A View to a Kill (film)

A View to a Kill is in Britsk-Amerikaanske spionaazjeskriller út 1985 ûnder rezjy fan John Glen. De haadrollen waarden fertolke troch Roger Moore as geheim agint James Bond, Tanya Roberts as Bond girl Stacey Sutton en Christopher Walken as smjunt Max Zorin. De titel betsjut "In Utsicht op in Moard", en is ûntliend oan it koarte ferhaal From a View to a Kill fan Ian Fleming. De plot fan 'e film is lykwols folslein orizjineel en hat neat mei it koarte ferhaal út te stean.

A View to a Kill
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur John Glen
produsint Albert R. Broccoli
Michael G. Wilson
senario Richard Maibaum
Michael G. Wilson
kamerarezjy Alan Hume
muzyk John Barry
filmstudio Eon Productions
United Artists
distribúsje Metro-Goldwyn-Mayer (Fer. St.)
United Internat. Pict. (ynternasj.)
spilers
haadrollen Roger Moore
Tanya Roberts
Christopher Walken
byrollen Grace Jones
Patrick Macnee
Patrick Bauchau
Willoughby Gray
skaaimerken
lân/lannen Feriene Keninkryk
Feriene Steaten
premiêre 22 maaie 1985
foarm langspylfilm
sjenre spionaazjeskriller
taal Ingelsk
spyltiid 131 minuten
budget en resultaten
budget $30 miljoen
opbringst $152,4 miljoen
filmsearje
filmsearje James Bond
● foarich diel Octopussy
● folgjend diel The Living Daylights

MI6-spion James Bond docht yn A View to a Kill ûndersyk nei yndustrieel Max Zorin, dy't derfan fertocht wurdt gefoelige nije kompjûterchiptechnology troch te spyljen oan 'e Sovjet-Uny. Allegeduerigen dwerseide troch Zorin syn froulike trewant May Day (spile troch Grace Jones), komt Bond in snoad plan op it spoar om Silicon Valley te ferneatigjen troch op keunstmjittige wize in ierdbeving op te wekjen. Tegearre mei de tsjeppe Amerikaanske geologe Stacey Sutton moat er Zorin sjen tsjin te hâlden.

A View to a Kill wie it fjirtjinde diel út 'e James Bond-filmsearje en folge as sadanich op Octopusy. De titelsong fan 'e film, A View to a Kill, songen troch Duran Duran, waard in grutte hit. Fan 'e filmkritisy krige A View to a Kill mingde resinsjes, mar yn 'e bioskopen wie it in kommersjeel súkses. In gauris oppenearre kritykpunt op 'e film wie dat Roger Moore mei 57 jier te âld wie foar de rol fan Bond. A View to a Kill wie dan ek syn lêste Bond-film. In folgjend diel yn 'e filmsearje wie The Living Daylights, mei Timothy Dalton yn 'e haadrol, dat yn 1987 útbrocht waard.

James Bond, geheim agint 007 fan 'e Britske ynljochtingetsjinst MI6, wurdt nei Sibearje ta stjoerd om it stoflik omskot fan geheim agint 003 te lokalisearjen. As er dat dien hat, nimt er in nij soarte mikrochip fan it lyk wei, dy't agint 003 út in fabryk yn 'e Sovjet-Uny stellen hat. Bond is de soldaten fan it Reade Leger, dy't him efterfolgje, te fluch ôf, en wit in as in iisskots kamûflearre miny-ûnderseeër te berikken wêryn't er ûntkomt nei Alaska.

As Q, de kertiermaster fan MI6, de chip letter analysearret, stelt er fêst dat it in kopy is fan in nije chip dy't troch it bedriuw Zorin Industries foar de Britske oerheid ûntwurpen is om in elektro-magnetyske puls te wjerstean. M, de sjef fan MI6, en de Britske minister fan Definsje sir Frederick Gray konkludearje dat der by Zorin Industries in lek sitte moat, dêr't de nije útfining troch ferspraat is nei de Sovjet-Uny. Bond wurdt ynset om it bedriuw en syn eigner, de yndustrieel Max Zorin, tsjin it ljocht te hâlden.

