Writers Guild of America Award
De Writers Guild of America Awards binne in groep Amerikaanske prizen dy't op jierlikse basis útrikt wurde foar de bêste senario's fan films, tillefyzjeprogramma's, fideospultsjes en foarhinne ek harkspullen. De tawizing en útrikking fan 'e priis wurdt mienskiplik ferrjochte troch de Writers Guild of America, East (fêstige yn New York) en de Writers Guild of America, West (fêstige yn Los Angeles). De earste útrikking fûn plak yn 1949. Yn 2004 waard de útrikkingsseremoanje foar it earst live útstjoerd op 'e Amerikaanske tillefyzje.
Writers Guild of America Award | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
útrikt foar | senario's | |
útrikt troch | Writers Guild of America, East Writers Guild of America, West | |
frekwinsje | 1x jiers | |
1e útrikking | 1949 | |
offisjele webside | ||
www.wgaeast.org www.wga.org |
De kategoryen fan 'e Writers Guild of America Awards binne troch de jierren hinne sterk feroare. Op 't heden binne der trije gewoane kategoryen: 'bêste oarspronklike senario', 'bêste adaptearre senario' en 'treflike prestaasje op it mêd fan it skriuwen fan fideospultsjes'. Der besteane ek twa oeuvreprizen: de lauwerkrâns (Laurel Award) foar it skriuwen fan filmsenario's en de lauwerkrâns foar it skriuwen fan tillefyzjesenario's.
Keppelings om utens
bewurkje seksje- (in) Offisjele webside fan 'e Writers Guild of American, East
- (in) Offisjele webside fan 'e Writers Guild of America, West
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |