From Russia with Love (film)

From Russia with Love is in Britsk-Amerikaanske Technicolor-spionaazjeskriller út 1963 ûnder rezjy fan Terence Young, mei yn 'e haadrollen Sean Connery as geheim agint James Bond en Daniela Bianchi as de Bond girl Tatjana Romanova. De titel betsjut "Ut Ruslân, mei Leafde". De film is basearre op 'e roman mei deselde namme út 1957 fan Ian Fleming.

From Russia with Love
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Terence Young
produsint Harry Saltzman
Albert R. Broccoli
senario Richard Maibaum
Johanna Harwood
basearre op de roman fan Ian Fleming
kamerarezjy Ted Moore
muzyk John Barry
filmstudio Eon Productions
distribúsje United Artists
spilers
haadrollen Sean Connery
Daniela Bianchi
byrollen Pedro Armendáriz
Robert Shaw
Lotte Lenya
skaaimerken
lân/lannen Feriene Keninkryk
Feriene Steaten
premiêre 10 oktober 1963
foarm langspylfilm
sjenre spionaazjeskriller
taal Ingelsk
spyltiid 115 minuten
budget en resultaten
budget $2 miljoen
opbringst $78 miljoen
prizen 1 × BAFTA
filmsearje
filmsearje James Bond
● foarich diel Dr. No
● folgjend diel Goldfinger

It ferhaal folget de Britske MI6-agint James Bond by in misje nei Istanbûl. Dêr moat er in wichtige kryptografyske kodearmasine yn ûntfangst nimme fan Tatjana Romanova, in meiwurkster fan it konsulaat fan 'e Sovjet-Uny dêre, dy't oerrinne wol nei it Westen. Underwilens mient Tatjana dat se dielnimt oan in kontraspionaazje-operaasje om Bond deryn rinne te litten. Wat se net witte is dat se beiden bespile wurde troch de kriminele organisaasje SPECTRE, dy't sels de kodearmasine bemachtigje wol.

From Russia with Love wie it twadde diel út 'e James Bond-filmsearje en folge as sadanich op Dr. No. It wie de earste James Bond-film wêryn't it personaazje Q foarkomt, de kertiermaster fan MI6 dy't Bond fan nije technologyske snufkes foarsjocht om syn wurk makliker te meitsjen. From Russia with Love krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy en wie in grut kommersjeel súkses yn 'e bioskopen. In folgjend diel yn 'e rige, Goldfinger, kaam út yn 1964.

Plot bewurkje seksje

De ynternasjonale kriminele organisaasje SPECTRE wol de Lektor, in wichtige kryptografyske kodearmasine fan 'e Sovjet-Uny, yn 'e hannen krije. Ien fan 'e aginten fan 'e organisaasje, de Tsjechoslowaakske skaker Kronsteen, betinkt in plan om twa miggen mei ien klap te slaan, troch tagelyk in Lektor te besetten en wraak te nimmen op 'e Britske MI6-agint James Bond, dy't earder op Jamaika dr. No, in foaroanman fan SPECTRE, útskeakele hat (sjoch: Dr. No).

Om it plan fan Kronsteen yn 'e praktyk te bringen, wurdt SPECTRE-aginte Rosa Klebb ynset, dy't oant koartby, foar har oerrinnen nei de kriminele organisaasje, by de Sovjet-kontraspionaazje wurke. Hja rekrutearret in meiwurkster fan it Sovjet-konsulaat yn it Turkske Istanbûl, in Tatjana Romanova, om Bond dêrhinne te lokjen troch MI6 in Lektor-kodearmasine oan te bieden. Tatjana ferkeart ûnder de yndruk dat Klebb noch altyd foar de Sovjet-Uny wurket, en se is har der sadwaande alhiel ûnbewust fan dat se troch SPECTRE brûkt wurdt. De Ierske slûpmoardner Donald Grant kriget de taak om Bond út 'e wei te romjen sadree't Tatjana him de Lektor oerlange hat.