Max Zorin waard berne yn 'e DDR, mar libbet al jierren yn Frankryk. Hy skynt tige yntelligint te wêzen en sprekt teminsten fiif talen floeiend. Yn 'e mande mei M, Q, M syn sekretaresse juffer Moneypenny en sir Godfery Tibbett, in âldere MI6-agint dy't ferstân fan hynstefokkerij hat, bringt Bond in besyk oan 'e hynstekoersen op 'e Ascot Racecourse yn it Ingelske greefskip Berkshire. Pegasus, it racehynder fan Zorin, docht dêr mei en wint de race, sa't er dat allegeduerigen docht, ek al hat er dêr de ôfstamming net foar. Tibbett is derfan oertsjûge dat der sprake is fan it gebrûk fan doping, hoewol't alle dopingtesten him tsjinsprekke.

Fia Tibbett komt Bond yn 'e kunde mei de Frânske privee-detektive Achille Aubergine, mei wa't er yn Parys in moeting hat yn it restaurant yn 'e top fan 'e Eiffeltoer. Dyselde fertelt him dat Zorin letter dy moanne in feiling hâlde sil om in diel fan syn racehynders te ferkeapjen. Ear't er fierder noch wat sizze kin oer syn ûntdekkings, wurdt er op raffinearre wize fermoarde troch May Day, de negroïde froulike liifwacht en minneresse fan Zorin. Bond efterfolget har dwers troch Parys, mar se wit him úteinlik ôf te skodzjen sûnder dat er har identiteit mei wissichheid fêststelle kinnen hat.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Bond en Tibbett bejouwe har letter dy moanne nei de hynsteferkeap op it lângoed fan Zorin op it Frânske plattelân, ûnder de momkape fan miljonêr James St. John-Smythe en syn sjauffeur. Op 'e feestlike gearkomste foarôfgeande oan 'e feiling merkt Bond in tsjeppe jonge Amerikaanske frou op, dy't Zorin meinimt nei syn kantoar. Troch it rút sjocht Bond hoe't de sakeman in sjek foar har útskriuwt. Neitiid kringt er sels it kantoar yn, dêr't er troch de ôfdruk dy't Zorin syn pin yn it sjekboekje efterlitten hat, ûntdekt dat Zorin $5 miljoen oan 'e frou útskreaun hat, en dat har namme "S. Sutton" is. Noch wer letter besiket er mei har oan 'e praat te kommen, mar hja wimpelet syn besyk dêrta ôf, foar't se troch May Day gau-gau by him weihelle wurdt.

Dy nachts brekke Bond en Tibbett yn 'e stâl fan Pegasus yn, dy't earder dy deis suver foar de eagen fan Tibbett spoarleas ferdwûn nei't er nei syn stâl brocht wie. Se ûntdekke in lift dy't grutternôch is foar in hynder, en dy't tagong jout ta in ûndergrûnsk laboratoarium, dêr't Zorin syn bistedokter op jierren, in Carl Motner, eksperiminten op hynders blykt te dwaan. Oan 'e hân fan wat er dêr sjocht, riddenearret Bond út dat Zorin syn mikrochips brûkt foar in minuskúl adrenalinefrijjaand apparaatsje, dat Motner by Pegasus en de oare racehynders fan Zorin yn 'e skonk ymplantearret, sadat it hynder op it juste momint yn 'e race in adrenalinestjit tatsjinne wurde kin. Op dy wize wurdt de race wûn.

