Moonraker is in Britsk-Amerikaansk-Frânske spionaazjeskriller en science fiction-film út 1979 ûnder rezjy fan Lewis Gilbert, mei yn 'e haadrollen Roger Moore as geheim agint James Bond en Lois Chiles as Bond girl Holly Goodhead. De titel betsjut "Moannekliuwer" of "Moanneklauwer" of "Moannerikker". De film is yn namme basearre op 'e roman mei deselde namme fan Ian Fleming út 1955, mar eins is it senario in folslein nij ferhaal, dêr't mar in pear ploteleminten en wat nammen út 'e roman yn oernommen binne.

Moonraker
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Lewis Gilbert
produsint Albert R. Broccoli
útfierend
   produsint
Michael G. Wilson
senario Christopher Wood
basearre op de roman fan Ian Fleming
kamerarezjy Jean Tournier
muzyk John Barry
filmstudio Eon Productions
Productions Artistes Associés
distribúsje United Artists
spilers
haadrollen Roger Moore
Lois Chiles
byrollen Michael Lonsdale
Richard Kiel
Toshiro Suga
Corinne Cléry
Emily Bolton
skaaimerken
lân/lannen Feriene Keninkryk
Feriene Steaten
Frankryk
premiêre 26 juny 1979
foarm langspylfilm
sjenre science fiction-spionaazjeskriller
taal Ingelsk
spyltiid 126 minuten
budget en resultaten
budget $34 miljoen
opbringst $210,3 miljoen
filmsearje
filmsearje James Bond
● foarich diel The Spy Who Loved Me
● folgjend diel For Your Eyes Only

It ferhaal folget Bond by in ûndersyk nei de dieverij fan in space shuttle, dat him nei de smoarrike yndustrieel Hugo Drax liedt. Tegearre mei romtewittenskipster en CIA-aginte dr. Holly Goodhead folget er it spoar fan Kalifornje fia Feneesje en Rio de Janeiro nei it Amazônegebiet, dêr't Drax in geheime lansearbasis boud hat. Hy blykt fan doel te wêzen in nij superras te skeppen troch mei syn útkarden ôf te setten nei in romtestasjon yn in baan om 'e Ierde, dat er yn it djipste geheim bouwe litten hat. Dêrnei wol er de rest fan 'e minskheid útrûgje mei senuwgas.

Moonraker wie it alfde diel út 'e James Bond-filmsearje en folge as sadanich op The Spy Who Loved Me. De film waard nominearre foar in Oscar en trije Saturn Awards. Fan 'e filmkritisy krige Moonraker mingde resinsjes, mar yn 'e bioskopen wie it in reuseftich kommersjeel súkses. In folgjend diel yn 'e filmsearje wie For Your Eyes Only, dat útkaam yn 1981.

In space shuttle, de Moonraker, dy't troch de Feriene Steaten útliend wurdt oan it Feriene Keninkryk, wurdt ûnderweis nei Jeropa op 'e rêch fan in shuttledragerfleantúch yn 'e loft kaapt troch ûnbekenden. Dat resultearret yn it delstoarten fan it dragerfleantúch en de dea fan 'e bemanning. As tusken de wrakstikken fan it dragerfleantúch gjin spoar fan 'e space shuttle weromfûn wurde kin, wurdt de Britske ynljochtingetsjinst MI6 ynskeakele. M, de sjef fan 'e tsjinst, set syn bêste geheim agint op 'e saak: James Bond.

Wylst dyselde yn in privee-fleantúch ûnderweis is nei Londen, wurdt er oanfallen troch de piloat en de stewardess. Dy blike gear te wurkjen mei Bond syn fijân Jaws, in reuseftige hiermoardner mei in stielen gebit, dy't Bond earder befochten hat yn The Spy Who Loved Me. Bond wurdt troch Jaws út it ûnklear makke fleantúch smiten, mar oerlibbet de moardoanslach troch by syn fal de piloat oermânsk te wurden en dy syn parasjute te stellen. De piloat falt te pletter, mar Jaws, waans parasjute wegeret iepen te gean, lânet op in sirkustinte en dêrnei yn it trapezenet yn 'e tinte en komt der sa wer sûnder kleanskuorren ôf.

