For Your Eyes Only (film)
For Your Eyes Only is in Britsk-Amerikaanske spionaazjeskriller út 1981 ûnder rezjy fan John Glen, mei yn 'e haadrollen Roger Moore as geheim agint James Bond en Carole Bouquet as Bond girl Melina Havelock. De titel betsjut "Allinne foar dyn Eagen". De film is basearre op twa koarte ferhalen út 'e ferhalebondel mei deselde namme fan Ian Fleming út 1960. It ferhaal draait om in raketliedsysteem yn in ta sinken brocht skip, dat Bond tsjin eltse priis weromfine moat foar't it yn 'e hannen fan 'e Sovjet-Uny falt. By syn ûndersyk rekket er behelle yn 'e fete tusken twa lûsje Grykske sakelju, de syktocht fan in jonge frou om har fermoarde âldelju te wreekjen, en de training fan in jonge sportster foar it wrâldkampioenskip keunstriden. For Your Eyes Only wie it tolfde diel út 'e James Bond-filmsearje en folge as sadanich op Moonraker. De titelsong fan 'e film, songen troch Sheena Easton, waard nominearre foar sawol in Oscar as in Golden Globe. Fan 'e filmkritisy krige For Your Eyes Only doedestiden mingde, mar no oer it algemien positive resinsjes, en yn 'e bioskopen wie de film in kommersjeel súkses. In folgjend diel yn 'e James Bond-rige wie Octopussy, dat útkaam yn 1983.
For Your Eyes Only | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | John Glen | |
produsint | Albert R. Broccoli | |
útfierend produsint |
Michael G. Wilson | |
senario | Richard Maibaum Michael G. Wilson | |
basearre op | 2 koarte ferhalen fan Ian Fleming | |
kamerarezjy | Alan Hume | |
muzyk | Bill Conti | |
filmstudio | Eon Productions | |
distribúsje | United Artists | |
spilers | ||
haadrollen | Roger Moore Carole Bouquet | |
byrollen | Julian Glover Chaim Topol Cassandra Harris Michael Gothard Lynn-Holly Johnson | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Keninkryk Feriene Steaten | |
premiêre | 24 juny 1981 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | spionaazjeskriller | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 127 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $28 miljoen | |
opbringst | $195,3 miljoen | |
filmsearje | ||
filmsearje | James Bond | |
● foarich diel | Moonraker | |
● folgjend diel | Octopussy |
Filmbeskriuwing
bewurkje seksjeIepeningssêne
bewurkje seksjeDe film iepenet mei in sêne dy't folslein los stiet fan 'e eigentlike plot. Dêryn wurdt der in omslachtige moardoanslach op Bond útfierd mei in radiografysk bestjoerde helikopter troch in net dúdlik yn byld brochte keale man yn in rolstoel. Dyselde hat alle skaaimerken fan Bond syn aartsfijân Ernst Stavro Blofeld. (Waans namme lykwols net brûkt wurde koe omreden fan in langrinnend juridysk skeel oer de filmrjochten op 'e roman Thunderball mei de Ierske filmprodusint Kevin McClory.) De konfrontaasje einiget as Bond de kontrôle oer de helikopter wit te bemachtigjen, de rolstoel opskept mei ien fan 'e glydstangen en syn fijân yn 'e skoarstien fan in yndustrieel kompleks smyt, dêr't er te pletter falt.
Plot
bewurkje seksjeIt Britske spionaazjeskip de St. George's, dy't ûnder de Malteeske flagge fart en him foardocht as in fisktreiler, hellet op 'e Ioanyske See, foar de kust fan Albaanje, by fersin in âlde seemyn binnen yn syn netten. As dy ûntploft, blaast dat ûnder de wetterline in grut gat yn 'e romp fan it skip, mei as gefolch dat dat binnen inkele minuten sinkt. Der is in Automatic Targeting Attack Communicator (ATAC) oan board fan it skip, in apparaat wêrmei't de aktiviteiten (bombardeminten ynbegrepen) fan alle mei nukleêre wapens tariste dûkboaten fan 'e Britske Keninklike Marine koördinearre wurde. As dat yn ferkearde hannen falt, kinne bûtenlânske grutmachten Britske ûnderseeërs brûke om it Feriene Keninkryk te bombardearjen. Yn Londen is it regear sadwaande yn alle steaten as it ferlern gean fan 'e St. George's bekend wurdt.
De renommearre marine argeolooch sir Timothy Havelock wurdt frege om ûnder it mom fan it dwaan fan argeologyske opgravings op 'e seeboaiem de lokaasje fan it skipswrak fan 'e St. George's te bepalen en de ATAC yn feilichheid te bringen. De KGB is lykwols op 'e hichte fan it sinken fan it skip. Generaal Gogol, dy't oan it haad stiet fan dy ynljochtingetsjinst fan 'e Sovjet-Uny, fermoedet de oanwêzigens fan in ATAC oan board en kriget fan syn superieuren tastimming om dêr in wraam nei te dwaan. Havelock en syn Grykske frou Iona wurde neitiid foar de eagen fan harren dochter Melina fermoarde troch Héctor Gonzales, in Kubaanske hiermoardner. Melina swart wraak.
Yn Londen wurdt James Bond, de bêste geheim agint fan 'e Britske ynljochtingetsjinst MI6, by Bill Tanner, de stêfsjef fan MI6 roppen. Dyselde en sir Frederick Gray, de minister fan Definsje, jouwe him de opdracht om út te sykjen wa't der efter de moard op 'e Havelocks sit en teffens om 'e ATAC feilich te stellen. Bond reizget ôf nei Spanje, dêr't er ynfiltrearret op it hiem fan 'e filla fan Gonzales yn 'e hope om oan 'e weet te kommen wa't de hiermoardner ynhierd hat. Hy is der tsjûge fan hoe't Gonzales in koffer mei jild yn ûntfangst nimt, mar wurdt dan opmurken en finzen nommen. Gonzales jout syn trewanten opdracht om Bond dea te meitsjen, mar ear't dat syn beslach krije kin, wurdt er sels út it strewelleguod wei deasketten mei in pylk út in krúsbôge. Bond wit yn 'e gaos dy't dêrop folget te ûntsnappen. Yn 'e boskjes komt er Melina Havelock mei in krúsbôge tsjin en nimt har op sleeptou.
Bond syn Lotus Esprit is ûnderwilens ûntdutsen troch ien fan Gonzales syn bewekkers, dy't besiket om deryn yn te brekken. Dêrmei stelt er by fersin it selsferneatigingsmeganisme fan 'e auto yn wurking, dy't sadwaande eksplodearret. Bond en Melina pike dêrom út yn Melina har Lilke Ein en witte nei in lange, spektakulêre efterfolging te ûntkommen. Bond set Melina op it fleantúch werom nei Grikelân en drukt har op it hert om 'e saak fierders rêste te litten, mar sy fertelt him dat Grykske froulju altyd de moard op dejingen fan wa't se hâlde wreekje.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Mei de help fan in futuristysk kompjûterprogramma fan Q, de kertiermaster fan MI6, identifisearret Bond de man dy't Gonzales de koffer mei jild brocht as de Belgyske krimineel Émile Léopold Locque, dy't koartby sinjalearre is yn Cortina d'Ampezzo, yn noardlik Itaalje. Bond set ôf dêrhinne en wurdt ûnthelle troch de pleatslike agint fan MI6, in Luigi Ferrara. Dyselde bringt Bond yn 'e kunde mei in ynformant fan him, de Grykske sakeman Aristoteles Kristatos, dy't yn Cortina d'Ampezzo is om 'e trainings by te wenjen fan syn protezjee, de sechstjinjierrige Amerikaanske keunstrydster Bibi Dahl. Kristatos fertelt Bond dat Locque yn 'e tsjinst stiet by de Grykske krimineel en drugssmokkeler Milos Columbo. Dat is in eardere striidmakker fan him út 'e Twadde Wrâldoarloch, doe't se tegearre yn it ferset sieten, en út 'e Grykske Boargeroarloch, doe't se tegearre tsjin 'e kommunisten fochten. Neitiid binne se lykwols folslein ferskillende wegen gien en no ûnderhâlde se al jierren in fete.
Bibi ferget Bond derop om har dy middeis te beselskipjen nei in biatlon, mei't Kristatos oare ferplichtings hat en leaver net wol dat se allinnich giet. Bond stimt út fatsoen ta. Nei't er him ôfjûn hat, sjocht er yn in winkelstrjitte Melina Havelock werom, dy't op it punt stiet om in krúsbôge te keapjen. Bond rêdt har fan in moardoanslach troch in pear mannen op motors. It docht bliken dat se in bryfke fan Bond ûntfongen hie om har yn Cortina d'Ampezzo te moetsjen, dat hy beslist net ferstjoerd hat. Mei muoite wit er har derfan te oertsjûgjen om werom te gean nei Grikelân.
As er letter werom komt yn syn hotelkeamer, treft Bond dêr Bibi Dahl ûnder de dûs oan. Hja is wisberet en ferliedt Bond om seks mei har te hawwen, mar hy fynt har te jong en slacht it oanbod ôf. As er har neitiid begeliedt nei de biatlon, wiist se him op 'e Eastdútske biatleet Erich Kriegler, op wa't se (ek) fereale is. Nei't Bond en Bibi útinoar gien binne en hy troch it wâld wer nei syn hotel skyt, wurdt er oanfallen troch Kriegler, dat in agint fan 'e KGB blykt te wêzen, en twa mannen op motors. Nei in lange efterfolging wit Bond harren úteinlik allegear te fluch ôf te wêzen, sadat er fuortkomme kin. Dy jûns, as Ferrara him nei it fleanfjild bringe sil, hâlde se ho by de iisbaan, sadat Bond, lykas ûnthjitten, ôfskie nimme kin fan Bibi. Neitiid wurdt er oanfallen troch trije iishockeyers, en as er dy fan him ôf slein hat, treft er Ferrara bûten mei in trochsniene kiel yn 'e auto oan, mei in spjeldsje yn 'e opkrôle fûst dat Bond earder by Locque op 'e klean sjoen hat.