Bond en Tibbett wurde trappearre, mar witte te ûntkommen sûnder dat de bewekkers harren goed sjoen hawwe. Nettsjinsteande dat wurdt Zorin erchtinkend. As er ûndersyk nei Bond docht, ûntdekt er wa't dat echt is. Neitiid lit er Tibbett fermoardzje troch May Day, wêrnei't Bond oermastere en bewusteleas slein wurdt. Zorin en May Day triuwe de Bond en it lyk fan Tibbett mei harren Rolls-Royce en al in mar yn. Bond, dy't troch it wetter wer bykomt, oerlibbet troch te sykheljen út it fentyl fan ien fan 'e luchtbannen fan 'e auto, oant Zorin en May Day harren ôfjouwe.

Letter komt generaal Gogol, it haad fan 'e Sovjet-ynljochtingetsjinst KGB, by Zorin del om dyselde te beskrobjen foar it sûnder tastimming deameitsjen fan Bond. It docht sadwaande bliken dat Zorin in KGB-agint is, mar by dizze moeting fertelt Zorin oan Gogol dat er no sa machtich wurden is dat er de KGB net mear nedich hat, en ferbrekt er syn bannen mei de geheime tsjinst. Gogol warskôget him dat nimmen samar by de KGB weirint. Zorin slacht dy warskôging yn 'e wyn en beleit in gearkomste mei in kartel fan mikrochipprodusinten dat er foarme hat. Oan harren docht er syn plannen út 'e doeken om Silicon Valley, by San Francisco, it Amerikaanske sintrum fan 'e kompjûtertechnology, te ferneatigjen, sadat sy it (ûntychlik lukrative) monopoalje op 'e produksje fan mikrochips yn 'e hannen krije sille.

Bond reizget nei San Francisco om't Zorin Industries dêr it aktyfst liket te wêzen. Dêr oankommen moetet er Chuck Lee, syn kontakt by de Amerikaanske ynljochtingetsjinst CIA. Dy hat neier ûndersyk nei Zorin dien en kin Bond fertelle dat Zorin it produkt is fan medyske eksperiminten mei steroïden op swiere froulju troch Carl Motner, dy't eins de eardere Dútske nazy-kampdokter Hans Glaub út 'e konsintraasjekampen is, dy't al ûnder de Twadde Wrâldoarloch mei syn eksperiminten op 'e finzenen dêr begûn. Bond freget Lee om in S. Sutton foar him op te spoaren, mar Lee seit dat der withoefolle lju mei dy namme binne. Ynstee stelt er foar dat Bond him konsintrearret op ûndersyk nei in oaljeplatfoarm fan Zorin, dat deunby de Kalifornyske kust stiet, en dêr't aparte dingen lykje te barren.

By nacht swimt Bond dêrhinne. Hy merkt in pear oare dûkers op dy't de boel ek oan it bespionearjen binne en ûntkomt mar kwealk oan 'e dea as mei grutte skroeven seewetter yn 'e boarskacht omleech pompt wurdt ynstee fan ierdoalje derút omheech. As syn oanwêzigens opmurken wurdt, gripe Zorin syn mannen ynstee ien fan 'e oare dûkers, dy't KGB-aginten blike te wêzen. De man, in Klotkov, wurdt deamakke. Underwilens ûntkomt Bond nei de kust ta, dêr't er de oare KGB-agint treft. It is Pola Ivanova, mei't wa't er yn it ferline alris gedoente hân hat. Se pike yn har auto út en hawwe dêrnei seks yn in bubbelbad. Ivanova is ûntkommen mei in lûdsopname fan in petear dat Zorin oan board fan it oaljeplatfoarm mei syn ûnderhearrige Bob Conley hie, en op in momint fan ûnoplettendheid fan har wikselet Bond de kassettebantsjes om. As Ivanova letter it bantsje by Gogol ynleveret, blykt der inkeld Japanske muzyk op te stean. Bond, oan 'e oare kant, komt troch it belústerjen fan it echte bantsje oan 'e weet dat Zorin fan doel is en ferneatigje Silicon Valley.