Nei't er oer de nije saak foarljochte is troch M en de Britske minister fan Definsje sir Frederick Gray, set Bond ôf nei de Amerikaanske steat Kalifornje, dêr't de ferdwûne space shuttle makke is troch it bedriuw Drax Industries. Dat is eigendom fan 'e smoarrike en eksintrike yndustrieel Hugo Drax, dy't in folslein Frânsk château stien foar stien ôfbrekke, nei Kalifornje oerbringe en dêr wer opbouwe litten hat. Bond wurdt op 'e lofthaven fan Los Angeles ôfhelle troch Corinne Dufour, in wurknimster fan Drax Industries, dy't him yn in helikopter nei it bedriuw ta bringt. Dêr wurdt Bond gastfrij ûnthelle troch Drax, wêrnei't er in rûnlieding kriget fan astronaute en romtewittenskipster dr. Holly Goodhead, in oare wurknimster fan Drax Industries. Sadree't Bond by him wei gien is, lit Drax it masker fan fatsoen sakje en jout er syn trewant Chang opdracht om derop ta te sjen dat Bond wat oerkomt.

Dr. Goodhead hâldt en draacht har koel foar Bond oer en as se him de sintrifúzjekeamer sjen lit, dêr't astronauten training mei hegere G-krêften ûndergeane, daget se him út om soks sels te besykjen. Hoewol't dêr gjin inkele oanlieding foar bestiet, nimt Bond de útdaging oan. Chang soarget derfoar dat sawol Goodhead as de tafersjochhâlder yn 'e kontrôlekeamer fuortroppen wurde, en fiert dan de G-krêften, dêr't Bond oan bleatsteld wurdt, op oant libbensgefaarlik nivo. Bond ûntsnapt oan 'e dea troch mei in pylkjes ôffjurjend meganisme yn syn horloazje de apparatuer yn 'e gondel stikken te meitsjen.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Dy nachts sliept Bond mei Corinne Dufour en kloarket har ûnderwilens út oer Drax. Letter kringt er de wurkkeamer fan Drax binnen, dêr't Corinne, dy't him folge is, him by fersin helpt om 'e klûs te finen. Bond wit dy iepen te krijen, fotografearret de papierren dy't er dêryn oantreft en rommet alles wer op sa't it wie doe't er de wurkkeamer binnen kaam. Wat er net wit, is dat Chang it hiele barren sjoen hat. De oare deis, nei't er by in driuwjacht in nije moardoanslach op himsels feridele hat, nimt Bond ôfskie fan Drax en jout him ôf. Neitiid lit Drax Corinne by him roppe. Hy fertelt har dat er alles ôfwit fan har ferrie en ûntslacht har, wêrnei't er har deabite lit troch syn beide dobermanns.

Op basis fan 'e merknamme fan 'e glêsfabrikant Venini, dy't er op ien fan 'e dokuminten út Drax syn klûs oantroffen hat, reizget Bond nei Feneesje, dêr't er by de glêsblazerij op ûndersyk út giet. Hy treft dêr op 'e nij dr. Goodhead, dy't de boel ek liket te ûndersykjen. Neitiid, as er himsels yn in gondel troch de grêften fan Feneesje farre lit, wurdt Bond efterfolge troch in pear hiermoardners yn in motorboat. Hy ûntkomt oer lân as bliken docht dat syn gondel tarist is mei in opblaasber kjessen oan 'e ûnderkant, sadat it ek in hoovercraft is.

As er dyselde jûns weromgiet nei de glêsblazerij om fierder ûndersyk te dwaan, ûntdekt Bond dêr in geheim laboratoarium, dêr't glêzen medisynfleskes makke wurde dy't in krêftich senuwgas blike te befetsjen. As troch Bond syn tadwaan in pear laboranten sa'n fleske kneppelje litte sadat it brekt, komme se op aaklike mar relatyf flugge wize oan harren ein, wylst de proefrotten yn 'e koaien der neat fan oerkomt. As Bond it gebou wer ferlitte wol, wurdt er oanfallen troch Chang, mar nei in lang gefjocht wêrby't se almar heger klimme, smyt Bond him troch de glês-yn-leadwizerplaat fan 'e klokketoer, dat er te pletter falt.