Bond bejout him nei it Grykske eilân Korfû, dêr't Columbo him befynt. Hy moetet dêr Kristatos wer, dy't him meinimt nei it kasino fan Columbo. Dêr binne se neffens him feilich, want Columbo soe nea wat dwaan om 'e ynkomsten út it kasino yn gefaar te bringen. Kristatos stiet der by Bond op oan om Columbo te fermoardzjen, mei't dat de iennichste manear wêze soe om fan him ôf te kommen. Harren petear wurdt lykwols ôfharke troch Columbo, dy't dêrnei in lyts toanielstikje foar harren opfiert wêrby't er beart dat er rûzje kriget mei syn mêtresse, grevinne Liesl von Schlaf. Hoewol't Bond gjin momint leaut dat de rûzje echt is, biedt er dochs oan om Liesl thús te bringen. Sy lit har dêrta oerhelje en nûget him deryn, wêrnei't se mei-inoar op bêd geane. Se jout al rillegau ta dat Columbo har oanset hie om Bond te ferlieden om mear oer him te witten te kommen.
De oare moarns rinne Bond en Liesl yn in mûklaach fan Locque en syn trewanten as se in stikje te kuierjen geane op it strân. Liesl wurdt fermoarde troch Locque, en Bond rekket besingele. Ear't se Bond ek fermoardzje kinne, wurde Locque-en-dy lykwols oanfallen troch Columbo syn mannen, dy't ien fan harren deameitsje en de rest op 'e flecht jeie. Bond wurdt finzen nommen en by Columbo brocht, dy't him fertelt dat Locque foar Kristatos wurket. Kristatos is nammentlik de echte drugssmokkeler, en hy wurdt ek betelle troch de KGB om 'e ATAC te besetten. Om syn fertrouwen te winnen, jout Columbo oan Bond syn pistoal werom wylst er sels op dat stuit gjin wapens hat.
Dy jûns nei tsjuster kringe Bond, Columbo en dy syn mannen in pakhûs yn súdlik Albaanje binnen, dat Kristatos brûkt foar de opslach fan 'e rouwe opium dy't er smokkelet. Bond ûntdekt dêr seeminen fan itselde type as dy dêr't de St. George's troch sonken is, wêrmei't suggerearre wurdt dat it ynsidint mei it spionaazjeskip dochs gjin ûngemak wie. As Bond-en-dy ûntdutsen wurde, brekt der in sjitpartij út, dy't einiget as Locque it pakhûs opblaast. Dêrnei besiket er yn 'e auto te ûntkommen, mar dêrfoar moat er fia hierspjeldbochten de wei heuvelop folgje. Bond beklimt te foet in treppen en is as earste boppe, dêr't er Locque opwachtet en ferwûnet. Locque rekket fan 'e dyk ôf en komt mei syn auto heal oer de râne fan in klif te hingjen. Bond smyt him it spjeldsje ta dat de deade Ferrara yn 'e fûst hie en jout de auto in skop, sadat dy oer de râne glidet en Locque te pletter falt.
Neitiid jout Bond him by Melina op it jacht fan har âlden. Hy fertelt har wat har heit eins by de ein hie en sy seit har help ta by it boppe wetter heljen fan 'e ATAC. Mei in miny-ûnderseeër geane se omleech nei it wrak fan 'e St. George's, dêr't se mei taris foar djipseedûken nei binnen geane en de ATAC fine en los keppelje. In oare dûker besiket harren it ding te ûntnaderjen, mar Bond wit him op slûchslimme wiene út te skeakeljen. Nei't se weromkeard binne yn harren miny-ûnderseeër, wurdt dy oanfallen troch in oare miny-ûnderseeër, mar Bond wit ek dy oanfal ôf te slaan. As se wer by it wetteroerflak komme, docht lykwols bliken dat Kristatos en syn mannen it jacht fan 'e Havelocks kaapt en de bemanning deamakke hat.
Kristatos stelt de ATAC en sleept de oaninoar fêstbûne Bond en Melina efter syn eigen jacht oan troch it wetter sadat se oer it skerpe koraal fan in koraalrif sleept wurde en begjinne te blieden, wat haaien oanlokket. Bond wit himsels en Melina lykwols te rêden troch it koraal te brûken om it sleeptou stikken te snijen. Ien fan Kristatos syn mannen, dy't oerboard knoffelet, wurdt opfretten fan 'e haaien, wylst Bond en Melina ûntkomme nei de seeboaiem, dêr't Melina earder by de argeologyske opgraving fan in timpel út 'e Aldheid in soerstofflesse efterlitten hat. As se lang ûnder wetter bliuwe, ornearret Kristatos dat se dea wêze moatte. Hy hat mei Kriegler ôfpraat om 'e ATAC "by Sint-Syrillus" oan 'e KGB oer te dragen yn ruil foar syn betelling, en dêr set er hinne ôf.