By in besyk oan it stedhûs fan San Francisco, dêr't er him foardocht as de Britske sjoernalist James Stock, om oan ynformaasje oer de aktiviteiten fan Zorin Industries yn Kalifornje te kommen, merkt Bond de frou S. Sutton op. Hy folget har nei hûs, dat in ûnbidich grutte filla op it plattelân bûten de stêd blykt te wêzen. Bond brekt yn mar wurdt troch Sutton ûntdutsen. Hja wol earst neat mei him te krijen hawwe, mar as er trije oare ynbrekkers, trewanten fan Zorin, op 'e flecht jaget, draait se by. Se fertelt dat har namme Stacey Sutton is en dat se wurket foar de geologyske tsjinst fan 'e steat Kalifornje. Ek seit se dat Zorin har troch in fijannige oername de oaljemaatskippij fan har heit silger ôfstellen hat. De $5 miljoen wie bedoeld as de betelling foar de oandielen dy't se noch yn har besit hat en om in rjochtsaak ôf te keapjen dy't se tsjin him oanspand hie.

CIA-man Lee jout him by Bond en Stacey, mar as se yn twa auto's ôfsette nei San Francisco wurdt er út 'e wei romme troch May Day. Bond en Stacey geane werom nei it stedhûs om yn it argyf dêre de boutekenings te besjen dy Zorin foar syn planen yntsjinne hat. Ienris yn it stedhûs wurde se lykwols oerfallen troch Zorin, syn haad befeiliging Scarpine en May Day mei har assistintes Jenny Flex en Pan Ho. Dy oermasterje harren, en Zorin sjit Howe, de haadgeolooch en Stacey har baas, dea mei Bond syn pistoal. Dan wurde Bond en Stacey opsletten yn in lift, wêrnei't it stedhûs yn 'e brân stutsen wurdt. Bond en Stacey witte lykwols út 'e brânende liftskacht te klimmen en fia it dak fan it gebou en in ljedder fan 'e tahastige brânwacht te ûntkommen. As de plysje Bond arrestearje wol foar de moard op Howe, naaie hy en Stacey út yn in stellen brânwachtauto. Nei in spektakulêre efterfolging skodzje se de plysje ôf troch in iepengeande brêge oer te riden.

De oare moarns ynfiltrearje Bond en Stacey in myn fan Zorin by Hayward, dêr't se syn plan ûntdekke om troch it ynsetten fan reuseftige hoemannichten springstof de boaium út 'e marren by de Hayward- en San Andreas-breklinen te blazen. Troch it wetter út 'e marren yn kombinaasje mei it seewetter dat fia it oaljeplatfoarm de ûndergrûn yn pompt is, sil Silicon Valley derûnder strûpe. De eksploazje yn 'e myn sil boppedat in geologyske ferankering ferneatigje dy't foarkomt dat de beide breklinen tagelyk bewege kinne. Op dy wize hopet Zorin reuseftige ierdbeving op te roppen, dy't Silicon Valley foargoed fan 'e ierdboaiem feie sil. De oanwêzigens fan Bond en Stacey wurdt ûntdutsen; efterfolge troch May Day, Jenny Flex en Pan Ho flechtsje se de tunnels yn. Stacey wit te ûntkommen fia in âlde, yn ûnbrûk rekke mynskacht, mar Bond rekket yn gefjocht mei May Day.

Sadree't de tiidbom oanbrocht is dy't alle springstof ta ûntploffing bringe moat, sette Zorin en Scarpine útein mei it deasjitten mei mitrailleurs fan alle mynwurkers, ûnder wa Conley. Ek Jenny Flex en Pan Ho fine de dea. May Day, dy't beseft dat Zorin har ferret hat, helpt Bond om 'e tiidbom út 'e myn te ferwiderjen. Se pleatse de bom op in lorry, mar dat karke hat in automatyske rem dy't inkeld hânmjittich opheft wurde kin. May Day biedt harsels oan foar dat putsje en riidt de lorry de myn út, wêrnei't se omkomt by de ûntploffing as de tiidbom ôfgiet.

