Casino Royale (film út 1954)
Casino Royale wie in Amerikaanske spionaazjeskriller yn 'e foarm fan in tillefyzjefilm út 'e antologysearje Climax! De produksje wie in adaptaasje fan 'e James Bond-roman mei deselde namme fan 'e Britske skriuwer Ian Fleming, en waard live op 'e Amerikaanske tillefyzje spile en útstjoerd op 21 oktober 1954. De rezjy wie yn 'e hannen fan William H. Brown jr., en de haadrollen waarden fertolke troch Barry Nelson as geheim agint James Bond en Peter Lorre as syn fijân Le Chiffre. De titel ferwiist nei it kasino dat it plak fan hanneling is. Casino Royale wie de alderearste ferfilming fan in James Bond-roman en boppedat in frijwat apartenien. James Bond, dy't himsels hjir "Jimmy" neame lit, is yn 'e boeken en de lettere filmsearje in Britske geheim agint fan MI6, mar is hjir omfoarme ta in Amerikaanske spion dy't wurket foar in (fiktive) ynljochtingetsjinst mei de namme Combined Intelligence Agency.
Casino Royale | ||
film | ||
Barry Nelson as James Bond yn Casino Royale. | ||
makkers | ||
regisseur | William H. Brown jr. | |
produsint | Bretaigne Windust | |
senario | Anthony Ellis Charles Bennett | |
basearre op | de roman fan Ian Fleming | |
muzyk | Leith Stevens Jerry Goldsmith | |
filmstudio | CBS | |
distribúsje | CBS | |
spilers | ||
haadrollen | Barry Nelson Peter Lorre | |
voice-over | William Lundigan (presintator) | |
byrollen | Linda Christian Michael Pate Eugene Borden | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 21 oktober 1954 | |
foarm | tillefyzjefilm | |
sjenre | spionaazjeskriller | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 50 minuten | |
filmsearje | ||
filmsearje | Climax! | |
● foarich diel | The Thirteenth Chair | |
● folgjend diel | Sorry, Wrong Number |
Plot
bewurkje seksjeEarste akte. James Bond, in Amerikaanske geheim agint foar de 'Combined Intelligence Agency', wurdt ûnder fjoer nommen troch in slûpmoardner. Hy rêdt it op en ûntdûk de kûgels, wêrnei't er it Casino Royale binnen giet. Dêr moetet er syn Britske kontaktpersoan Clarence Leiter, dy't "Jimmy Bond" noch ken fan doe't er tsjin 'e maharadja spile yn Deauville. Leiter ynformearret Bond oer syn misje: hy moat Le Chiffre, in spion foar de Sovjet-Uny, ferslaan by in spultsje bakkarat, sadat syn superieuren twongen wurde sille om him te "pinsjonearjen" (yn dit gefal in eufemisme foar moard). Bond leit oan Leiter de spulregels fan bakkarat út. As er him fierder yn it kasino bejout, moetet er syn eardere minneresse Valerie Mathis, dy't no de minneresse fan Le Chiffre is. Ek komt er yn 'e kunde mei Le Chiffre sels.
Twadde akte. Bond ferslacht Le Chiffre oan 'e bakkarattafel, mar as er nei syn hotelkeamer giet, wurdt er dêr opwacthe troch Le Chiffre en dy syn liifwachten. Ek Mathis is oanwêzich, oer wa't Le Chiffre ûntdutsen hat dat se in aginte is fan it Deuxième Bureau, de Frânske militêre ynljochtingetsjinst.
Trêde akte. Le Chiffre martelet Bond om oan 'e weet te kommen wêr't dy de sjek ferstoppe hat fan it jild dat er wûn hat, mar Bond hâldt hoek en seit neat. Nei in gefjocht tusken Bond en de liifwachten fan Le Chiffre ferwûnet Bond Le Chiffre troch him del te sjitten. Dêrby rêdt er tagelyk it libben fan Mathis. Alhiel ynein giet Bond op in stoel foar Le Chiffre oer sitten om mei him te praten, mar as Mathis tusken harren troch rint, grypt Le Chiffre har fan efteren beet en gizelet har wylst er driget har de kiel troch te snijen mei in skearmês dat er op syn persoan ferburgen hie. Wylst er mei Mathis foar him stadichoan nei de doar ta beweecht om út te piken, skuort Mathis har ynienen los, wêrnei't Bond Le Chiffre deasjit.
Rolferdieling
bewurkje seksje- haadrollen
personaazje | akteur/aktrise |
geheim agint James Bond | Barry Nelson |
Le Chiffre | Peter Lorre |
- byrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Valerie Mathis | Linda Christian |
n.f.t. (presintator) | William Lundigan |
Clarence Leiter | Michael Pate |
chef de partie | Eugene Borden |
krûpier | Jean del Val |
Basil | Gene Roth |
Zoltan | Kurt Katch |
Schultz | Jürgen Tarrach |
portier | Herman Belmonte |
Produksje en distribúsje
bewurkje seksjeProduksje
bewurkje seksjeYn 1954 betelle it Amerikaanske tillefyzjenetwurk CBS de Britske skriuwer Ian Fleming $1.000 (yn 2019 oanpast foar ynflaasje $9.520) om syn debútroman Casino Royale omsette te meien ta in tillefyzjefilm. Casino Royale waard produsearre as ôflevering (seiz. 1, ôfl. 3) fan 'e antologysearje Climax! (letter Climax Mystery Theater), dy't fjouwer seizoenen rûn, fan 1954 oant en mei 1958. It wie ien fan 'e mar in pear tillefyzjeprogramma's fan CBS dy't yn kleur opnommen en útstjoerd waarden yn in tiid dat de tillefyzje foar it meastepart noch swart-wyt wie. Krekt as in protte oare ôfleverings fan Climax! waard Casino Royale live spile en útstjoerd.
Casino Royale waard regissearre troch William H. Brown jr. nei in senario fan Anthony Ellis en Charles Bennett. Dy lêste wie benammen bekend fan syn gearwurking mei de legindaryske regisseur Alfred Hitchcock by films as The 39 Steps (1935) en Sabotage (1936). As tillefyzjeprodusint wie Bretaigne Windust by Casino Royale belutsen, wylst de soundtrack fersoarge waard troch Leith Stevens en Jerry Goldsmith. William Lundigan die de presintaasje.
De roman Casino Royale wie ek it earste diel fan 'e James Bond-romansearje, mar dy wie doe noch frij ûnbekend. Dêrom fielden de senarioskriuwers har frij om it ferhaal oan 'e smaak fan it Amerikaanske publyk oan te passen, troch fan James Bond (dy't se de ropnamme "Jimmy" taparten) in Amerikaanske geheim agint te meitsjen, wylst se syn CIA-kollega Felix Leiter ferraanden mei in oar personaazje, René Mathis, wêrnei't se him omneamden ta Clarence Leiter en fan him in Britske agint makken. Ek it wichtichste froulike personaazje út it boek, Vesper Lynd, krige in oare namme: Valerie Mathis. Fanwegen de beheinings fan in tillefyzjefilm fan 50 minuten giene fierders in protte details fan 'e plot fan 'e roman ferlern, hoewol't it geweld út it boek fierhinne beholden bleau, fral yn 'e trêde akte.
Distribúsje
bewurkje seksjeCasino Royale waard op 21 oktober 1954 op 'e Amerikaanske tillefyzje útstjoerd troch it tillefyzjenetwurk CBS. De útstjoering wie live en yn kleur.
Mei't de film as in soarte fan tillefyzjetoanielstik live spile waard, giet der in geroft dat it tillefyzjepublyk seach hoe't de akteur Peter Lorre, dy't de rol Le Chiffre fertolke, nei syn "dea" wer oerein klaude en de set ferliet om nei syn klaaikeamer te gean. Neffens David Mikkelsen, dy't yn 2014 nei dat ferhaal ûndersyk die foar yn syn artikel Dead Character Walks Off Stage, liket dat net op wierheid te berêsten.
Neilittenskip
bewurkje seksjeCasino Royale wie de alderearste ferfilming fan in James Bond-roman, en waard makke foàr de oprjochting fan 'e Britske filmstudio Eon Productions, dy't neitiid mei finansiering fan 'e Amerikaanske studio United Artists (UA) de James Bond-films makke. De roman Casino Royale koe lykwols yn it ramt fan dy searje net ferfilme wurde, om't de filmrjochten dêrop earder al troch Ian Fleming ferkochte wiene.
Nei't CBS der in tillefyzjefillm fan makke hie, ferkocht Fleming de rjochten op it boek yn 1955 nammentlik op 'e nij, diskear oan filmprodusint Gregory Ratoff. Dy syn widdo ferkocht se yn 1960 troch oan produsint Charles K. Feldman, dy't mei Columbia Pictures yn see gie en yn 1967 op basis fan 'e roman de spionaazjeparody Casino Royale makke, mei David Niven as James Bond. Neitiid bedarren de rjochten op Casino Royale yn 1999 úteinlik by de studio Metro-Goldwyn-Mayer (MGM), dy't yn 1981 konkurrint UA oernommen hie. Sa kamen alle filmrjochten op 'e boeken fan Fleming doe foar it earst yn ien hân. Dat makke in nije ferfilming fan 'e roman mooglik troch Eon Productions. It resultaat wie Casino Royale út 2006.
De tillefyzjefilm Casino Royale út 1954 rekke nei de útstjoering al rillegau yn 't ferjit en wie desennialang in ferlerne film, oant filmhistoarikus Jim Schoenberger der yn 1981 in swart-wytferzje fan ûntdiek. Dêr ûntbrieken de lêste twa minuten fan, mar letter fûn Schoenberger yn in oar argyf in twadde swart-wytferzje werom, dy't wol folslein wie. De ûnfolsleine swart-wytferzje fan Casino Royale waard begjin 1980-er jierren nochris op 'e Amerikaanske tillefyzje útstjoerd troch TBS, as ûnderdiel fan in James Bond-maraton. De folsleine swart-wytferzje waard as bonusmateriaal tafoege oan in VHS-keapfideo en letter oan 'e earste dvd fan Casino Royale út 1967.
Untfangst
bewurkje seksjeOmreden fan 'e konneksje mei James Bond is de tillefyzjefilm Casino Royale beoardiele troch ferskate filmkritisy. David Cornelius fan 'e webside Efilmcritic.com fûn yn 2011 dat Barry Nelson miscast wie as James Bond: "[Hy] stroffelet oer syn dialooch en beskikt net oer de elegânsje dy't de rol ferget." Neffens him wie Peter Lorre, dy't de rol fan Le Chiffre fertolke, de wiere haadrolspiler fan 'e tillefyzjefilm: "in groteske rotsak waans oanwêzigens allinnich al oanlieding is om je net noflik te fielen."
Yn it tydskrift Variety wie Peter Debruge it dêr yn 2012 mei iens. Hy beskôge Lorre as de boarne fan "hokfoar sjarme dizze flodderige foarrinner fan it Bond-oeuvre ek mar te bieden hat." Hy beklage him der ek oer dat "de hiele brot blykber sa goedkeap mooglik moast." Wol stelde er fêst dat de fertolking troch Barry Nelson de rol fan Bond "in reälistyske minsklike kwetsberens" joech "dy't net wer opdûke soe oant Eon mear as in heale iuw letter einlings in remake fan Casino Royale produsearre."
Keppelings om utens
bewurkje seksje- (in) Ynformaasje oer Casino Royale yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
- (in) Folsleine werjefte fan Casino Royale op Archive.org
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |
James Bond (filmsearje) | |
---|---|
films fan Eon Productions | |
mei Sean Connery | Dr. No (1962) • From Russia with Love (1963) • Goldfinger (1964) • Thunderball (1965) • You Only Live Twice (1967) • Diamonds Are Forever (1971) |
mei George Lazenby | On Her Majesty's Secret Service (1969) |
mei Roger Moore | Live and Let Die (1973) • The Man with the Golden Gun (1974) • The Spy Who Loved Me (1977) • Moonraker (1979) • For Your Eyes Only (1981) • Octopussy (1983) • A View to a Kill (1985) |
mei Timothy Dalton | The Living Daylights (1987) • Licence to Kill (1989) |
mei Pierce Brosnan | GoldenEye (1995) • Tomorrow Never Dies (1997) • The World Is Not Enough (1999) • Die Another Day (2002) |
mei Daniel Craig | Casino Royale (2006) • Quantum of Solace (2008) • Skyfall (2012) • Spectre (2015) • No Time to Die (2021) |
films fan oare studio's | |
Casino Royale (1954) • Casino Royale (1967) • Never Say Never Again (1983) |