Bond en Melina geane letter wer oan board fan it jacht fan 'e Havelocks, dêr't de iennichste oerlibbene de pappegaai fan Melina har heit is, in yrritant bist dat alles neiseit wat er heart. Bond sit mei de hannen yn it hier, want hy hat gjin idee wêr't er Kristatos (en de ATAC) sykje moat, oant de pappegaai der ynienen útblaft: "Bring de ATAC nei Sint-Syrillus, bring de ATAC nei Sint-Syrillus!" Bond jout dat troch oan MI6, mar Q ynformearret him dat der yn Grikelân hûnderten plakken (fral tsjerken) binne dy't nei de hillige Syrillus ferneamd binne. Bond giet dêrop te rie by Columbo, dy't him fertelt dat Kristatos yn 'e oarloch it op in útstekkende rotspjuts boude Sint-Syrilluskleaster as basis brûkte.
Bond, de mei in krúsbôge bewapene Melina, Columbo en in trijetal fan Columbo syn mannen witte sûnder sjoen te wurden yn 'e neite fan it leechsteande kleaster te kommen, dêr't Bond allinne omheech klimt, wêrnei't er de oaren yn in dêrfoar bedoelde koer ophelje sil. Underweis nei boppen kriget Kristatos syn trewant Apostis him yn 'e rekken, dy't war docht om him te pletter falle te litten. Ynstee lit Bond Apostis by de rots del knoffelje, sadat er te pletter falt. Bond komt boppe en hellet de oaren op, wêrby't Melina mei har krúsbôge in twadde erchtinkende bewekker útskeakelet.
Yn it kleaster hat Bibi, dy't dêrhinne meisleept is troch Kristatos, ûnderwilens besletten dat it har neat mear skele kin mei hoefolle jild oft Kristatos har sponsoret, se hat skjin har nocht fan syn nuver opstigings. Kristatos beskuldiget har trainster, Jacoba Brink, derfan dat dy it fanke tsjin him opset hat, en ûnthjit dat er mei har ôfweve sil sadree't er him dat oan tiid docht. Bibi en frou Brink beslute út te naaien no't dat noch kin. Dêrby rinne se Bond-en-dy tsjin it liif. Brink wiist harren de wei nei de sliepseal fan Kristatos syn trewanten, dy't se sadwaande yn ien kear oer it mad komme en finzen sette kinne. Neitiid kringe Bond en Columbo de kapel fan it kleaster binnen, dêr't Columbo yn gefjocht rekket mei syn âlde fijân Kristatos, wylst Bond it opnimt tsjin Kriegler. As de Eastdútser him oermânsk wurdt en deadzje sil, is it Bibi dy't Bond it libben rêdt troch him oan te fleanen. Uteinlik wit Bond Kriegler út it glês-yn-leaden finster fan 'e kapel by de rots del te smiten.
Wylst de helikopter mei generaal Gogol al lânet om 'e ATAC yn ûntfangst te nimmen, ûntkomt Kristatos mei de ATAC oan Columbo. Bond pakt him it apparaat ôf, mar Kristatos besiket him dea te dwaan mei in ferburgen flintermês. Dat wurdt foarkomd troch Columbo, dy't Kristatos deadet troch him in mês yn 'e rêch te smiten. Bond wurdt dêrnei ûnder skot holden troch de liifwacht fan generaal Gogol, wylst de generaal sels de ATAC opeasket. Ynstee smyt Bond it apparaat by de rots del, dat it oan gruzeleminten falt. De liifwacht wol him deasjitte, mar dêr leit Gogol it near op. Bond seit tsjin 'e generaal dat se it sa net ien fan beiden hawwe: soks is ûntspanning tusken East en West, in útspraak dêr't Gogol hertlik om laitsje moat. Hy groetet Bond en set wer ôf yn syn helikopter.
Letter bringt Bond mei Melina in romantyske jûn troch oan board fan har heite jacht, as minister Gray en stêfsjef Tanner him opskilje fia syn tillefoanhorloazje (in gadget fan Q). Bond, dy't net steurd wurde wol, hinget it horloazje oan it stokje fan 'e pappegaai, wylst Gray en Tanner entûsjast fertelle dat se premier Margaret Thatcher foar him oan 'e tillefoan hawwe. Dyselde sprekt har wurdearring út foar Bond syn wurk en betanket him wiidweidich foar syn ynset. De pappegaai betanket har werom, en it duorret oant er har om in tútsje freget foar't immen der erch yn kriget dat se de wiere Bond net mear oan 'e tillefoan hawwe.
