De Wasserkirche (Wettertsjerke) is in tsjerkegebou oan de rjochterkant fan de Limmat yn de binnenstêd fan de Switserske stêd Zürich.

Wasserkirche
bouwurk
lokaasje
lân Switserlân
kanton Zürich
plak Zürich
adres Limmatquai 31, 8001 Zürich
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1486
boustyl Gotyk
offisjele webside
Side tsjerklike gemeente

De namme hat te krijen mei de lokaasje fan de tsjerke, dy't eartiids op in lyts eilân yn de Limmat stie. Sûnt de oanlis fan de Limmatkaai grinzget de tsjerke noch oan ien kant oan it wetter fan de Limmat. Foar de reformaasje wie de tsjerke in wichtich plak foar pylgers fanwegen de ferearing fan de Züricher stedshilligen Feliks en Regula, dy't op dat plak de martlerdea stoaren.

Foar de reformaasje

bewurkje seksje
 
De Wasserkirche op in 15e-iuwsk alterpaneel fan Hans Leu de Aldere
 
Ynterieur

Ut argeologyske fynsten yn de krypte fan de tsjerke kin opmakke wurde dat it eilân al yn de romeinske tiid in religieuze betsjutting hie. Op it eilân soene dêr om it jier 300 hinne fanwegen harren bekearing ta it kristendom de lettere stedspatroanen Feliks en Regula nei in martelgong op in fjildstien ûnthalze wêze. De lichems stiene neffens de oerlevering lykwols nei de ûnthalzing wer op en rûnen mei harren holle sa'n 40 stappen fierder de heuvel op. Op dat plak waarden se begroeven en letter waard dêr de Grossmünster boud.

Om it jier 1000 hinne stie der in lytse romaanske tsjerke, dy't tegearre mei it Grossmünster en it Fraumünster in prossesjeas ta eare fan de stedspatroanen foarme. Wichtich plak fan ferearing yn de tsjerke wie de fjildstien, dêr't de twa hilligen op ûnthâlze waarden en hjoeddedei noch jimmeroan yn de krypte is te sjen.

Yn de 13e iuw waard de romaanke tsjerke yn goatyske styl ferboud, mar al yn 1477 naam de stedsried fan Zürich it beslút om de tsjerke hielendal ôf te brekken en yn in mear representative styl op te bouwen. Under lieding fan de boumaster Hans Felder ûntstie doe de tsjintwurdige letgoatyske bou, dy't yn 1486 ynwijd waard. It ynterieur waard beskildere mei fresko's, dêr't allinne mar fragminten fan bewarre bleaun binne. By de bou waard in boarne ûntdutsen dy't heilsum wêze soe en troch pylgers brûkt waard foar de genêzing fan syktes en kwalen.

Nei de reformaasje

bewurkje seksje
 
De tsjerke as stedsbibleteek

Mei de ynfiering fan de reformaasje yn Zürich waarden bylden, alters en it oargel út de tsjerke ferwidere, wylst de boarne tichtsmiten waard. It gebou rekke de tsjerklike funksje kwyt, waard brûkt foar opslach, krige tuskenflierren, wylst de smelle hege finsters ferdield waarden yn lytsere finsters. Under waard in oerdekte merk holden.

Yn 1634 krige de tsjerke as stedsbibleteek in nije funksje. De stêd liet yn 1717 de tuskenflierren wer ferwiderje en in barokke houten galerij oanbringe. De boarne waard yn 1791 wer foar it earst werom fûn. Mei de oanlis fan de Limmatkaai waard it wetter tusken it eilân en de stêd tichtsmiten. Mei de bou fan in nij ûnderkommen ferhûze de bibleteek yn 1917 út de Wasserkirche.

Tusken 1928 en 1940 fûn in renovaasje plak, wêrby't de tsjerke safolle mooglik yn de oarspronklike steat werom brocht waard. De finsters waarden yn de âlde steat werombrocht en it noardlik oanboude saneamde Wasserhaus waard ôfbrutsen. Ek de barokke houten galerijen gyngen nei de sloop. It koer krige trije nije brânbskildere ramen fan Augusto Giacometti en de tsjerke krige de oarspronklike funksje werom en wurdt hjoeddedei brûkt troch de herfoarme gemeente fan Zürich.

It oargel waard yn 1943 troch de firma Kuhn boud. It sleepladen-ynstrumint hat 28 registers op twa manualen en pedaal. De spyltraktueren binne mechanysk, de registertraktueren pneumatysk.

 
Krypte mei de fjildstien dêr't Feliks en Regula op ûnthalze wêze soene (Ein 15e iuw)

De krypte fan de yn de 10e iuw boude Wasserkirche wie as benedentsjerke om in fjildstien hinne boud. Dy stien waard fereard om't ôp dy stien de twa stedspatroanen ûnthalze wiene. Nei in ferbouwing fanwegen it ynkringen fan wetter en de fergrutting fan de tsjerke, wie de stien al gau allinne noch troch in skacht tagonklik. Fierder binne der yn de krypte noch grêven van aadlike lju út de 11e iuw.

Fanôf 1940 fûnen der foar it earst opgravings yn de krypte plak. Sûnt 1988 is de krypte wer foar it publyk tagonklik. Nij argeologysk ûndersyk fûn plak fan 2004 oant 2005. Yn 2006 waard de argeologyske útstalling yn de krypte op 'e nij iepene.

Huldrych Zwingli

bewurkje seksje

Bûten de tsjerke stiet by it koer in monumint ta eare fan Huldrych Zwingli. It troch de Eastenrykske byldhouwer Heinrich Natter makke monumint waard yn 1885 ûnthulle. Zwingli wurdt foarsteld as soldaat en reformator mei yn syn hannen it swurd en in Bibel. Ek op it plein is in plakette ta neitins fan de 75 froulju en fjouwer manlju dy't tusken 1478 en 1701 yn de stêd as heksen feroardiele waarden. Fan ôf dit plak waarden se, dat doe noch midden yn de Limmat lei, fêstset en martele ear't se ferbaarnd waarden.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Wasserkirche