Underwilens ûntsnapt Zorin mei Scarpine en Mortner yn in loftskip. Se ûntfiere Stacey as gizelster, mar it slagget Bond om in ôfmartou fêst te gripen. Zorin fljocht leech oer de wolkekliuwers fan San Francisco om Bond fan it tou los te skraabjen, en as dat net wurket, stjoert er it loftskip nei de Golden Gatebrêge om itselde nochris te besykjen. Bond wit lykwols it ôfmartou oan 'e boppestruktuer fan 'e brêge fêst te binen, sadat it loftskip net mear fuortkomme kin. Zorin begjint Bond te besjitten en Stacey falt Zorin oan om Bond te helpen. Yn 'e gaos reitsje sawol Scarpine as Mortner eefkes út 'e tiid. Stacey klimt út it loftskip op 'e pylder fan 'e brêge om te ûntsnappen, mar Zorin komt har tenei mei in brânbile. By de dêropfolgjende slaanderij mei Bond rekket Zorin syn lykwicht kwyt en falt te pletter. Mortner, dy't wer bykommen is, besiket Bond op te blazen mei dynamyt, mar as Bond mei de bile it loftskip loskappet, komt dat ynienen wer yn beweging. Troch de skok rekket Mortner syn dynamyt kwyt yn 'e kabine fan it loftskip. It slagget him en de ûnderwilens ek wer bykommen Scarpine net om it dynamyt op 'e tiid út 'e kabine te krijen. De ûntploffing ferneatiget net inkeld it loftskip en mar deadet ek de beide mannen.

Letter meldt generaal Gogol him yn Londen by MI6 om Bond de Oarder fan Lenin út te rikken foar it dwerseidzjen fan Zorin syn healwize plannen. Op 'e fraach fan M oft de Sovjet-Uny dan net graach fan Silicon Valley ôf woe, antwurdet er: "Wêr moatte we oars ús kompjûtertechnology wei helje?" It docht lykwols bliken dat Bond noch altyd fermist is. Mar as Q mei in op ôfstân bestjoerbere en fan in kamera foarsjoene robot yn Stacey har filla ynbrekt, ûntdekt er Bond dy't mei Stacey ûnder de dûs de leafde bedriuwt.

Rolferdieling

bewurkje seksje
 
Roger Moore.
 
Tanya Roberts.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
MI6-agint James Bond Roger Moore
Stacey Sutton Tanya Roberts
Max Zorin Christopher Walken


byrollen
personaazje akteur/aktrise
May Day Grace Jones
sir Godfrey Tibbett Patrick Macnee
Scarpine Patrick Bauchau
dr. Carl Mortner / Hans Glaub Willoughby Gray
CIA-agint Chuck Lee David Yip
KGB-aginte Fiona Fullerton
Bob Conley Manning Redwood
Q, kertiermaster fan MI6 Desmond Llewelyn
M, sjef fan MI6 Robert Brown
generaal Gogol, sjef fan 'e KGB Walter Gotell
Britsk minister fan Definsje sir Frederick Gray Geoffrey Keen
juffer Moneypenny Lois Maxwell
Achille Aubergine Jean Rougerie
KGB-agint Klotkov Bogdan Kominowski
Howe Daniel Benzali
Jenny Flex, assistinte fan May Day Alison Doody
Pan Ho, assistinte fan May Day Papillon Soo Soo
flinterfanke Carole Ashby
Paryske taksysjauffeur Lucien Jérôme
KGB-agint Venz Dolph Lundgren (cameo)

Produksje en distribúsje

bewurkje seksje

A View to a Kill ûntlient syn titel oan it koarte ferhaal From a View to a Kill, fan Ian Fleming, dat foar it earst publisearre waard yn 'e ferhalebondel For Your Eyes Only, út 1960. It senario fan 'e film wie lykwols folslein orizjineel. It waard skreaun troch Richard Maibaum, dy't fan it begjin ôf oan as senarioskriuwer by de James Bond-filmsearje belutsen west hie, en Michael G. Wilson, de styfsoan fan filmprodusint Albert R. Broccoli. Yn 'e earste ferzje fan it skript liet Maibaum troch Zorin de baan fan 'e Komeet fan Halley manipulearje sadat de komeet ynslaan soe yn Silicon Valley, mar dêr lei Wilson it near op; hy woe beslist in minder fiersochte plot hawwe.