Neitiid siket Bond Goodhead op yn har hotelkeamer, dêr't er oan 'e hân fan har (mei deadlike gadgets tariste) persoanlike besittings fêststelt dat se eins in aginte fan 'e Amerikaanske ynljochtingetsjinst CIA wêze moat dy't yn 'e organisaasje fan Drax ynfiltrearre is. Hja ferliede inoar en bringe tegearre de nacht troch, mar ier de oare moarns pykt Bond út om alaarm te slaan oer it senuwgaslaboratoarium. As er mei M, de spesjaal hjirfoar oerkommen minister Gray en de Italjaanske autoriteiten in ynfal by de glêsblazerij docht, blykt it laboratoarium lykwols yn 'e tuskentiid folslein fuorthelle te wêzen. It selskip wurdt ynstee opwachte troch Drax sels, en minister Gray hat gjin oare kar as om wiidweidich syn ûntskuldigings oan 'e sakeman oan te bieden. Hy is not amused oer dizze gong fan saken en oarderet M om Bond fan 'e saak te heljen en mei ferlof te stjoeren.

M moat wol dwaan wat him opdroegen wurdt, mar hy jout Bond yn bedutsen bewurdings te kennen om syn ûndersyk ûnderwilens troch te setten. Bond langet him it fleske mei senuwgas oer dat er earder út it laboratoarium mei gaudieve hie, en drukt him op it hert om Q, de kertiermaster fan MI6, ekstreme feilichheidsmaatregels nimme te litten foar't er it ûndersiket. Under it gefjocht mei Chang is Bond by ferskate kisten lâns kommen dy't klear stiene om ferstjoerd te wurden nei in bedriuw yn Rio de Janeiro, wat sadwaande syn kar wurdt as bestimming om mei 'ferlof' te gean.

Yn Rio wurdt Bond ûnthelle troch Manuela, in aginte fan 'e Brazyljaanske geheime tsjinst dy't mei him gearwurkje moat en mei wa't Bond prompt op bêd giet. Underwilens hiert Drax nei de dea fan Chang in ferfanger yn om Bond út 'e ljochten te helpen: nimmen oars as Jaws. As Bond yn Rio ûndersyk begjint te dwaan, komt dyselde him al rillegau op it spoar. Jûns let, ûnder it Karnaval fan Rio, as Bond by it bedriuw ynbrekt dêr't de kisten yn Feneesje oan adressearre wiene, komt Jaws Manuela oer it mad. Hy fermoardet har op in hier nei, mar kin syn plan earst net trochsette fanwegen passearjende feestgongers en letter om't Bond weromkomt en Manuela rêdt.

De oare deis giet Bond nei de top fan 'e Sûkerbôleberch, dêr't er mei in fierrekiker it fleanfjild yn 'e rekket hâldt as der oan 'e rinnende bân frachtfleantugen fan Drax Industries opstiigje. Op 'e berch komt er Goodhead wer tsjin, dy't dêr om deselde reden is. Hja beslute no om mar gear te wurkjen, om't se inoar oars dochs mar foar de fuotten rinne. As se wer omleech nei de stêd geane, wurde se op 'e gondelbaan it slachtoffer fan in nije oanslach fan Jaws. Dy witte Bond en Goodhead wûnderwol te oerlibjen, mar fuort neitiid wurde se finzen nommen troch oare trewanten fan Drax. Underwilens stoart de gondel fan Jaws del, mar hy oerlibbet it debakel op 'e nij sûnder neamenswurdige ferwûnings. In lytseftige jonge frou, Dolly, helpt him út 'e brokstikken te klimmen, en foar har beiden is it leafde op it earste gesicht as se inoar sjogge.

Bond en Goodhead wurde yn in 'ambulânse' laden en meinommen, en Bond wit as iennichste te ûntsnappen. Hy bejout him nei it pleatslike haadkertier fan MI6, dat de dekmantel fan in kleaster brûkt. Dêr heart er fan Q dat it senuwgas út it fleske út it laboratoarium raffinearre is út in seldsume orgideeësoarte dy't inkeld op in ôfhandich plak yn it oerwâld fan it Amazônegebiet foarkomt. Bond fart mei in oanpaste speedboat de sydrivier fan 'e Amazône yn dy krite op, dêr't er al rillegau oanfallen wurdt troch Jaws en oare trewanten fan Drax, dy't har eigen speedboaten hawwe. As se him op in reuseftige wetterfal ta driuwe, ûntkomt er mei in hangglider troch de loft, wylst Jaws by fersin oer de wetterfal fart.