Rolferdieling
bewurkje seksje- haadrollen
personaazje | akteur/aktrise |
MI6-agint James Bond | Roger Moore |
Melina Havelock | Carole Bouquet |
- byrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Aristoteles Kristatos | Julian Glover |
Milos Columbo | Chaim Topol |
grevinne Liesl von Schlaf | Cassandra Harris |
Émile Léopold Locque | Michael Gothard |
Bibi Dahl | Lynn-Holly Johnson |
Jaboba Brink | Jill Bennett |
MI6-agint Luigi Ferrara | John Moreno |
Q, kertiermaster fan MI6 | Desmond Llewelyn |
KGB-agint Erich Kriegler | John Wyman |
Héctor Gonzales | Stefan Kalipha |
Apostis | Jack Klaff |
Bill Tanner, stêfsjef fan MI6 | James Villiers |
Britsk minister fan Definsje sir Frederick Gray | Geoffrey Keen |
generaal Gogol, haad fan 'e KGB | Walter Gotell |
juffer Moneypenny | Lois Maxwell |
sir Timothy Havelock | Jack Hedley |
Iona Havelock | Toby Robins |
Claus | Charles Dance |
premier Margaret Thatcher | Janet Brown |
Denis Thatcher | John Wells |
predikant | Fred Bryant |
Produksje en distribúsje
bewurkje seksjeBasearring en senario
bewurkje seksjeFor Your Eyes Only is basearre op twa koarte ferhalen fan 'e Britske skriuwer Ian Fleming, dy't diel útmeitsje fan syn ferhalebondel For Your Eyes Only, út 1960. Dêrby gie it om 'e ferhalen For Your Eyes Only en Risico. It ferhaal For Your Eyes Only hie Fleming oarspronklik yn opdracht fan it Amerikaanske tillefyzjenetwurk CBS skreaun, as in senario foar in ôflevering fan in nea makke tillefyzjesearje oer James Bond. Letter hied er it omwurke ta in koart ferhaal.
Tom Mankiewicz en Christopher Wood, dy't allebeide alris in senario foar in Bond-film skreaun hiene, leveren kladferzjes fan in skript foar For Your Eyes Only yn, mar dy hiene gjin ynfloed op hoe't de film der úteinlik út kaam te sjen. Foar it skript fan 'e film For Your Eyes Only mongen senarioskriuwers Richard Maibaum en Michael G. Wilson de beide koarte ferhalen fan Fleming trochinoar, en foegen dêropta ek eleminten ta út syn romans Live and Let Die (it rûnslepen fan Bond en Melina oan in tou as fretten foar de haaien), Goldfinger (de "identigraaf"-masine fan Q) en On Her Majesty's Secret Service (de iepeningssêne mei de helikopter).
For Your Eyes Only wie in opsetlik besykjen om, nei de science fiction yn Moonraker, it foargeande diel út 'e James Bond-filmsearje, werom te kearen nei in reälistysker soarte plot. Wilson murk dêroer jierren letter op: "As we op itselde paad trochgien wiene as mei Moonraker, wie alles allinne mar útwrydsker wurden, dat we moasten werom nei de grûnslach." For Your Eyes Only waard dêrom in 'gewoane' Kâlde Oarloch-spionaazjeskriller, wêryn't Bond foar de feroaring noris net de wrâld hoegde te rêden. De senarioskriuwers symbolisearren dat yn 'e film troch Bond syn Lotus Esprit út The Spy Who Loved Me op te blazen en him ynstee in nederige Citroën 2CV te jaan.
Maibaum wie nei it útkommen fan For Your Eyes Only tige ûntefreden en teloarsteld oer hoe't it leafdesferhaal tusken Bond en Melina Havelock yn byld brocht wie. Hy sei: "It hiele idee wie dat de grutte minner James Bond gjin tút loskrije kin fan dizze frou om't se sa obsedearre is mei it wreekjen fan 'e dea fan har âldelju. Dêr waard hielendal neat mei dien. It wie krekt as fûn de regisseur dat der hielendal gjin leafdesferhaal yn 'e film siet."
Produksje
bewurkje seksjeFor Your Eyes Only moast makke wurde foar in budget fan $28 miljoen, wat oansjenlik leger wie as it bedrach dat útlutsen wie foar de foargeande Bond-film, Moonraker ($34 miljoen), mar noch altyd hast mear as it dûbele as foar it foarfoarrige diel, The Spy Who Loved Me ($13,5 miljoen). De reden foar de tebeksetter op it mêd fan budget wie dat de finansier fan 'e Bond-films, de Amerikaanske filmstudio United Artists (UA) koart tefoaren in swier ferlies ynkassearje moatten hie mei Heaven's Gate (1980) fan Michael Cimino, en dêr kaam de resesje fan 'e iere 1980-er jierren nochris oerhinne.