A View to a Kill waard regissearre troch John Glen, dy't ek de beide foargeande Bond-films makke hie, Octopussy en For Your Eyes Only. As produsinten wiene Broccoli en Wilson by it projekt belutsen foar de filmstudio's Eon Productions en United Artists. De film wie dêrmei, krekt as eardere dielen út 'e Bond-rige, wer in Britsk-Amerikaanske ko-produksje. Foar A View to a Kill wie in budget beskikber fan $30 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Alan Hume, en de filmmuzyk waard fersoarge troch John Barry. De titelsong A View to a Kill waard songen troch de Ingelske band Duran Duran.

Roger Moore kearde yn A View to a Kill foar de sechsde kear werom as geheim agint James Bond. Hy wie yn 1985 57 jier en de algemiene konsensus is dat er eins te âld foar de rol wie. Yn 'e twa jier sûnt de foargeande Bond-film, Octopussy, wied er boppedat sichtber ferâldere. Doe't er yn 1997 troch Alan Barnes en Marcus Hearn ynterviewd waard foar Kiss Kiss Bang! Bang!: The Unofficial James Bond Film Companion, joech Moore ta dat er yn 1985 yndie te âld west hie om James Bond te spyljen en dat er him dêr, efternei besjoen, net wer ta beprate litte moatten hie. Hy bychte ek op dat er temûk ûntsteld west hie doe't er hearde dat er âlder wie as de mem fan syn tsjinspylster Tanya Roberts. A View to a Kill wie de lêste kear dat Moore yn 'e hûd fan James Bond kroep; yn 'e folgjende film, The Living Daylights, waard de rol oernommen troch Timothy Dalton.

Foar de rol fan 'e Bond girl Stacey Sutton hiene de produsinten oarspronklik Priscilla Presley, de widdo fan Elvis Presley, yn gedachten, mar hja moast ôfsizze om't de opnamen fan 'e film net te rimen wiene mei it opnameskema fan har sênes yn 'e dramasearje Dallas. De rol gie dêrom nei Tanya Roberts. Yn it oarspronklike skript wie de KGB-aginte oan wa't Bond it kassettebantsje ûntfytmannet majoar Anja Amasova út The Spy Who Loved Me (1977). Doe't aktrise Barbara Bach lykwols wegere om dy rol nochris te spyljen, waard in hiel nij personaazje betocht, Pola Ivanova, dy't spile waard troch Fiona Fullerton.

Foar de rol fan smjunt Max Zorin waard oarspronklik sjonger David Bowie frege. Dy sei ta, mar betocht him letter. Nei eigen sizzen hied er der gjin sin oan om "fiif moannen lang tasjen te moatten hoe't myn stunt double by kliffen del kneppelet." Dêrop waard de rol oanbean oan in oare sjonger, Sting, en doe't dy ek foar de ear betanke, waard in jonge Christopher Walken frege. Foar de rol fan Zorin syn froulike trewant May Day wisten de produsinten wol in sjonger te strikken: de Jamaikaanse Grace Jones. De rol fan Bond syn bûnsgenoat sir Godfrey Tibbett waard spile troch de bekende akteur Patrick Macnee. Hy wie de fjirde stjer út 'e tillefyzjesearje The Avengers dy't in rol yn in Bond-film krige, nei Honor Blackman yn Goldfinger en Diana Rigg en Joanna Lumley yn On Her Majesty's Secret Service.

