Goldfinger (film)

film út 1964 fan Guy Hamilton

Goldfinger is in Britsk-Amerikaanske Technicolor-spionaazjeskriller út 1964 ûnder rezjy fan Guy Hamilton, mei yn 'e haadrollen Sean Connery as geheim agint James Bond en Honor Blackman as de Bond girl Pussy Galore. De titel ferwiist nei de megalomane smjunt Auric Goldfinger (spile troch Gert Fröbe), tsjin wa't Bond it diskear opnimme moat. De film is basearre op 'e roman mei deselde namme út 1959 fan Ian Fleming. It ferhaal folget de Britske MI6-agint James Bond as er it smokkeljen fan goud troch miljonêr en sakeman Auric Goldfinger ûndersiket. Sa komt er úteinlik op it spoar fan in dryst plan om 'e Amerikaanske nasjonale goudfoarrie yn Fort Knox te besmetten mei radio-aktive strieling, wat it goud dat Goldfinger besit op slach tsien kear safolle wurdich meitsje sil.

Goldfinger
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Guy Hamilton
produsint Harry Saltzman
Albert R. Broccoli
senario Richard Maibaum
Paul Dehn
basearre op de roman fan Ian Fleming
kamerarezjy Ted Moore
muzyk John Barry
filmstudio Eon Productions
distribúsje United Artists
spilers
haadrollen Sean Connery
Honor Blackman
Gert Fröbe
byrollen Shirley Eaton
Tania Mallet
Harold Sakata
Cec Linder
Michael Mellinger
skaaimerken
lân/lannen Feriene Keninkryk
Feriene Steaten
premiêre 17 septimber 1964
foarm langspylfilm
sjenre spionaazjeskriller
taal Ingelsk
spyltiid 110 minuten
budget en resultaten
budget $3 miljoen
opbringst $124,9 miljoen
prizen 1 × Oscar
filmsearje
filmsearje James Bond
● foarich diel From Russia with Love
● folgjend diel Thunderball

Goldfinger wie it trêde diel út 'e James Bond-filmsearje en folge as sadanich op From Russia with Love. It wie de earste James Bond-film wêryn't Bond tarist wurdt mei in Aston Martin DB5, in model auto dat sûnt altyd mei him assosjearre wurdt. Goldfinger krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy en wie in grut kommersjeel súkses yn 'e bioskopen. De film wie de earste út 'e James Bond-rige dy't in Oscar wûn, yn 'e kategory bêste lûdsmontaazje. In folgjend diel yn 'e searje, Thunderball, kaam út yn 1965.

Plot bewurkje seksje

Nei't er yn Latynsk-Amearika in drugslaboratoarium opblaasd hat, reizget James Bond, in geheim agint foar de Britske ynljochtingetsjinst MI6, nei Miami Beach, yn 'e Amerikaanske steat Floarida. Dêr bekomt er wat troch op kosten fan 'e Britske belestingbeteller fakânsje te fieren yn it meast lúksueuze resort-hotel fan dat mondêne baaiplak. Felix Leiter, in spesjaal agint fan 'e Amerikaanske ynljochtingetsjinst CIA, bringt oan Bond de opdracht oer fan M, it haad fan MI6, om ûnderwilens in Auric Goldfinger yn 'e gaten te hâlden, dy't yn itselde hotel ferbliuwt. Goldfinger is in troch goud obsedearre miljonêr en ûndernimmer dy't derfan fertocht wurdt dat er by saken belutsen is dy't it deiljocht net ferdrage kinne.

Bond ûntdekt dat Goldfinger falskspilet by in spultsje gin rummy mei hege ynset mei Simmons, in oare miljonêr, fuort njonken it swimbad efter it hotelgebou. Syn wurknimster Jill Masterson hat nammentlik út Goldfinger syn hotelkeamer wei mei in fierrekiker útsicht op 'e kaarten fan Simmons en fia in radio-ûntfangerke yn Goldfinger syn ear bringt hja him dêrfan oanhâldend op 'e hichte. Bond kringt de hotelkeamer binnen, ûnderbrekt Jill en sjantearret Goldfinger dan mei it drigemint dat er it falskspyljen útbringe sil oan 'e autoriteiten as er by dit potsje net $15.000 ferliest. De sakeman fierder oan syn lot oerlittend, rjochtet Bond syn oandacht op Jill, dy't him wol oantreklik fynt. Se geane mei-inoar op bêd, mar dy jûns, as Bond eefkes nei in loopke nei de kuolkast makket, wurdt er ûnferhoeds bewusteleas slein troch Oddjob, de Noardkoreaanske butler fan Goldfinger. As er letter wer bykomt, ûntdekt er Jill neaken en dea op syn bêd: hja is fan top ta tean beskildere mei goudferve en is beswykt oan hûdferstikking.