Omreden fan 'e ferleging fan budget moast de produksje goedkeaper, en dat betsjutte dat de regisseurs fan eardere Bond-films, Terence Young, Guy Hamilton, Lewis Gilbert en Peter R. Hunt, allegear te djoer wiene om yn te hieren. Sadwaande waard John Glen, dy't as filmeditor by eardere Bond-films belutsen west hie, befoardere ta de regisseursstoel. As produsint wie Albert R. Broccoli wer by it projekt belutsen foar syn filmstudio Eon Productions. Syn styfsoan Michael G. Wilson wie behalven ien fan 'e senarioskriuwers ek útfierend produsint mei tafersjoch oer wat in Britsk-Amerikaanske ko-produksje wie. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Alan Hume, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Bill Conti.
De titelsong For Your Eyes Only, dy't him ûntjoech ta in grutte hit, waard songen troch de Skotske popstjer Sheena Easton. Oarspronklik waard Debbie Harry ynhierd om it liet te sjongen dat skreaun wie troch Conti en Michael Leeson, mar dy woe sels in liet foar de film skriuwe en har band Blondie belûke yn 'e útfiering. Doe't Broccoli dêr net yn meigean woe, stapte Harry op. Har alternative titelsong foar For Your Eyes Only waard letter útbrocht op it album The Hunter, fan Blondie (1982). Easton wie de earste sjonger fan in titelsong fan in Bond-film dy't ûnder de begjintitels fan 'e film yn byld komt; dat wie in beslút fan Maurice Binder, dy't de begjintitels ûntwurp.
Casting
bewurkje seksjeRoger Moore hie yn 1972 in kontrakt tekene mei Eon Productions foar it spyljen fan James Bond yn trije films. Nei Live and Let Die (1973), The Man with the Golden Gun (1974) en The Spy Who Loved Me (1977) kaam dêr in ein oan, en neitiid sleat er hieltyd in kontrakt foar ien film ôf. Mei't it dêrom yn 't earstoan ûnwis wie oft er yn For Your Eyes Only wol yn 'e rol fan Bond weromkeare soe, ek al om't er der net jonger op waard, begûn filmprodusint Albert R. Broccoli om him hinne te sjen nei oare mooglik Bond-fertolkers. Behalven Timothy Dalton, dy't ôfsei om't er net gelokkich wie mei de rjochting dy't it mei de Bond-films útgie, wiene dêrûnder Lewis Collins, Michael Billington en Michael Jayston. Doe't Moore ûntdiek dat Broccoli audysjes ôfnaam foar de rol fan Bond, kundige er yn 'e krante de Daily Mail oan dat er der klear mei wie en nea wer yn 'e hûd fan James Bond krûpe soe. Twa wiken letter hie Broccoli him lykwols alwer oerhelle om foar For Your Eyes Only dochs as sadanich werom te kearen.
Foar de rol fan 'e Bond girl Melina Havelock rikkemandearre Jerry Juroe, in public relations-man fan United Artists, Carole Bouquet oan, dy't earder om 'e nocht audysje dien hie foar de rol fan Bond girl Holly Goodhead yn Moonraker. Nei't Broccoli en regisseur John Glen har sjoen hiene yn That Obscure Object of Desire waard se oannommen. Chaim Topol (Milos Columbo) waard cast op suggestje fan Broccoli syn frou Dana, wylst Julian Glover (Aristoteles Kristatos) foar syn rol frege waard om't Broccoli-en-dy fûnen dat er stylfol wie.
Hoewol't Desmond Llewelyn en Lois Maxwell foar de safolste kear weromkearden yn harren rollen as Q en Miss Moneypenny, ûntbriek M, it haad fan MI6, yn For Your Eyes Only. Dat kaam om't Bernard Lee, dy't dy rol yn 'e alve foargeande Bond-films fertolke hie, op 16 jannewaris 1981 kaam te ferstjerren oan kanker. Dat wie foar't er syn sênes yn 'e film opnimme kinnen hie. As teken fan respekt foar Lee woe Broccoli net sa koart nei syn dea de rol fan M oan in oare akteur jaan, dat dêrom waard it senario oanpast sadat M yn For Your Eyes Only mei ferlof is en syn taken waarnommen wurde troch syn stêfsjef, Bill Tanner (spile troch James Villiers).
Opnamen
bewurkje seksjeDe opnamen foar For Your Eyes Only setten op 2 septimber 1980 útein. Hoewol't foar de binnendoarsênes fan 'e foargeande Bond-film Moonraker om budgetêre redens útwykt wie nei Frankryk, koene dy fan For Your Eyes Only troch de belestingfoardielen dy't it Konservative regear fan premier Margaret Thatcher foar de filmyndustry trochfierd hie, wer 'gewoan' filme wurde yn 'e Pinewood Studios yn Buckinghamshire. De sênes mei de St. George's waarden opnommen op 'e Noardsee en letter oanfolle mei bylden dy't mei in miniatuer yn in wetterbak yn 'e Pinewood Studios filme wiene.
Fierders waard op lokaasje filme yn Grikelân (Korfû en Tessaalje), Itaalje (Cortina d'Ampezzo) en de Bahama's. De sêne mei de filla fan Héctor Gonzales yn Spanje waard ek op Korfû opnommen. De ûnderwettersênes waarden, krekt sa't dat by eardere Bond-films dien wie, yn 'e Bahama's filme. Yn Cortina d'Ampezzo, dêr't yn febrewaris 1981 filme waard, lei doe al gjin snie mear, sadat de produsinten snie by de frachtweinfollen út 'e bergen oanfiere litte moasten om de strjitten der wintersk útsjen te litten. By it opnimmen fan 'e sêne wêrby't Bond op skys oer de bobslydbaan efter in bobslide oan giet om oan in motorrider te ûntkommen, rekke ien fan 'e stuntlju yn 'e bobslide, de 23-jierrige Paolo Rigon, ûnder de slide beknypt en kaam om. Nei't by it WK bobslydzjen 1981 op deselde baan in Amerikaanske bobslider dearekke, waard besletten de baan oan te passen om't er as te gefaarlik beskôge waard.
De sênes by it leechsteande kleaster fan 'e Hillige Syrillus waarden filme by it echte Kleaster fan 'e Hillige Trije-ienheid yn Meteora, yn 'e lânstreek Tessaalje. De produksje hie tastimming krigen fan 'e Gryksk-otterdokse biskop dy't oer dy krite gie, mar de mûntsen, dy't by dat beslút net belutsen wiene, kanten har dertsjin oan. It kaam ta in rjochtsaak, wêrby't it Grykske Heechgerjochtshôf bepaalde dat de mûntsen allinne oanspraak meitsje koene op it ynterieur fan it kleaster. Dêrop sleaten se har dêr op en besochten se de produksje fan For Your Eyes Only te sabotearjen troch wask út 'e finsters te hingjen en flachjes op it dak te binen. Glen loste dat op troch kreätyf mei de beljochting om te gean en troch sawol op in oanbuorjende rotspunt as yn 'e Pinewood Studios in replika fan it kleaster te bouwen.
Distribúsje
bewurkje seksjeDe distribúsje fan For Your Eyes Only waard fersoarge troch United Artists. De film gie op 24 juny 1981 yn Londen yn premiêre, en iepene dyselde dei noch yn 'e Britske bioskopen. Yn 'e Feriene Steaten kaam de film op 26 juny út. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde yn 1981 by platemaatskippij Liberty Records.
Opskuor om 'e filmposter
bewurkje seksjeOp 'e filmposter fan For Your Eyes Only (sjoch hjirre op 'e Ingelske Wikipedy) is in frou mei in krúsbôge te sjen (in ferwizing nei Melina Havelock, mar net in foto fan aktrise Carole Bouquet). Hja stiet mei har rêch nei de fotograaf ta en is inkeld sichtber fan har skuon oant har mul. Tusken har wiidút steande skonken troch is James Bond mei in pistoal yn 'e hân te sjen. It model draacht in baaikleanstik dat de ûnderste helte fan har stuten bleat lit. Yn in tiid dat strings noch net bestiene, waard dat effekt berikt troch it model in bikinybroekje efterstfoarst drage te litten, sadat wat op 'e foto te sjen is eins de foarkant fan it kleanstik is.
Yn 'e kekene Feriene Steaten (en nearne oars) soarge de poster foar frijwat opskuor, en kranten as The Boston Globe en de Los Angeles Times fûnen it byld sa ûngaadlik foar fersprieding, dat se alles boppe de knibbel fuortknipten. De Pittsburgh Press oerskildere op eigen manneboet de stuten en it boppeste part fan 'e skonken mei in koarte broek. Der waard omraak spekulearre oer wa't it model wie, oant fotograaf Morgan Kane har yn it tydskrift Time identifisearre as Joyce Bartle.
Untfangst
bewurkje seksjeFan 'e filmkritisy krige For Your Eyes Only by syn premiêre yn 1981 mingde resinsjes. Derek Malcolm fan 'e Britske krante The Guardian wie net wei fan 'e film dy't er "te lang […] en behoarlik saai tusken de stunts yn" fûn. Neffens him "bewennet [Bond] in fantasijlân fan min ofte mear bloedleas geweld, geslachtsdielleaze seks en naïviteit dy't trochgiet foar superieure ferfining." Hoewol't er foarsei dat For Your Eyes Only in grut kommersjeel súkses wurde soe, murk er op dat er "net alhiel begripe" koe "wêrom't de searje al sa lang bestiet en wêrom't de lju der sa fan hâlde." Yn The Observer skreau Philip French dat de iepeningssêne mei de helikopter it bêste stik fan 'e film wie. Hy hie ek krityk op Roger Moore en skreau dat dy "him foardie" as James Bond (mar dus net in 'echte' Bond wie).
