Iishockey

(Trochferwiisd fan Iishokky)

Iishockey is in “balsport” mar de puck dêr't mei spile wurdt is net in rûne bal, mar in platte skiif fan rubber.

Iishockey

De spilers brûke in stik mei in frij grut plat flak. Wol is it blêd fan de stik in bytsje krom wêrtroch der presizer en hurder sketten wurde kin.

Montréal wurdt it meast neamd as it plak dêr’t hja mei iishockey begûn is, hoewol Kingston, Ontario en Halifax, Nova Scotia ek wol neamd wurdt as ûntsteanplak fan it iishockey.

spyltiid en spilers

bewurkje seksje

in iishockeywedstriid bestiet út trije saneamde perioaden fan elts 20 minuten. By bepaalde spulûnderbrekkingen wurdt dy tiid stopset. Iishockey wurdt spile troch twa teams. Neist de keeper meie beide teams 5 spilers tagelyk in it fjild stean ha. Hjirfan binne der twa ferdigeners en 3 oanfallers. Om’t iishockey in swiere sport is, mei er frijwol trochgeand wiksele wurde. Ek spilers dy’t earder wiksele binne kinne wer werom op it iis komme.

It spylfjild is in fjild fan likernôch 60 x 30 meter. It fjild, dat ôfrûne hoeken hat, wurdt ôfsletten troch in boerdrâne, fan 1.22 m heech. Op fjouwer meter ôfstân fan de koarte siden binne de doellinen, mei yn it midden dêrfan de goal. It spylflak tusken de doellinen is yn trije gelikense stikken ferdield troch twa 30 sm brede blauwe linen. Dêrnjonken wurdt it fjild ek noch troch in 30 sm brede reade line yn twa helten ferdield. It fak dat foarme wurdt troch in koarte side fan de boerdrâne en in blauwe line is it ferdigeningsfak fan it team dat yn dat fak oanwêzige doel ferdigenet. Foar de tsjinstanner is dit it oanfalsfak. It gebiet tusken de twa blauwe linen is it neutrale fak.

Iishockey is in rûge sport wêr mear kontakt tastien is dan by in protte oare sporten. Gelokkich binne der al in oantal rigels mei straffen om te soargjen dat it spul net út ‘e hân rint.

In straf by iishockey hjit in ‘penalty’. in penalty is in oantal strafminuten ôfhinklik fan de oertreding dy’t dien is.

  • Foar in lichte oertreding krijt in spiler in straftiid fan twa minuten.
  • By in swierdere oertreding wurdt in straf fan fiif minuten oplein oan it team wylst de spiler nei de kleiromte stjoerd wurdt,
  • Tidens in penalty hat it oare team in saneamde powerplay of man-mear-situaasje. Sadra it oare team tidens de powerplay skoart mei de bestrafte spiler werom komme op it iis, dat hjild net by in penalty fan 5 of 10 minuten.

Bekermjende klean

bewurkje seksje

De klean fan in iishockeyer besteane út:

  • Rompbeskermer - Dit is in keunststof beskermer fan hast it hiele boppeliif.
  • Wanten - Dit binne wanten fan tsjokke stof, dy't beskermet by fallerij.
  • Foetbeskermers - In foetbeskermer beskermet de fuotten en hat faak in hurde bûtenkant en in sêfte binnenkant.
  • Helm mei fizier - Wurdt makke fan keunststof en moat beskermje tsjin klappen op ’e holle, fan de pik of fan oare sporters.
  • Beskermjende broek - Dit is in broek dy’t makke is fan in tsjokke stof, dy't beskermet bij fallerij.

Iishockey yn Fryslân

bewurkje seksje

Nei de tastânkomming fan iisstadion Thialf (1967) waard iishockey yntrodusearre yn Fryslân, benammen troch de Haachske bruorren Freek en Frans Bijlsma dy't al foar 1966 by Hijs Hokij spile hienen. Se fûnen 40 entûsjaste learlingen en rjochten de klup Thialf op. Dizze spile yn 1967 foar it earst mei yn de twadde ôfdieling fan de nasjonaale kompetysje. Fiif jier letter kaam Thialf, steund troch 2000 - 4000 supporters yn de eareddifyzje. Wyls kamen, om de kwaliteit te ferheegjen mear en mear bûtenlânske (Kanadeeske) spilers op it Nederlânske iis. Ek Thialf luts krêften oan fan bûten, mar moast ûnderfine dat in diel fan it publyk ferdwûn. De belangstelling rûn werom en de grutter wurdende útjeften (der moast ûnder oare nei Brussel en Luik reizge wurde dy't yn deselde kompetysje meispilen) makken finansjele help needsaaklik. It bedriuw Peters en Jager waard yn it seizoen 1974/1975 sponsor. Letter waarden súksessen helle ûnder de namme Feenstra Flyers. Fryslân hat yn 2009 trije iishockeyklups wêrfan ien yn It Hearrenfean en twa yn Ljouwert trene. De Flyers út it Hearrenfean spylje yn de earedifyzje.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: