Haadmenu iepenje

Tbilisi, histoarysk ek Tiflis (Georgysk: თბილისი), is de haadstêd fan Georgje. Eartiids stie de stêd bekind ûnder de (Turkske) namme Tyflis. De stêd beslacht in oerflak fan 350 km² en der wenje sa'n 1,4 miljoen minsken.

Tbilisi
თბილისი
Tbilisi sunset-6.jpg
Sifers
Ynwennertal 1.473.551 (2012)
Oerflak 726 km²
Befolkingstichtens 2000 km²
Polityk
Lân Georgje
Oar
Stifting 479
Tiidsône UTC +4
Koördinaten 41° 43' N, 44° 47' E
Webside www.tbilisi.gov.ge
Utsjoch oer Tbilisi fanôf it plak fan de David-Tsjerke, ± 1907-1915.

SkiednisBewurkje

Sûnt de 4de iuw foar Kristus is der minsklike bewenning op de lokaasje fan Tbilisi oan de rivier de Koera (Georgysk: Mtkvari). Yn de 5e iuw stifte kening Fachtang I Gorgazaly (452-502) Tbilisi. Neffens in leginde skeat de kening in pylk mei syn bôge en waard de stêd stifte op it plak dêr't de pylk delkaam. Tbilisi hat gauris beset west troch útlânske grutmachten lykas de Perzen, de Turken en de Arabieren. Yn 1122 feroveret de Georgyske kening David de Bouwer nei swiere gefjochten de stêd. Hy ferhuzet syn residinsje fan Kuta'isy nei Tbilisi en makket dêrfan de haadstêd. Fan 1783 ôf wurdt Tbilisi ferskate kearen ferneatige troch de Perzen. Yn 1801 anneksearret Ruslân de stêd. Nei de Russyske revolúsje wurdt it de haadstêd fan in ûnôfhinklik Georgje fan 1918 oant en mei 1921. Dan falt it Reade Leger de stêd binnen en wurdt it de haadstêd fan de Transkaukasyske Federaasje en letter fan de Sowjet Republyk Georgje. Yn 1991 waard Tbilisi haadstêd fan in ûnôfhinklik Georgje.

GebouwenBewurkje

Op de hegere plakken yn de stêd steane faak âlde tsjerken. De kommunisten hawwe ek in pear grutte gebouwen achterlitten lykas in tal unversiteits- en kultuergebouwen. Fanút de stêd binne hast altyd ien fan, of beide, 'paadwizende' bouwurken te sjen: de telefyzje-útstjoermêst en it stânbyld fan de 'Mem fan Kartly'.

BefolkingBewurkje

De grutste minderheid yn Tbilisi binne de 200.000 Armeenjers. Rûchwei de helte dêrfan binne ferdreaun út Abgaazje. Ek wenje der Russen, Osseten en Azery. De joadske minderheid skynt al mear as 2000 jier yn Georgje te wenjen. Ek binne der Koerdyske en Turkske mienskippen te finen.