Ian Christie skreau yn 'e Daily Express dat de plot fan For Your Eyes Only "net folle foarstelt". Dêr heakke er lykwols oan ta dat de film "in stikje oannimlikens [hat] dat in wolkomme feroaring is nei guon fan syn foargongers." Oer it gehiel nommen fûn er For Your Eyes Only "ien fan 'e bettere Bond-films, mei in kreas lykwicht tusken humor en spanning en de gebrûklike keppel tsjeppe fammen." Yn The New York Times skreau Vincent Canby dat For Your Eyes Only "by lange nei net de bêste fan 'e searje" wie, hoewol't er it wol "glêd fermaak" fûn mei in toan dy't "konsekwint komysk is sels as it materiaal dat net is." Richard Barkley hie yn 'e Sunday Express lof foar de film, dy't er omskreau as "ien fan 'e spannendste [Bond-films] oant no ta" en "treflik fermaak". Yn it tydskrift Time beskôge Richard Corliss Roger Moore as "it bêst rinnende rêd yn dizze ivich bewegende masine."
Oer de jierren bettere de reputaasje fan For Your Eyes Only op, sadat de resinsjes tsjintwurdich oer it algemien posityf binne. Yn 1986 skreau Danny Peary yn syn Guide for the Film Fanatic oer dizze film: "Der sitte spannende mominten yn, mar it meastepart is standert Bond-kost." Hy konkludearre: "[It] is fermaaklik as je der nei sjogge. Neitiid is it ien fan 'e Bond-films dy't je it gaust wer ferjitte." Yn 1996 omskreau de foaroansteande Amerikaanske filmkritikus James Berardinelli de film as "in solide aventoer, hoewol't it better kinnen hie." Norman Wilner beskôge For Your Eyes Only yn 2008 as "de iennichste Moore-film dy't werom liket te rikken nei de heechtijdagen fan Connery." En yn 2009 skreau Raymond Benson, de auteur fan njoggen autorisearre James Bond-romans, dat er For Your Eyes Only de bêste Bond-film mei Roger Moore fûn.
Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat For Your Eyes Onlyin goedkarringspersintaazje fan 73%, basearre op 52 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film] ruilet guon fan 'e útwrydske standerteleminten út Bond-films yn foar in soberder útstapke, en it resultaat is in befredigjend aventoer, hoewol sûnder guon fan 'e bombastyske sensaasjes dy't de fans miskien ferwachtsje." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet For Your Eyes Only in goedkarringspersintaazje fan 54%, basearre op 12 resinsjes.
Resultaat
bewurkje seksjeOpbringst
bewurkje seksjeFor Your Eyes Only brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $54,8 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $140,5 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $195,3 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $28 miljoen betsjut dat in winst fan $167,3 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Dêrmei wie For Your Eyes Only doe de op ien nei meast opbringende James Bond-film nei Moonraker.
Prizen
bewurkje seksjeDe titelsong For Your Eyes Only, fan Sheena Easton, waard yn 1982 sawol by de Oscars as de Golden Globes nominearre foar de priis yn 'e kategory bêste orizjinele liet, mar ferlear beide kearen fan Arthur's Theme út 'e film Arthur. By de útrikking fan 'e Oscars yn 1981 waard oan filmprodusint Albert R. Broccoli lykwols al de Irving G. Thalberg Memorial Award takend. It senario fan Richard Maibaum en Michael G. Wilson waard nominearre foar Writers Guild of America Award foar bêste adaptearre senario fan in komeedzjefilm of filmmusical.
Keppelings om utens
bewurkje seksje- (in) Offisjele webside fan For Your Eyes Only
- (in) Ynformaasje oer For Your Eyes Only yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Sources, op dizze side. |
James Bond (filmsearje) | |
---|---|
films fan Eon Productions | |
mei Sean Connery | Dr. No (1962) • From Russia with Love (1963) • Goldfinger (1964) • Thunderball (1965) • You Only Live Twice (1967) • Diamonds Are Forever (1971) |
mei George Lazenby | On Her Majesty's Secret Service (1969) |
mei Roger Moore | Live and Let Die (1973) • The Man with the Golden Gun (1974) • The Spy Who Loved Me (1977) • Moonraker (1979) • For Your Eyes Only (1981) • Octopussy (1983) • A View to a Kill (1985) |
mei Timothy Dalton | The Living Daylights (1987) • Licence to Kill (1989) |
mei Pierce Brosnan | GoldenEye (1995) • Tomorrow Never Dies (1997) • The World Is Not Enough (1999) • Die Another Day (2002) |
mei Daniel Craig | Casino Royale (2006) • Quantum of Solace (2008) • Skyfall (2012) • Spectre (2015) • No Time to Die (2021) |
films fan oare studio's | |
Casino Royale (1954) • Casino Royale (1967) • Never Say Never Again (1983) |