doe 76 oeren. Fan 1889 ôf koe de trein syn einsbestimming oer lân helje.

As gefolch op de Oriïnt Ekspres hat de CIWL in netwurk fan ynternasjonale treinen, sliepweinen en restauraasjeweinen opset dat heul Jeropa oerspande en fertakkingen hie oant fier dêrbûten. It hat de regel set foar ynternasjonale treinen en ynternasjonale reizen tige makliker makke. Pas yn de twadde helte fan de 20e iuw rekke it systeem efterhelle troch it fleantúch.

Yn de James Bond-film From Russia with Love (út 1962) seagen we Bond op de hinnereis in Boeing 707 fan PanAm brûken, op de weromreis naam hy de Oriïnt Ekspres fan CIWL. Hjirmei markearre dizze film goed de omslach tusken de twa ferfiermanearen.

Skiednis fan de rûtes

bewurkje seksje
 
De ferskate rûtes fan de Oriïnt Ekspres troch de jierren hinne.

Lykas hjirboppe ek al diels behannele is, hat de Oriïnt Ekspres ferskate rûtes folge op syn reis nei Istanbûl.

Op 5 juny 1883 gie de earste Express d’Orient (yn 1891 waard de namme feroare nei Oriïnt Ekspres) op paad fan Parys nei Wenen. Oant 4 oktober fan dat jier bleau Wenen ek de einbestimming.

Nei dizze rûte oant Wenen begûn de earder al behannele rûte oer Bûdapest en Varna en dan mei de boat nei Istanbûl. Wêrnei't yn 1885 wer in oare rûte keazen waard. Dizze kear waard Istanbûl helle troch nei Wenen te reizgjen en dêrnei rjochting Belgrado en Niš nei Plovdiv en dan fierder nei Istanbûl.

Yn 1889, waard it eastlike einpunt fan de trein Varna yn Bulgarije, wêr't de minsken de boat nei Istanbûl nimme koenen. Op 1 juny 1889 gie de earste direkte trein nei Istanbûl. Dy stêd bleau it einpunt oant 19 maaie 1977. De trein ried doe nei it Sirkeci Stasjon by de Gouden Hoarn. In fearboat neist it stasjon soarge foar in fierdere reis, at minsken dat woenen, oer de Bosporus nei it Haydarpaşa stasjon, wat it einsbestimming wie fan de rûte fan de Aazjatyske rûtes fan de Ottomaanske spoarbedriuwen.

Mei de Earste Wrâldkriich yn 1914 waard de tsjinst stillein. Nei de kriich yn 1918 waard der wol wer begûn mei de Oriïnt Ekspres, mar yn it Ferdrach fan Versailles waard fêstlein dat lúksetreinen yn Dútslân troch de MITROPA riden wurde soene en net mear troch de CIWL. De CIWL wie twongen om in nije rûte te betinken foar de Oriïnt Ekspres, bûten Dútslân en Eastenryk om. Der waard in mear súdliker rûte fûn. Yn 1919 koe der troch de yn 1906 iepene Simplontunnel yn Switserlân riden wurde. Sa koe der in súdliker rûte riden wurde oer Milaan, Feneesje en Triëst. Dizze rûte waard bekend ûnder de namme Simplon Oriïnt Ekspres. It waard al gau de wichtichste rûte tusken Parys en Istanbûl.

De jierren ’30 fan de 20e iuw waarden it hichtepunt fan de Oriïnt Ekspres tsjinsten, mei trije ferskillende rûtes: de Oriïnt Ekspres, de Simplon Oriïnt Ekspres en ek de Arlberg Oriïnt Ekspres, dy’t oer Surch en Innsbruck nei Bûdapest yn Hongarije gie, mei in fierdere ferbining nei Bûkarest en Atene yn Grikelân. Yn dizze tiid krige de Oriïnt Ekspres syn reputaasje wat komfort en lúkse oangiet, mei slieprydtúgen, trochgeande betsjinning en in restaurant dy’t ferneamd waard om syn goede gerjochten. Pommeranten as keninklike famyljes, diplomaten, sakeminsken en de boargerij reizgen mei de treinen. Alle treinen rieden ek mei slieprydtúgen fan Kales ôf, wêrmei't de iene kant fan Jeropa mei de oare kant ferbûn wie.

It begjin fan de Twadde Wrâldkriich yn 1939 soarge foar in nije ûnderbrekking fan de treintsjinst, dy’t duorre oant 1945. Yn de oarloch liet it Dútske MITROPA sa no en dan in trein ride oer in rûte oer de Balkan, mar de partisanen sabotearren it spoar geregeld, wêrtroch de tsjinst wer stop setten waard.

Oan de ein fan de oarloch begûn alles wer, útsein de line nei Atene, wêr’t it tichtgean fan de grins tusken Joegoslaavje en Grikelân derfoar soarge dat de trein net fierder gean koe. De grins tusken de lannen gie wer iepen yn 1951, mar doe soarge de sluting fan de Bulgaarsk-Turkske grins yn 1951 en 1952 foar in situaasje wêryn de trein net nei Istanbûl ride koe. Mei de komst fan it Izeren Gerdyn yn Jeropa waard de tsjinst wol trochset, mar de kommunisten lieten de Wagon-Lits rydtugen hieltyd faker ferfange troch harren eigen rydtugen.

Yn 1962 wienen de Oriïnt Ekspres en de Arlberg Oriïnt Ekspres stoppe mei de tsjinsten, wêrtroch allinnich de Simplon Oriïnt Ekspres noch oerbleau. Dizze waard yn 1962 ferfong troch de stadiger tsjinst de Direkt Oriïnt Ekspres. Dy trein ried deistich fan Parys nei Belgrado, en twa kear yn de wike fan Parys nei Istanbûl en Atene.