Foar de CIA-man yn A View to a Kill (spile troch David Yip) waard yn it oarspronklike senario it fertroude personaazje fan Felix Leiter wer fan stâl helle, mar letter waard besletten om der in Aziatyske Amerikaan fan te meitsjen, mei it each op 'e grutte Aziatyske mienskip yn San Francisco. De Sweedske krêftpatser Dolph Lundgren hie yn A View to a Kill in cameo as ien fan generaal Gogol syn KGB-mannen yn 'e sêne mei de konfrontaasje tusken Gogol en Zorin. Hy hie yn 1985 in relaasje mei Grace Jones en brocht in besyk oan 'e filmset krekt op in dei dat der in figurant te min wie. Dêrom frege regisseur John Glen oft hy ek even byspringe koe.

Aktrise Maud Adams, dy't twaris earder (yn The Man with the Golden Gun en Octopussy) in Bond girl spile hie, naam in cameo foar A View to a Kill op as foarbygongster op 'e eftergrûn fan 'e sêne op Fisherman's Wharf yn San Francisco. It feit dat se net goed werom te kennen is, hat lykwols mank fans fan 'e James Bond-searje ta spekulaasje laat dat har sêne by de filmmontaazje fuortknipt is.

De opnamen foar A View to a Kill setten op 23 juny 1984 útein. De binnendoarsênes waarden, lykas by de measte dielen út 'e James Bond-rige, filme yn 'e Pinewood Studios yn Buckinghamshire. Foar de rest waard de film op lokaasje opnommen yn Iislân, Switserlân, Frankryk, Ingelân en de Feriene Steaten. De iepeningssêne yn Sibearje waard filme yn Iislân. De hynstekoers waard opnommen op 'e echte Ascot Racecourse yn Berkshire. De sênes yn 'e folstreamende myn by Hayward (Kalifornje) waarden eins filme yn in splis steand stiengat by Staines-upon-Thames en it Amberley Calks Pits Museum yn West-Sussex.

It lângoed fan Zorin wie eins it Frânske Kastiel fan Chantilly. Yn Frankryk waard ek filme yn 'e Eiffeltoer en yn 'e strjitten fan Parys. Foar de rest waard de film fierhinne opnommen yn San Francisco en omkriten: op 'e Fisherman's Wharf, by it Dunsmuir House, by it stedhûs fan San Francisco en op 'e Golden Gatebrêge. De (folle lytsere) brêge dy't te sjen is by de efterfolging mei de brânwachtauto, is de Lefty O'Doulbrêge. It loftskip yn 'e film wie in Airship Industries Skyship 500.

Doe't de produsinten ûntdieken dat der yn 'e Feriene Steaten in bedriuw wie mei in namme dy't tige by tige liek op dy fan it fiktive Zorin Industries (te witten: de Zoran Corporation), waard oan it begjin fan 'e film in disclaimer tafoege om oan it filmpublyk dúdlik te meitsjen dat it bedriuw yn 'e film op gjin inkele wize basearre wie op 'e echte ûndernimming. A View to a Kill wie de earste James Bond-film dy't sa'n disclaimer hie. (The Living Daylights hie sa'n selde disclaimer oer it Reade Krús.)

Distribúsje

bewurkje seksje

De distribúsje fan A View to a Kill waard yn 'e Feriene Steaten fersoarge troch Metro-Goldwyn-Mayer en yn oare lannen en territoaria troch United International Pictures. De film gie op 22 maaie 1985 yn San Francisco yn premiêre. It wie de earste James Bond-film dy't syn premiêre bûten it Feriene Keninkryk hie. A View to a Kill iepene op 13 juny 1985 yn 'e Britske bioskopen.

It byhearrende soundtrackalbum ferskynde yn 1985 by de platemaatskippijen EMI (Feriene Keninkryk) en Capitol Records (Feriene Steaten). De titelsong A View to a Kill, songen troch de Ingelske band Duran Duran, groeide út ta in hit dy't it earste plak berikte yn 'e Amerikaanske Billboard Hot 100-hitlist en it twadde plak yn 'e Britske UK Singles Chart.