Nei't er net fier dêrôf yn it tropysk reinwâld delkommen is, ûntdekt Bond de geheime basis fan Drax, dêr't er nei binnen lokke wurdt troch ien fan Drax syn froulike trewanten. Hja smite him yn in poel dêr't er oanfallen wurdt troch in reuseftige anakonda, mar Bond wit it gefjocht mei it bist te winnen. As er neitiid wer op it drûge kladderet, wurdt er finzen nommen troch Drax en de net stikken te krijen Jaws, dy't ek de fal oer de râne fan 'e wetterfal sûnder skeadlike effekten trochstien hat. Neitiid is Bond der tsjûge fan hoe't fjouwer Moonraker-space shuttles lansearre wurde. Op syn fraach wêrom't Drax de oandacht op himsels fêstige hat troch in space shuttle te ferkeapjen oan 'e Amerikaanske oerheid en it ding dêrnei werom te stellen, antwurdet Drax dat er ferlet hat fan seis space shuttles, en dat yn ien fan syn eigen in produksjeflater slûpt wie dy't him ûnbrûkber makke.

Drax werienet Bond mei dr. Goodhead en bewissiget harren derfan dat se in plak op 'e earste rang hawwe sille as er sels mei de Moonraker 5 ôfset. It docht bliken dat se finzen set wurde ûnder it lansearplatfoarm, sadat se, as de shuttle lansearre wurdt, deabrând wurde sille troch de útlaatflammen. Sadree't se allinne litten wurde, witte Bond en Goodhead lykwols te ûntsnappen troch in ôfwetteringstunnel, en ûntkomme sa nauwerneed oan 'e dea. Dêrnei ynfiltrearje se de basis en nimme it plak yn fan 'e piloaten fan 'e Moonraker 6. De shuttle folget in koers dy't yn 't foar ynfierd is yn 'e autopiloat, sadat se sels neat hoege te dwaan. De 'fracht', dy't se ferfiere, blykt te bestean út tsientallen pearkes kreaze jonge minsken. Bond kriget der daliks in 'ark fan Noäch'-gefoel by.

De Moonraker 6 bringt Bond en Goodhead, ta har ferheardens, nei in reuseftich romtestasjon dat yn in baan om 'e Ierde draait. Nimmen wit fan it bestean fan it stasjon ôf, dat Drax blykber yn it djipste geheim bouwe litten hat, om't it foar de radar ferburgen wurdt troch in radarfersteurend bemantelingsapparaat. Bond en Goodhead riddenearje dat de regearings fan 'e supermachten perfoarst yngripe soene as se wisten dat it romtestasjon bestie. Dat, nei't se mei de oare ynsittenden fan 'e seis space shuttles oan board fan it stasjon gien binne, geane se daliks op 'e siik nei de lokaasje fan 'e radarfersteuring. Se deadzje de betsjinners en ferniele de apparatuer. Neitiid stjoert de Amerikaanske oerheid nei oerlis mei de Sovjet-Uny, yn in seldsum gefal fan mienriedigens tusken de supermachten, fuortendaliks in space shuttle mei in ôfdieling mariniers de romte yn om it romtestasjon te ûnderskeppen.

Underwilens wurde Bond en Goodhead ûntdutsen en fannijs finzen nommen troch Jaws. Hy bringt harren by Drax, dy't útleit dat er fan doel is om út it romtestasjon wei fyftich bollen mei it tige deadlike senuwgas te lansearjen, dy't elts 100 miljoen minsken deadzje sille as it gas yn 'e atmosfear fan 'e Ierde frijkomt. Op dy wize wol er de hiele minskheid útrûgje, útsein de ferskate hûnderten pearkes kreaze, jonge en fral genetysk perfekte minsken dy't er mei omheech nommen hat nei it romtestasjon. Dyselden moatte mei-inoar de foarâlden fan in nij superras wurde, dat meitiid, as it senuwgas oplost is, weromgean kin omleech om 'e Ierde te ervjen. Om't it gas foar bisten en planten ûnskeadlik is, sil it natuerlik lykwicht der net troch oantaast wurde.

De slûchslimme Bond freget noch eefkes om ferdúdliking op it punt fan wat der barre sil mei eltsenien dy't net genetysk perfekt is, en Drax antwurdet, dom genôch, dat sokken "fansels" útrûge wurde moatte. Op dat stuit beseft de reuseftige Jaws dat hy en syn lytse, brildragende faam Dolly bepaald net foldogge oan Drax syn standert foar perfeksje, en dat se grif deamakke wurde sille sadree't Drax gjin behoefte mear oan harren hat. As Drax Bond en Goodhead út in luchtslûs de romte yn blaze wol, falt Jaws ynienen de oare wachters oan. Bond skeakelet de rotaasje fan it stasjon út, sadat de keunstmjittige swiertekrêft útfalt. Dêrtroch misse Drax syn trewanten de kâns om 'e neieroan kommende space shuttle fol mariniers mei in laserwapen op ôfstân te ferneatigjen.