Yn Londen kriget M, de sjef fan MI6, berjocht fan Ali Kerim Bey, it burohaad fan MI6 yn Istanbûl, dat Tatjana Romanova kontakt mei him opnommen hat en oanbean hat om MI6 yn ruil foar help by har oerrinnen nei it Westen in Lektor-kodearmasine ta te spyljen. Krekt sa't Kronsteen al foarsei, fermoedet M dat it om in fâle giet, mar kin er de ferlieding fan it bemachtigjen fan in Lektor net wjerstean en set er syn bêste man op 'e saak: James Bond. M warskôget him dat er him nei alle gedachten yn in mûklaach fan 'e Russen bejaan sil en dat er dêrom tige hoeden moat. Fan Q, de kertiermaster fan MI6, kriget Bond in diplomatekofferke mei, dêr't oan 'e bûtenkant in mês yn ferburgen sit en oan 'e binnenkant in ArmaLite AR-7-skerpskuttersgewear en fyftich gouden muntstikken. It is boppedat tarist mei in triengasgranaat, dy't ôfgiet as it ferkeard iepene wurdt.

Nei't er yn Istanbûl arrivearret, wurket Bond nau gear mei Ali Kerim Bey, yn tarieding op it kontakt mei Tatjana. Yn 'e stêd is de Kâlde Oarloch in fierhinne hoask barren wurden, werby't de Turken en de Bulgaren, dy't foar de Russen wurkje, besykje om inoar it libben net dreger te meitsjen as it hoecht te wêzen. Grant makket dêr in ein oan troch in Bulgaarske agint dy't Bond yn 'e gaten hâldt, te fermoardzjen. De Bulgaren miene logyskerwize dat Bond efter de moard sit, en fan gefolgen waarmet de Kâlde Oarloch op. Ali Kerim Bey ûntkomt mar nauwerneed oan 'e dea as de Bulgaren in bomoanslach op syn kantoar útfiere. De Britske aginten begripe mar net wêrom't de Bulgaren soks dogge, mar se litte har net op har kop sitte en nimme maatregels, wat oer en wer ta in eskalaasje fan geweld liedt.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

As Ali Kerim Bey Bond foar syn eigen feiligens ûnderbringt by in befreone groep Sigeuners, wurde se troch de Bulgaren dêrhinne folge. Dy jûns fiere de Bulgaren, oanfierd troch in âlde fijân fan Ali Kerim Bey, in Krilenku, in oanfal op it Sigeunerkamp út. Bond bejout him yn it hjitst fan 'e striid, en mei syn help witte de Sigeuners de oanfal ôf te slaan. Yn it fjoergefjocht rêdt de ferskûle opstelde Grant it libben fan Bond troch in Bulgaar del te sjitten dy't him fan efteren oanfalle sil, om't de hiele operaasje fan SPECTRE mislearje soe as Bond al yn dit stadium omkaam. De folgjende jûns geane Bond en Ali Kerim Bey efter Krilenku oan, dy't se by wize fan ferjilding mei Bond syn skerpskuttersgewear fermoardzje ear't er de stêd ûntflechtsje kin.

As Bond dy nachts weromkomt yn syn hotelkeamer, treft er dêr Tatjana yn syn bêd oan. Hja hat fan Klebb opdracht krigen om him te ferlieden, dat se wegeret om it oer de Lektor-masine te hawwen oant Bond seksuele omgong mei har hân hat. Hja binne har der allebeide folslein ûnbewust fan dat harren leafdesspul troch in pear SPECTRE-aginten filme wurdt fan efter in spegel dy't fan 'e oare kant ôf trochsichtich is. Letter stimt Tatjana dermei yn om Bond in plattegrûn fan it Sovjet-konsulaat te jaan, sadat se it plan om 'e Lektor-masine te stellen fierder útwurkje kinne. Dat plan folgjend, giet Bond (in dei earder as ôfsprutsen, om't er Tatjana net fertrout) it konsulaat yn, sabeare om in fisum oan te freegjen. Ali Kerim Bey lit yn in leechsteand wetterreservoir út 'e Aldheid, dat him ûnder it konsulaat befynt, in bom ôfgean, wat foar de ôflieding soarget dêr't Bond ferlet fan hat. Wylst de Russen alhiel oerémis it konsulaat ûntromje, fynt Bond Tatjana, dy't him nei de Lektor-masine ta liedt, in apparaat ter grutte fan in typmasine. Dêrmei ûnkomme se fia de ruïnes ûnder it konsulaat, wêrnei't se mei Ali Kerim Bey op 'e Oriïnt Ekspres nei it Westen stappe.

