Zürich (stêd)

haadstêd fan it kanton Zürich, Switserlân
(Trochferwiisd fan Surch (Switserlân))

Zürich (Switserdútsk: Züri, Italjaansk: Zurigo, Retoromaansk: Turitg, Latyn: Turicum) is de grutste stêd fan Switserlân en is haadstêd fan it kanton Zürich. Zürich leit oan de rivier de Limmat en de Sihl, yn in brede delling oan de mar fan Zürich (Zürichsee). It gebiet wurdt al goed twatûzen jier bewenne. Zürich is it ekonomysk sintrum fan Switserlân. Alle wichtige banken hawwe dêr in festiging, de Switserske beurs sit der en teffens is it it hannelsplak foar goud yn de wrâld.

Zürich
Boppe: Zurich by nacht fan Üetliberg sjoen, Midslofts: Nasjonaal Museum, Midsrjochts: Switsersk Federaal Ynstitút fan Technology, Under: Sicht op Zurich en de mar.
Boppe: Zurich by nacht fan Üetliberg sjoen, Midslofts: Nasjonaal Museum, Midsrjochts: Switsersk Federaal Ynstitút fan Technology, Under: Sicht op Zurich en de mar.
Bestjoer
Lân Switserlân
Kanton Zürich
Distrikt Zürich
Sifers
Ynwennertal 433,989 (2023)
Oerflak 87,88 km²
Befolkingsticht. 4.936 / km²
Hichte 408 m
Oar
Koördinaten
Offisjele webside
Webside fan Zürich

Zürich is ferneamd as plak foar frijtinkers. Lenin hâlde der ta yn de tiid foar de revolúsje yn Ruslân, en it dadaïsme is der ûntstien. De Ierske skriuwer James Joyce en de Dútske Nobelpriiswinner Thomas Mann kamen yn Zürich te hôf. Op kultureel mêd binne der in soad museums, benammen it Kunsthaus hat in breed erkende samling.

Gebouwen fan belang binne it Grossmünster, it Kunsthaus Zürich, de ETH, de Universiteit en it Heidi Weber Haus fan de Switserske arsjitekt Le Corbusier.

Alle jierren, op de twadde sneon yn augustus, is dêr it grutte evenemint de Street Parade.

It besjen wurdich

bewurkje seksje

Berne yn Zürich

bewurkje seksje

Partnerstêden

bewurkje seksje