Komeet fan Halley
De komeet 1P/Halley, better bekend as de komeet fan Halley, is ien fan de bekendste en helderste periodike kometen. De komeet is ferneamd nei Edmond Halley, de persoan dy't foar it earst fêststelde dat eardere kometen út de skiednis, neffens in seker patroan hieltyd werom komme en sadwaande deselde wêze moatte. Hy foarsei dat de komeet yn 1758 werom keare soe.
Dy foarsizzing kaam út. Op it eilân Hawaii wie de ferskining yn 1758 grut nijs: dêr waard de komeet sjoen as de oankundiging fan de takommende hearskippij fan kening Kamehameha I.
De komeet Halley hat in omrintiid fan likernôch 76 jier. De lêste kear dat er de ierde foarby kaam wie yn 1986, alhoewol't de komeet doe amper te sjen wie mei it bleate each. Troch de romtesonde Giotto binne der doe foto's makke dêr't de kearn op te sjen is.
Yn 2061 komt de komeet wer tichteby ús planeet.