Troch ûngelokkich tafal wurdt Tatjana op it treinstasjon fan Istanbûl sjoen troch Benz, in Russyske KGB-agint, dy't har werom ken. Hoewol't er net wit wat der geande is, hat er wol foar it ferstân dat it gjin suvere kofje is en folget er harren troch op deselde trein te stappen. Ali Kerim Bey hat him lykwols al rillegau yn 'e gaten, en hy en Bond oermasterje Benz, wêrnei't Ali Kerim Bey by him yn syn kûpee bliuwt om him ûnder skot te hâlden. Bond jout him yn in oare kûpee wer by Tatjana om in moeting mei ien fan Ali Kerim Bey syn mannen ôf te wachtsjen. Grant befynt him lykwols ek op 'e trein, en hy kringt de kûpee fan Benz binnen, dêr't er sawol Benz as Ali Kerim Bey fermoardet.

De stoflike omskotten fan 'e mannen wurde letter oantroffen troch in kondukteur dy't foar Ali Kerim Bey wurket, en dyselde ljochtet Bond yn. Grant hat it lykje litten as hawwe de beide mannen inoar deamakke, dat Bond hat der yn 't earstoan gjin aan fan dat der in trêde partij yn it spul is, hoewol't er wol erchtinkender wurdt foar Tatjana oer. Hy betellet de kondukteur om 'e moarden geheim te hâlden oant de trein arrivearret yn it Italjaanske Triëst, it earste halteplak oan 'e westkant fan it Izeren Gerdyn. Op it stasjon fan Belgrado, yn Joegoslaavje, stapt Bond koart út om it nijs fan 'e dea fan Ali Kerim Bey troch te jaan oan ien fan dy syn aginten dy't tagelyk ek ien fan syn soannen is. Hy freget him om it nijs ek troch te jaan oan MI6 yn Londen, sadat dy immen stjoere kin om Bond te helpen by it binnensmokkeljen fan 'e Lektor-masine yn Itaalje. Yn Zagreb stapt letter yndie in Nash op 'e trein, dy't kontakt makket mei Bond en seit dat hy de agint is dy't troch MI6 stjoerd is.

De man dy't Bond moetet, is lykwols eins Grant, dy't de echte Nash op it stasjon yn Zagreb opfongen en fermoarde hat. By it diner stoppet Grant in bedwelmjend middel yn Tatjana har wyn, dêr't sy fan yn in djippe sliep rekket. Neitiid oermasteret er Bond, om dan, yn in gloede fan selsfoldienens, yn detail út te lizzen hoe't hy en SPECTRE Bond in mouwe oannaaid hawwe. Einlings falle foar Bond dan alle puzelstikjes op har plak, al is er ferheard om te fernimmen dat Tatjana in ûnskuldich slachtoffer fan 'e SPECTRE-operaasje is.

It plan fan SPECTRE is om 'e moarden op Bond en Tatjana derút sjen te litten as in gefal fan moard-selsmoard, mei as motyf de film fan harren seksuele omgong yn 'e hotelkeamer yn Istanbûl en in brief fan Tatjana wêryn't se dermei driget om dy film iepenbier te meitsjen. Bond besiket Grant lykwols om te keapjen mei de fyftich gouden muntstikken dy't er by him hat. Hoewol't Grant alhiel net fan doel is om Bond gean te litten, wol er it goud wol hawwe, mar as er it diplomatekofferke op 'e gebrûklike (en ferkearde) wize iepenet, giet de triengasgranaat yn syn gesicht ôf. Dat jout Bond de kâns om him oan te fleanen. Der ûntstiet in fûleindige fjochtpartij, dy't lang om let einiget as Bond it mês út it sideplak yn it kofferke hellet, Grant delstekt en him dan wjirget mei syn eigen garotte.

As de trein yn Istrje wat stadiger giet op in heuvelskeante omheech, springt Bond der mei de Lektor-masine en in sliepdronken Tatjana út. Grant wie fan doel en doch itselde op dat plak nei't er Bond en Tatjana deade hie. Bond oermasteret de frachweinsjauffeur dy't Grant ôfhelje soe en kaapt dêrnei dy syn frachtauto om te ûntsnappen. As SPECTRE foar it ferstân kriget dat it plan mis rûn is, wurdt der in helikopter stjoerd dêr't hângranaten út smiten wurde nei de frachtwein, mar Bond brûkt syn skerpskuttersgewear om it tastel delstoarte te litten. Underwilens ropt de mysterieuze foarsitter fan SPECTRE (Nûmer 1, eins Ernst Stavro Blofeld, hoewol't dy namme yn From Russia with Love net neamd wurdt) Kronsteen en Klebb op it matsje. Dyselden jouwe inoar de skuld fan 'e mislearring. Nûmer 1 lit Kronsteen eksekutearje. Klebb kriget noch in kâns om it goed te meitsjen.

Bond en Tatjana berikke de kust, dêr't se yn 'e motorboat dy't klearleit foar Grant koers sette nei Feneesje. Trije oare motorboaten mei SPECTRE-personiel dûke op en besykje harren tsjin te kearen. As de fetten mei branje op it efterdek fan harren boat lek sketten wurde, goait Bond de dingen oerboard, wêrnei't de efterfolgjende boaten troch de brânstof farre. Bond brûkt in ljochtkûgelpistoal om 'e branje oan te stekken, wêrnei't de boaten fan SPECTRE yn ljochte lôge komme te stean.

Ienris yn Feneesje nimme Bond en Tatjana harren yntrek yn in hotel, dêr't Klebb har foardocht as keamerfamke. Hja besiket de Lektor-masine te stellen en oarderet Tatjana om 'e keamer te ferlitten, wylst se sels fan doel is om foar iens en foar altyd mei Bond ôf te weven. Tatjana komt har lykwols fan efteren oer it mad en slacht har it pistoal út 'e hannen. Klebb lit in mei deadlik gif ynsmarde stiletto út 'e tean fan har skoech nei foarren springe, dêr't se Bond troch skoppen mei besiket te reitsjen. Hy hâldt har lykwols mei in stoel op ôfstân oant Tatjana it pistoal opkriget en har deasjit. No't de misje folbrocht is, geane Bond en Tatjana op in romantysk fartochtsje yn in gondel troch de grêften fan Feneesje. Underweis hellet Bond de film út 'e hotelkeamer yn Istanbûl foar it ljocht (dy't er mank de besittings fan Grant oantroffen hat) en smyt it ding oerboard.

Rolferdieling bewurkje seksje

 
Sean Connery.
 
Daniela Bianchi.
 
Pedro Armendáriz (1948).
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
MI6-agint James Bond Sean Connery
Tatjana Romanova Daniela Bianchi¹


byrollen
personaazje akteur/aktrise
MI6-agint Ali Kerim Bey Pedro Armendáriz
Donald Grant Robert Shaw
kolonel Rosa Klebb Lotte Lenya
M, haad fan MI6 Bernard Lee
juffer Moneypenny Lois Maxwell
Sylvia Trench Eunice Gayson
Kronsteen Vladek Sheybal
Sigeunerhaadman Vavra Francis de Wolff
Morzeny Walter Gotell
Krilenku Fred Haggerty
kondukteur op 'e Oriïnt Ekspres George Pastell
minneresse fan Ali Kerim Bey Nadja Regin
Sigeunerfanke Vida (yn read) Aliza Gur
Sigeunerfanke Zora (yn grien) Martine Beswick
Q, kertiermaster fan MI6 Desmond Llewelyn
SPECTRE Nû. 1 (Ernst Stavro Blofeld) Anthony Dawson²
búkdûnseresse Leila Lisa Guiraut
sjauffeur fan Ali Kerim Bey Neville Jason
KGB-agint Benz Peter Bayliss
Mehmet Nusret Ataer
MacAdams (skaker) Peter Madden

¹) De dialooch fan Daniela Bianchi waard omreden fan har aksint yn 'e postproduksje fan 'e film neisyngronisearre mei it stimlûd fan Barbara Jefford. Dy krige dêrfoar gjin fermelding yn 'e begjintitels.
²) De dialooch fan Anthony Dawson waard yn 'e postproduksje fan 'e film neisyngronisearre mei it stimlûd fan Eric Pohlmann. Dy waard net fermeld yn 'e begjintitels.

Produksje en distribúsje bewurkje seksje

Produksje bewurkje seksje

Ta de produksje fan From Russia with Love, de twadde film út 'e James Bond-rige, waard troch finansier United Artists opdracht jûn nei it súkses fan it foargeande diel, Dr. No, út 1962. From Russia with Love waard, krekt as de earste film, regissearre troch Terence Young. Dyselde wurke op basis fan in senario fan Richard Maibaum nei in adaptaasje troch Johanna Harwood fan 'e roman From Russia, with Love, fan Ian Fleming út 1957. As produsinten wiene Harry Saltzman en Albert R. Broccoli by it projekt belutsen foar harren filmstudio Eon Productions.

Foar de film, dy't in Britsk-Amerikaanske ko-produksje wie, waard in budget beskikber steld fan $2 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Ted Moore, en de filmmuzyk waard fersoarge troch John Barry. From Russia with Love yntrodusearre ferskate essinsjele eleminten dy't neitiid yn in protte oare Bond-films weromkeare soene, lykas kertiermaster Q, dy't Bond fan fernimstige útfinings foarsjocht, in ynliedende sêne dy't foarôfgiet oan 'e begjintitels, it personaazje fan Ernst Stavro Blofeld as de mysterieuze katte-aaiende lieder fan SPECTRE, in sêne mei in helikopter (miste letter inkeld yn The Man with the Golden Gun), in aksjesêne dy't as in soarte fan postskriptum nei de klimaks oan 'e film taheakke is, en in titelsong mei tekst dêr't faak de titel fan 'e film yn foarkomt.

Opnamen bewurkje seksje

De opnamen foar From Russia with Love setten op 1 april 1963 útein yn 'e Pinewood Studios yn it Ingelske Buckinghamshire. Der waard ek op lokaasje yn Istanbûl filme, û.m. yn 'e Basilika Sisterne (it drûchsteande wetterreservoir), de Hagia Sofia en op it Sirkeci-treinstasjon (dat ek trochgie foar de stasjons yn Belgrado en Zagreb). Hoewol't it meastepart fan 'e film yn Istanbûl plakfynt, moast lykwols 70% fan 'e opnamen plakfine yn it Feriene Keninkryk of oare dielen fan it Britske Ryk om't de produksje oars net yn oanmerking kaam foar subsydzje fan it Britske filmfûns. Frijwol alle binnendoarsênes waarden dêrom yn 'e Pinewood Studios filme, dy yn 'e trein ynbegrepen. De rit yn 'e frachtwein waard opnommen yn Skotlân en Switserlân. De einsêne yn 'e gondel waard yn Feneesje filme. De sêne mei de kliber brune rotten yn it rioel ûnder it Sovjet-konsulaat waard opnommen yn Spanje, mei't it yn it Feriene Keninkryk net tastien wie om wylde rotten foar filmopnamen yn te setten en it brún oerfervjen fan nuete wite rotten mislearre.

De Meksikaanske akteur Pedro Armendáriz wie regisseur Terence Young oanrikkemandearre troch de Amerikaanske filmmakker John Ford. Hy waard cast yn 'e rol fan Ali Kerim Bey, en foldie prima. Geandewei de opnamen yn Istanbûl begûn er lykwols lêst te krijen. Doe't er him ûndersykje liet, waard by him kanker fêststeld, dat al yn in terminaal stadium oanbelâne wie. De opnamen yn Istanbûl waarden dêrnei halje-trawalje beëinige en de produksje waard ferhuze nei Ingelân. De sênes fan Armendáriz waarden yn it opnameskema foarút helle, sadat er syn bydrage oan 'e film noch ôfmeitsje koe, hoewol't er dêrby yn oansjenlike pine ferkearde. Hy wurke sa lang mooglik troch. Doe't er úteinlik ophâlde moàst, reizge er nei hûs en makke er sels in ein oan syn libben. De sênes mei Ali Kerim Bey dy't op dat stuit noch net opnommen wiene, waarden neitiid sa filme dat it personaazje net goed te sjen wie, mei in stunt double of regisseur Young sels as plakferfanger.

Distribúsje bewurkje seksje

De distribúsje fan From Russia with Love waard fersoarge troch United Artists. De film gie op 10 oktober 1963 yn Londen yn premiêre, en iepene dêrnei op 11 oktober yn 'e Britske en pas op 27 maaie 1964 yn 'e Amerikaanske bioskopen. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde yn 1963 by platemaatskippij United Artists Records.