Der ûntjout him in gefjocht yn 'e romte tusken guon fan 'e mariniers en in kloft trewanten fan Drax, dy't allegear tarist binne mei manned maneuvering units. De Amerikaanske space shuttle wit it stasjon te berikken en oan te keppeljen, wêrnei't de rest fan 'e mariniers it stasjon binnenkringt. Yn 'e kontrôlekeamer hat him ûnderwilens in gefjocht ûntjûn tusken Bond, Goodhead en Jaws oan 'e iene kant en Drax-en-dy oan 'e oare kant. Troch de help fan Jaws wurde de trewanten fan Drax ferslein. De oerlibjende mariniers lûke har werom nei har space shuttle en sette ôf foar't it te let is, want by de striid hat it romtestasjon slimme skea oprûn en fan gefolgen begjint it útinoar te fallen. Middenmank alle gaos efterfolget Bond Drax. As Drax in wapen fynt en Bond deasjitte wol, ferwûnet Bond him mei in pylkje út syn horloazje, wêrnei't er him yn in luchtslûs triuwt en de romte yn blaast.

Underwilens binne der lykwols al trije fan 'e bollen mei senuwgas troch it stasjon útsmiten. De rest fan dy dingen sil ferneatige wurde mei it stasjon, mar de trije útsmiten bollen kinne op it Ierdoerflak noch foar withoefolle miljoenen deaden soargje. Bond en Goodhead kape dêrom de Moonraker 5, it tastel fan Drax sels, dat tarist is mei in laserwapen. Mei help fan Jaws witte se los te keppeljen en sette se efter de bollen oan. De earste beide kinne se relatyf maklik ferneatigje, mar de trêde nimt mear muoite en hoewol't se it úteinlik wol oprêde, kostet it hast har dea. Underwilens binne Jaws en Dolly it romtestasjon ûntflechte yn ien fan Drax syn rêdingskapsules, wêrnei't se oppikt wurde troch de space shuttle mei mariniers. Bond en Goodhead hawwe harren misje folbrocht en kinne no weromkeare nei de Ierde, mar Goodhead freget Bond om har "noch ienris de wrâld yn 't rûn" te bringen. As M en minister Gray eefkes letter fia fideo kontakt meitsje mei de Moonraker 5, binne se fernuvere om Bond en Goodhead te trappearjen wylst se de leafde bedriuwe yn in steat fan gewichtleazens.

Rolferdieling

bewurkje seksje
 
Roger Moore.
 
Michael Lonsdale (2011).
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
MI6-agint James Bond Roger Moore
CIA-aginte dr. Holly Goodhead Lois Chiles


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Hugo Drax Michael Lonsdale
Jaws Richard Kiel
Chang Toshiro Suga
Corinne Dufour Corinne Cléry
Manuela Emily Bolton
M, haad fan MI6 Bernard Lee
Q, kertiermaster fan MI6 Desmond Llewelyn
Britsk minister fan Definsje sir Frederick Gray Geoffrey Keen
Dolly, de faam fan Jaws Blanche Ravalec
kolonel Scott Michael Marshall
stewardess (iepeningssêne) Leila Shenna
piloat (iepeningssêne) Jean-Pierre Castaldi
museumgids Anne Lonnberg
juffer Moneypenny Lois Maxwell
generaal Gogol Walter Gotell
gondelier Claude Carliez
tsjeppe blondine Irka Bochenko

Produksje en distribúsje

bewurkje seksje

De ôftiteling fan 'e foargeande James Bond-film, The Spy Who Loved Me, einige mei de tekst "James Bond sil weromkeare yn For Your Eyes Only." Doe't lykwols troch it súkses fan 'e film Star Wars (1977) in science fiction-raazje ûntstie, goaide men it roer om en waard it earstfolgjende diel fan 'e filmrige ynstee it oer romtefeart geande Moonraker.

 
De helikopter wêryn't James Bond yn Moonraker nei it fabryk fan Drax Industries en it château fan Drax ta brocht wurdt.