 
It einstasjon fan de Oriïnt Ekspres yn Istanbûl.

Yn 1971 stoppe Wagon-Lits mei de tsjinsten en it ferkeapjen fan kaartsjes foar de trein. Ynstee dêrfan ferkocht en ferhierde it bedriuw de rydtugen oan de nasjonale spoarweibedriuwen, mar it bleau al minsken leverjen foar de rydtugen. Yn 1976 waard der opholden mei de direkte ferbining tusken Parys en Atene. En in jier letter yn 1977 wie it ek dien mei de Direkt Oriïnt Ekspres, de lêste Parys-Istanbûl tsjinst waard op 19 maaie fan dat jier riden.

Mei it weromlûken fan de Direkt Oriïnt Ekspres-tsjinsten waard der tocht dat dit de ein wêze soe fan de Oriïnt Ekspres, mar in tsjinst ûnder deselde namme bleau trochgean fan Parys nei Bûdapest en Bûkarest (oer Straasburch en Múnchen). Dit waard trochset oant 2001, doe’t de tsjinst ynkoarten waard nei Parys-Wenen. Dizze ferzje fan de Oriïnt Ekspres waard oant 8 juny 2007 riden, mar mei de komst fan de LGV fan Parys nei Straasburch op 10 juny 2007 waard de Oriïnt Ekspres fierder ynkoarte. Under deselde namme giet de trein alle dagen om 22:20 oere út Straasburch wei.

  • 1882: De earste testrit fan Parys nei Wenen.
  • 1883: De earste Oriïnt Ekspres fan Parys nei Varna.
  • 1889: De earste Oriïnt Ekspres fan Parys nei Istanbûl
  • 1891: De Oriïnt Ekspres wurdt mannichfâldich plondere.
  • 1892: Yn de trein brekt in golera-epidemy út.
  • 1906: De iepening fan de Simplontunnel yn Switserlân.
  • 1914: De Oriïnt Ekspres wurdt stillein troch it útbrekken fan de Earste Wrâldkriich.
  • 1919: De Oriïnt Ekspres giet wer los.
  • 1924: De Arlberg-Oriïnt Ekspres rydt foar de earste kear.
  • 1929: De Oriïnt Ekspres wurdt yn Turkije fiif dagen stillein. Dit ynspirearret Agatha Christie ta it skriuwen fan de roman Moard yn de Oriínt Ekspres.
  • 1931: In terroristyske oerfal mei in deadlik slachtoffer.
  • 1939: Mei it útbrekken fan de Twadde Wrâldkriich wurdt de tsjinst wer stillein.
  • Foar 1962: De Oriïnt Ekspres en de Arlberg Oriïnt Ekspres wurde stopset, allinnich de Simplon Oriïnt Ekspres bliuwt noch oer.
  • 1962: De Simplon Oriïnt Ekspres wurdt ferfong troch in langsumere ferbining mei de namme Direkt Oriïnt Ekspres, dy’t allinnich deistich ryd fan Kalais nei Bûdapest en fan Parys nei Belgrado, en twa kear yn de wike fan Parys nei Istanbûl en Atene.
  • 1971: Wagon-Lits stoppet mei it sels riden fan de treinen (en it ferkeapje fan kaartsjes). Ynstee dêfan ferkeapet en ferhiert it bedriuw al syn rydtugen oan de ferskate nasjonale spoarweibedriuwen, mar it bliuwt wol minsken leverjen foar de rydtúgen.
  • 1976: De direkte ferbining tusken Parys en Atene wurdt stopsetten.
  • 1977: De Direkt Oriïnt Ekspres wurdt stopsetten. De lêste rit fan Parys nei Istanbûl wurdt op 19 maaie riden. In trein ûnder de namme Oriïnt Ekspres bliuwt wol riden fan Parys nei Bûdapest en Bûkarest.
  • 2001: De ferbining wurdt ynkoarte ta Parys nei Wenen as it treinstel 262/263.
  • 2007: Troch de komst fan de LGV Est tusken Parys en Strjitsboarch wurdt de ferbining op 10 juny 2007 noch fierder ynkoarte ta Strjitsboarch – Wenen. De Oriïnt Ekspres rydt deistich op dizze rûte as koersweinen mei de nûmers 264/265 dy’t yn Karlsrûhe oan de nachttrein út Amsterdam fêstmakke wurdt.
  • 2008: Sûnt desimber 2008 rydt de trein wer as selsstannich treinstel 468/469.
 
De keamer dêr't Agathe Christie har boek Moard yn de Oriïnt Ekspres skreaun

Troch de rom fan de treinstjinst hawwe ferskate boekeskriuwers en filmmakkers gebrûk makke fan de Oriïnt Ekspres. Agatha Christie skreaun it boek Murder on the Orient Express, dat letter ek ferfilme waard. In oar boek is dat fan Graham Greene, de Stamboul Train, ek dit boek is letter ferfilme.

Yn de James Bond-film From Russia with Love wurdt reizge op de trein. Neist de James Bond film komt de Oriïnt Ekspres werom yn tal fan oare films, wêrûnder Around the world yn 80 days, 102 Dalmaasjers en Death, Deceit and Destiny Aboard the Orient Express.

Ek op telefyzje, yn de muzyk en yn (kompjûter)spultsjes wurdt gebrûk makke fan de Oriïnt Ekspres.

Keppelings om utens

bewurkje seksje