Untfangst bewurkje seksje

Fan 'e filmkritisy krige From Russia with Love oer it algemien positive resinsjes. Ferskate kontemporêne resinsinten, dy't it trouwens wol in goede film fûnen, murken dêrby op dat From Russia with Love tige ûnreälistysk is, in parody suver net wanlyk. Sa hie Penelope Gilliatt it yn The Observer oer "selsspottende flamboyânse" wylst Bosley Crowther yn The New York Times skreau dat it in "fiktive oerdriuwing op swide skaal" wie, "troch en troch ûnlogysk en ûnwierskynlik". Opfallend genôch beskôge Danny Peary, dy't From Russia with Love yn 1986 beskreau foar syn boek Guide for the Film Fanatic, de film krekt as "in treflike, ferrassend drege en reälistyske James Bond-film" dy't neffens him "ferfrissend frij is fan 'e gimmicks dy't lettere Bond-films karakterisearje soene […]"

De foaroansteande Amerikaanske 21e-iuwske filmkritikus James Berardinelli joech yn in resinsje út 2008 oan dat From Russia with Love syn favorite Bond-film is. Hy skreau: "Inkeld [dizze film] komt foar dat er sels yn it cartooneske ryk fan Goldfinger en de dêropfolgjende dielen glidet, wylst er ús dochs de wenstige Bond-formule biedt (aksje, gadgets, froulju, auto's, ensfh.)." Yn 2006 parte IGN oan From Russia with Love it twadde plak ta op in ranglist fan 'e bêste Bond-films, nei Goldfinger, wylst Entertainment Weekly de film datselde jiers it njoggende plak taparte op in selde ranglist. Sinclair McKay, dy't yn 2008 it boek The Man with the Golden Touch publisearre, wêryn't er djipdollend yngiet op it Bond-fenomeen, skreau oer From Russia with Love: "Ik wit dat it ketterij is om soks te sizzen, en dat guon fans From Russia with Love as de Hillige Graal fan Bond beskôgje, mar lit my pynlike earlik wêze: stikken fan dy film binne alderferskuorrendste saai."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat From Russia with Love in tige heech goedkarringspersintaazje fan 95%, basearre op 57 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film] is in tige spannende, fluch bewegende Kâlde Oarloch-skriller, mei ferskate kjelmeitsjende aksjesênes." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet From Russia with Love in goedkarringspersintaazje fan 83%, basearre op 18 resinsjes.

Resultaat bewurkje seksje

Opbringst bewurkje seksje

From Russia with Love brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $24 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $54 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $78 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $2 miljoen betsjut dat in winst fan $76 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Dêrmei wie From Russia with Love foar doetiidske begripen in reuseftich kommersjeel súkses.

Prizen bewurkje seksje

Ted Moore wûn foar syn wurk oan From Russia with Love de BAFTA, de wichtichste Britske filmpriis, yn 'e kategory bêste kamerarezjy. From Russia with Love waard ek nominearre foar de Golden Globe foar bêste orizjinele liet foar de titelsong From Russia with Love.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


James Bond (filmsearje)
films fan Eon Productions
mei Sean Connery Dr. No (1962) • From Russia with Love (1963) • Goldfinger (1964) • Thunderball (1965) • You Only Live Twice (1967) • Diamonds Are Forever (1971)
mei George Lazenby On Her Majesty's Secret Service (1969)
mei Roger Moore Live and Let Die (1973) • The Man with the Golden Gun (1974) • The Spy Who Loved Me (1977) • Moonraker (1979) • For Your Eyes Only (1981) • Octopussy (1983) • A View to a Kill (1985)
mei Timothy Dalton The Living Daylights (1987) • Licence to Kill (1989)
mei Pierce Brosnan GoldenEye (1995) • Tomorrow Never Dies (1997) • The World Is Not Enough (1999) • Die Another Day (2002)
mei Daniel Craig Casino Royale (2006) • Quantum of Solace (2008) • Skyfall (2012) • Spectre (2015) • No Time to Die (2021)
films fan oare studio's
Casino Royale (1954) • Casino Royale (1967) • Never Say Never Again (1983)