De film wie yn namme basearre op 'e roman Moonraker, út 1955, fan Ian Fleming. Dyselde hie it ferhaal oarspronklik foar in film bedoeld, mei't er der earst in senario fan skreau, en dat pas letter omwurke ta de roman. Foar it senario fan 'e úteinlike film, dat skreaun waard troch Christopher Wood, waard lykwols in hiel nij ferhaal betocht. Ut 'e oarspronklike roman fan Fleming waarden net mear as wat nammen fan personaazjes en inkele ploteleminten oernommen. De film ferskilde sels sa sterk fan 'e roman, dat Wood frege waard om in ferboeking fan syn senario te skriuwen, dy't tagelyk mei de film útbrocht waard. De ferboeking hiet James Bond and Moonraker om betizing mei de roman Moonraker fan Fleming foar te kommen.

Moonraker waard regissearre troch Lewis Gilbert, dy't earder al de Bond-films You Only Live Twice (1967) en The Spy Who Loved Me (1977) makke hie. Yn 1978 hie Steven Spielberg oanbean om 'e folgjende Bond-film te regissearjen nei't er klear wie mei Close Encounters of the Third Kind, mar de produsint fan Moonraker hie dat oanbod ôfwiisd. Dy produsint wie Albert R. Broccoli, dy't by it projekt belutsen wie foar syn eigen filmstudio Eon Productions en foar Productions Artistes Associés, de Frânske tûke fan 'e Amerikaanske studio United Artists (UA). Michael G. Wilson, de styfsoan fan Broccoli, beklaaide de posysje fan útfierend produsint.

Foar Moonraker wie in budget beskikber fan $34 miljoen, oansjenlik mear as foar alle foargeande James Bond-films en mear as twa kear safolle as foar de foargeande film, The Spy Who Loved Me. De film waard finansierd troch UA en wie in Britsk-Amerikaansk-Frânske ko-produksje. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Jean Tournier, en de filmmuzyk waard fersoarge troch John Barry. De titelsong Moonraker waard songen troch Shirley Bassey, dy't al twa kear earder de titelsong fan in James Bond-film songen hie, te witten: fan Goldfinger en fan Diamonds Are Forever.

 
It unifoarm foar astronauten fan Drax Industries dat yn Moonraker droegen wurdt troch James Bond nei't er Drax syn organisaasje ynfiltrearre hat.

Roger Moore kearde yn Moonraker foar de fjirde kear werom yn 'e rol fan geheim agint James Bond. Filmprodusint Albert R. Broccoli hie foar de rol fan Bond girl Anja Amasova yn 'e foargeande film The Spy Who Loved Me de Amerikaanske aktrise Lois Chiles op it each hân, mar nei't har ympressario him ferteld hie dat dy opholden wie mei aktearjen, hied er oars om him hinne sjoen (de rol wie úteinlik nei Barbara Bach gien). By tafal kaam Chiles lykwols njonken regisseur Lewis Gilbert yn it fleantúch te sitten doe't Moonraker yn 'e preproduksjefaze ferkearde, en ûnder de fleanreis wist dy har te bepraten om 'e rol fan Bond girl Holly Goodhead oan te nimmen. Dy rol wie dêrfoar al oanbean oan Jaclyn Smith, dy't it wol dwaan wollen hie, mar net koe omreden fan ferplichtings mei de opnamen fan 'e tillefyzjesearje Charlie's Angels.

De rol fan Hugo Drax, de antagonist yn Moonraker, soe oarspronklik spile wurde troch de Britske akteur James Mason, mar doe't dúdlik waard dat de film in ko-produksje wurde soe dêr't Frankryk yn behelle wie, waard omreden fan ferplichtings ûnder de Britsk-Frânske filmoerienkomst fan 1965-1979 ynstee keazen foar de Frânske akteur Michael Lonsdale. Om deselde reden waard Fransêze Corinne Cléry cast yn 'e rol fan Corinne Dufour. De rol fan Chang, de Eastaziatyske trewant fan Drax, waard spile troch de Japanske aikido-ynstrukteur Toshiro Suga, dy't dêrfoar oanrikkemandearre waard troch útfierend produsint Michael G. Wilson, ien fan syn learlingen. Bernard Lee, Desmond Llewelyn en Lois Maxwell kearden yn Moonraker wer werom yn harren âlde rollen fan M, Q en juffer Moneypenny. Maxwell har 22-jierrige dochter Melinda figurearre yn 'e film as ien fan 'e jonge minsken dy't troch Drax útornearre binne om syn superras te skeppen.

De 2.18 m lange Richard Kiel kearde nei syn optreden yn The Spy Who Loved Me werom yn 'e rol fan Jaws, wylst oan 'e begjinnende Frânske aktrise Blanche Ravalec de rol fan syn faam Dolly jûn waard. Oarspronklik soe Dolly like reuseftige grut as Jaws wêze, mar dat liek Kiel net goed ta, en hy stie derop dat dat oars soe. De produsinten wiene skeptysk oft it publyk it ferskil yn grutte tusken Jaws en de lytse Dolly wol oannimlik fine soene, mar doe't Kiel harren foto's sjen liet fan syn frou, dy't like grut (of lyts) wie as Ravalec, rekken se oertsjûge fan syn gelyk. It hie eins de bedoeling west dat Jaws op 'e nij oan 'e bittere ein ta in fijân fan Bond bliuwe soe, mar regisseur Lewis Gilbert krige nei eigen sizzen nei The Spy Who Loved Me safolle post fan bern dy't him fregen wêrom't Jaws net in held wêze koe, dat er úteinlik oerstaach gie.

De opnamen foar Moonraker setten op 14 augustus 1978 útein. Der waard op lokaasje filme yn Frankryk (Parys), it Feriene Keninkryk (Londen), de Feriene Steaten (Palmdale yn Kalifornje en Port St. Lucie en it Kennedy Space Center yn Floarida), Itaalje (Feneesje), Brazylje (Rio de Janeiro en de Iguazuwetterfal) en Gûatemala (ruïnes fan Tikal).

 
It Kastiel fan Vaux-le-Vicomte, yn Maincy, gie yn Moonraker troch foar Drax syn Frânske château yn Kalifornje.

Om budgettêre redens (fanwegen de hege belesting yn it Feriene Keninkryk) waard foar de opnamen fan 'e binnendoarsênes útwykt nei Frankryk, hoewol't dy foar James Bond-films ornaris yn 'e Pinewood Studios yn Buckinghamshire filme waarden. Foar Moonraker waarden dêr lykwols inkeld de sêne binnenyn 'e gondel by de Sûkerbôleberch en dy fan it gefjocht yn 'e romte bûten it romtestasjon opnommen. De reuseftige filmsets dy't ûntwurpen waarden troch produksje-ûntwerper Ken Adam wiene de grutsten dy't oant doe ta ea yn Frankryk makke wiene, en yn 'e konstruksje siet mear as 222.000 manoeren wurk.

It Kalifornyske château fan Drax wie eins it Kastiel fan Vaux-le-Vicomte, dat likernôch 55 km súdeastlik fan Parys stiet. De measte binnendoarsênes yn it château waarden lykwols filme yn it Kastiel fan Guermantes. Sfearbylden fan it Karnaval fan Rio de Janeiro waarden opnommen troch in kameraploech dy't dêr begjin 1978 spesjaal foar dat doel hinne stjoerd wie. De opnamen fan 'e eigentlike filmsênes fan Moonraker yn Rio de Janeiro rûnen ferskate dagen fertraging op trochdat Roger Moore in nije oanfal fan nierstiennen krige. By it opnimmen fan 'e sêne mei de gondelbaan by de Sûkerbôleberch glied stuntman Richard Graydon út op it dak fan 'e gondel en koed er mar kwealk foarkomme dat er te pletter foel. Foar de sêne wêryn't Jaws syn stielen gebit brûkt om troch de keabel fan 'e gondelbaan hinne te biten wie de 'keabel' makke fan drop.

It fabryk fan Rockwell International yn Palmdale gie troch foar it Moonraker-fabryk yn Kalifornje. Foar de geheime basis fan Drax yn it Amazônegebiet waarden de ruïnes fan 'e âlde Maya-stêd Tikal brûkt, yn it oerwâld fan Gûatemala yn Midden-Amearika. De iepeningssêne mei de parasjutesprong waard filme boppe de Berryessa-mar yn noardlik Kalifornje, mei stuntman Jake Lombard as Bond en skydivingkampioen B.J. Worth as de piloat fan wa't Bond de parasjute ôfpakt.

 
De gondelbaan nei de Sûkerbôleberch yn Rio de Janeiro.