Fan 'e filmkritisy krige A View to a Kill mingde resinsjes. Fral de leeftyd fan haadrolspiler Roger Moore lokke in protte krityk út. Sa skreau Paul Anastasio yn The Washington Post: "Hy is langer net oannimlik yn 'e aksjesekwinsjes en alhielendal net yn 'e romantyske sênes […]". Yn it tydskrift The New Yorker skreau Pauline Kael: "De James Bond-searje hat wol earder teloarstellings omfette, mar neat fan it nivo fan A View to a Kill." Hja beklage har deroer dat regisseur John Glen it ferhaal "sa apatysk" yn byld brocht hie, dat "de film sels los fan 'e reäliteit liket te stean." Dêr heakke se by wize fan ûnderbouwing oan ta: "Ik leau net dat ik ea in oare film sjoen haw wêryn't racehynders mishannele wurde, en de regisseur it net foarinoar krige om wat ferûntweardiging [ûnder it bioskooppublyk] los te krijen."

Lawrence O'Toole fan it tydskrift Maclean's fûn lykwols dat A View to a Kill ien fan 'e bêste Bond-films wie, mei "in sikebenimmende efterfolging op skys yn Sibearje", "in spektakulêre efterfoling by de Eiffeltoer op en del" en "in hertstûkjende klimaks […] boppe-op San Francisco's Golden Gatebrêge." Bond-histoarikus John Brosnan wie dêrmei iens en beskôge A View to a Kill ek as de bêste Bond-film. Ferskate oare resinsinten, ûnder wa Brian J. Arthurs fan The Beach Reporter en Norman Wilner fan MSN beoardielen A View to a Kill lykwols as de minste fan alle Bond-films, en Chris Peachment fan Time Out skreau: "[It talint fan] Grace Jones wurdt folslein fergriemd."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat A View to a Kill in ûndergemiddeld goedkarringspersintaazje fan 38%, basearre op 60 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film] is sels neffens de mjitstêven fan 'e Bond-rige absurd, en wurdt oan 'e grûn holden troch ballêst yn 'e foarm fan oerdreaune grappen en in merkber gebrek oan enezjy." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet A View to a Kill in goedkarringspersintaazje fan 40%, basearre op 20 resinsjes.

A View to a Kill brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $50,3 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $102,1 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $152,4 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $30 miljoen betsjut dat in winst fan $122,4 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Dêrmei wie de film kommersjeel súksesfol. Yn 'e Amerikaanske bioskopen ûnderfûn A View to a Kill grutte konkurrinsje fan 'e aksjefilm Rambo: First Blood Part II.

De titelsong A View to a Kill, songen troch de Ingelske band Duran Duran, waard yn 1986 nominearre foar in Golden Globe.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

James Bond (filmsearje)
films fan Eon Productions
mei Sean Connery Dr. No (1962) • From Russia with Love (1963) • Goldfinger (1964) • Thunderball (1965) • You Only Live Twice (1967) • Diamonds Are Forever (1971)
mei George Lazenby On Her Majesty's Secret Service (1969)
mei Roger Moore Live and Let Die (1973) • The Man with the Golden Gun (1974) • The Spy Who Loved Me (1977) • Moonraker (1979) • For Your Eyes Only (1981) • Octopussy (1983) • A View to a Kill (1985)
mei Timothy Dalton The Living Daylights (1987) • Licence to Kill (1989)
mei Pierce Brosnan GoldenEye (1995) • Tomorrow Never Dies (1997) • The World Is Not Enough (1999) • Die Another Day (2002)
mei Daniel Craig Casino Royale (2006) • Quantum of Solace (2008) • Skyfall (2012) • Spectre (2015) • No Time to Die (2021)
films fan oare studio's
Casino Royale (1954) • Casino Royale (1967) • Never Say Never Again (1983)