Innsbruck is in 800 jier âlde stêd yn it súdwesten fan Eastenryk en is de haadstêd fan de dielsteat Tiroal. It leit oan de rivier de Inn en is in populêre wintersportbestimming. It is ek tige populêr foar de simmerfakânsjes. Innsbruck hat de status fan in statutêre stêd en hie op 1 jannewaris 2016 130.894 ynwenners.

Innsbruck
Lizzing fan Innsbruck yn Eastenryk
Lizzing fan Innsbruck yn Eastenryk
Bestjoer
Lân Eastenryk
Dielsteat Tirol
Distrikt Innsbruck I
Sifers
Ynwennertal 130.894 (01-01-2016)
Oerflak 104.91 km²
Befolkingsticht. 1115,4 ynw/km²
Oar
Koördinaten
Wapen fan Innsbruck
It gouden dak yn de binnenstêd
De Hofburg

De brêge oer de Inn dêr't de stêd nei neamd is, makke fan Innsbruck yn de 12e iuw in wichtige halte yn de hannelsrûtes út Itaalje en Switserlân wei nei Dútslân. It hat in protte midsiuwske gebouwen, wêrûnder de Fransiskaanske Hofkirche en de Fürstenburg, in 15e-iuwsk kastiel mei it ferneamde balkon mei it gouden dak. Innsbruck is fierders ek in universiteitsstêd mei 40.000 studinten. In protte fan dy studinten komme út it bûtenlân, fral út Súd-Tirol en Dútslân. Sûnt 2004 binne der twa universiteiten yn de stêd, de Leopold-Franzens-Universität en de Medizinische Universität Innsbruck. Foar 2004 hearde dy lêste noch by de Leopold-Franzens-Universität.

It besjen wurdich

bewurkje seksje
  • Fürstenburg, in 15e-iuwsk kastiel mei it ferneamde balkon mei it gouden dak
  • Kaiserliche Hofburg
  • Hofkirche
  • Altes Landhaus
  • Altstadt, âlde binnenstêd
  • Annasäule
  • Helblinghaus
  • Maria-Theresien-Straße, haadstrjitte
  • Tiroler Landestheater Innsbruck
  • Triumphpforte
  • Bergiselschanze, ûntwurpen troch Zaha Hadid
  • Hungerburgbahn, ûntwurpen troch Zaha Hadid

Der binne likernôch tweintich musea yn Innsbruck, wêrûnder

  • Innsbrucker Riesenrundgemälde
  • Schloss Ambras
  • Tiroler Landesmuseum
  • Tiroler Folkskeunstmuseum
  • Stadtmuseum
  • Zeughaus
  • Tiroler MuseumsBahnen (Lokalbahn & Straßenbahnmuseum)
  • Tiroler Kaiserjägermuseum
  • Alpenvereinsmuseum
 
Maria Theresiastrasse

De Maria Theresienstrasse is ien fan de wichtichste winkelstrjitten.

Innsbruck is fral bekend fan de wintersport. De Olympyske Winterspullen binne twa kear yn Innsbruck hâlden, nammentlik yn 1964 en yn 1976.

De lokale iishokkyklup HC Innsbruck spilet yn de heechste Eastenrykske iishokkykompetysje. Innsbruck is de thúshaven fan FC Wacker Innsbruck mei it Stadion Tivoli Neu, dat útkomt yn de Bundesliga. It eardere FC Tirol Innsbruck wûn tsien kear de Eastenrykske lânstitel oant de klup fallyt gie yn 2002. It stadion Tivoli wie yn juny 2008 it spylplak foar guon wedstriden fan it Europeesk kampioenskip fuotbal 2008.

Ferkear en ferfier

bewurkje seksje

Innsbruck hat in stasjon, it Innsbruck Hauptbahnhof, dêr't treinferbinings út alle wynstreken wei gearkomme. Yn de stêd is ûnder oare in tram. Innsbruck is berikber fia de Inntal Autobahn en de Brenner Autobahn. De stêd hat in eigen fleanfjild.

Partnerstêden

bewurkje seksje
 
Freark III

Keppelings om utens

bewurkje seksje