Distribúsje

bewurkje seksje

De distribúsje fan Moonraker waard fersoarge troch United Artists. De film gie op 26 juny 1979 yn Londen yn premiêre, en iepene dyselde deis noch yn 'e Britske bioskopen. Op 29 juny kaam de film ek út yn 'e Amerikaanske bioskopen. Yn Frankryk waard Moonraker pas yn oktober fan dat jier yn 'e bioskoop brocht, doe't er yn it meastepart fan 'e wrâld al lang en breed draaide. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde yn 1979 by platemaatskippij United Artists Records.

Fan 'e filmkritisy krige de film mingde resinsjes. Yn The New York Times omskreau Vincent Canby Moonraker as "ien fan 'e meast ferheffende Bond-films fan allegear". Dêr heakke er oan ta: "Hast eltsenien dy't mei de film te krijen hat, is yn topfoarm, sels Moore." Yn 1981 skreau Canby dat Moonraker nei Goldfinger de bêste Bond-film aller tiden wie. Yn 1979 hie Jay Scott fan 'e Kanadeeske krante The Globe and Mail persiis itselde beweard. Yn it Amerikaanske tydskrift Time skreau Frank Rich oer Moonraker: "It resultaat is in film dy't ûnwjersteanber fermaaklik is sa't inkeld in gedachteleas spektakel dat wêze kin. Dyjingen dy't al santjin jier lang alle Bond-films folgje, binne miskien net oertsjûge troch Moonraker, mar fierders sil eltsenien dat perfoarst wol wêze."

Oare kritisy beskôgen Moonraker lykwols as ien fan 'e mindere films yn 'e searje. Dêrfoar fierden se ornaris de absurditeit fan 'e plot oan, hoewol't The Spy Who Loved Me, mei in plot dy't teminsten like absurd is, wol better wurdearre waard. Oare minpunten wiene neffens de kritikasters fan Moonraker guon fan 'e komyske eleminten yn 'e film en de wiidweidige dialooch. Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times hie lof foar de special effects en de ekstrafagante filmsets, mar bekritisearre de lokaasjes dêr't de film him hinne beweecht mei de wurden: "[Moonraker] sit sa smoarfol fiere plakken en science fiction-special effects dat Bond drave moat om alle sênes te heljen." Danny Peary skreau yn 1986 yn syn Guide for the Film Fanatic dat Moonraker de minste Bond-film oant doe ta wie, mei "aksjesênes sûnder fantasij en 'humoristyske' efterfolgingen". Neffens him wie der "kwealk spanning en de humor mislearret."

 
De speedboat wêrmei't James Bond yn Moonraker yn it Amazônegebiet op 'e sneup giet nei de geheime basis fan Hugo Drax.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Moonraker in tuskenbeiden goedkarringspersintaazje fan 60%, basearre op 52 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Mei ien fan 'e bespotlikste plots fan 'e hiele searje, mar tarist mei treflike gadgets en spektakulêre sets is [de film] sawol healwiis as fermaaklik." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Moonraker in goedkarringspersintaazje fan 66%, basearre op 13 resinsjes.

Moonraker brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $70,3 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $140,0 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $210,3 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $34 miljoen betsjut dat in winst fan $176,3 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Dêrmei behelle Moonraker in rekôropbringst foar in James Bond-film, dat pas ferbrutsen waard troch GoldenEye yn 1995.

Moonraker waard yn 1980 nominearre foar de Oscar foar bêste special effects. De film waard ek nominearre foar trije Saturn Awards, foar bêste science fiction-film, bêste byrol fan in akteur (Richard Kiel as Jaws) en bêste special effects.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


James Bond (filmsearje)
films fan Eon Productions
mei Sean Connery Dr. No (1962) • From Russia with Love (1963) • Goldfinger (1964) • Thunderball (1965) • You Only Live Twice (1967) • Diamonds Are Forever (1971)
mei George Lazenby On Her Majesty's Secret Service (1969)
mei Roger Moore Live and Let Die (1973) • The Man with the Golden Gun (1974) • The Spy Who Loved Me (1977) • Moonraker (1979) • For Your Eyes Only (1981) • Octopussy (1983) • A View to a Kill (1985)
mei Timothy Dalton The Living Daylights (1987) • Licence to Kill (1989)
mei Pierce Brosnan GoldenEye (1995) • Tomorrow Never Dies (1997) • The World Is Not Enough (1999) • Die Another Day (2002)
mei Daniel Craig Casino Royale (2006) • Quantum of Solace (2008) • Skyfall (2012) • Spectre (2015) • No Time to Die (2021)
films fan oare studio's
Casino Royale (1954) • Casino Royale (1967) • Never Say Never Again (1983)