Werom yn Londen is it M wol dúdlik dat Bond op wraak tsjin Golfinger sint, mar hy easket profesjonaliteit fan syn geheim agint, en Bond wit him derfan te oertsjûgjen dat er syn persoanlike emoasjes en opfettings fan him ôf sette kin. Sadwaande mei er mei deselde saak fierder. Kolonel Smithers, in funksjonaris fan 'e Bank fan Ingelân, fertelt Bond en M dat Goldfinger bakken mei jild fertsjinnet troch goud dat er yn it Feriene Keninkryk kocht hat, te ferkeapjen yn oare lannen mei in hegere goudpriis. Soks soe ûnmooglik wêze moatte, om't it ferskil yn priis teneate dien heart te wurden troch in útfierheffing. Goldfinger wit dy lykwols te omsilen troch it goud te smokkeljen, mar de Britske autoriteiten kinne der mar net efter komme hoe't er dat docht. Bond syn opdracht is dus simpelwei om dat út te sykjen, sadat Goldfinger oanpakt wurde kin. Foar dizze misje wurdt Bond troch Q, de kertiermaster fan MI6, tarist mei in Aston Martin DB5 mei ferskate technologyske snufkes dy't fan pas komme kinne as er in efterfolger ôfskodzje wol, en teffens mei twa stjoerderkes dy't er brûke kin om syn doelwyt te folgjen fan sa'n grutte ôfstân dat er sels net waarnommen wurde kin.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

MI6 beävensearret dat Bond yn in countryklub yn Kent oan Goldfinger foarsteld wurdt, wêrnei't de mannen op 'e byhearrende golfbaan geane te golfen. Goldfinger besiket wer falsk te spyljen, mar Bond lit him deryn rinne troch syn golfbal te ferwikseljen. As Goldfinger de lêste hole wint, beart Bond dat er dan pas sjocht dat de bal dêr't syn tsjinstanner mei spilet eins net de juste is. Dat betsjut dat er neffens de spulregels diskwalifisearre wurdt en dat Bond de winner is. Goldfinger, dy't min tsjin syn ferlies kin, is poer. Hy lit Bond witte dat er wol foar it ferstân hat dat er deselde is dy't him yn Miami Beach dwers sitten hat en warskôget him om him tenei net wer mei syn saken te bemuoien. Om dy wurden krêft by te setten, jout Oddjob in demonstraasje fan syn formidabele krêft en de deadlikens fan 'e hoed dy't er draacht: dy hat in fjoerskerpe, stielene râne, dêr't er, as er der as in frisbee mei smyt, sels in stânbyld mei ûnthalzje kin.

Ear't Goldfinger en Oddjob ôfsette yn Goldfinger syn antike Rolls-Royce Phantom III, stoppet Bond ien fan 'e beide stjoerderkes yn 'e kofferbak. Hy folget Goldfinger nei de lofthaven, dêr't er mei auto en al it fleantúch nimt nei Switserlân. Bond nimt mei syn Aston Martin it folgjende fleantúch. Nei oankomst yn Sjenêve fynt er Goldfinger maklik werom troch it stjoerderke. Bond moetet yn Switserlân Tilly Masterson, de suster fan Jill, dy't it har yn 'e holle helle hat om Goldfinger te fermoardzjen út wraak foar de moard op har suster. Om't se net bepaald in skerpskutter is, sjit se ynstee op in hier nei Bond dea, dy't sadwaande yn 't earstoan ûnder de yndruk ferkeart dat se in hiermoardneresse is dy't troch Goldfinger op him ôf stjoerd is.

By nacht slûpt Bond in fabryk fan Goldfinger binnen, dêr't it optilt fan it Noardkoreaanske personiel. Hy harket in petear ôf fan Goldfinger mei de Sineeske natuerkundige Ling, dêr't er út gewaar wurdt dat de sakeman it smokkele goud yn 'e foarmen fan 'e karossery fan syn Rolls-Royce jitte en dan oerskilderje en oan 'e auto fêstmeitsje lit. De beide mannen hawwe it ek oer "Operaasje Grand Slam", hoewol't it Bond net dúdlik wurdt wat dêrmei bedoeld wurdt. As er feilich it fabrykskompleks ferlit, moetet Bond op 'e nij Tilly, dy't in alaarm ôfgean lit. Wylst se tegearre útnaaie, fertelt Tilly Bond wat se by de ein hat en wurdt it Bond dúdlik dat er har alhiel ferkeard ynskatten hat. Nei in wylde efterfolging komme se fêst te sitten, en as Tilly besiket om geandefoets út te piken, deadet Oddjob har mei syn hoed. Bond besiket noch te ûntkommen, mar wurdt úteinlik oermastere en by Goldfinger brocht.

Dyselde lit Bond mei sprate earms en skonken op in tafel fêstsette. As in yndustriële laser de tafel midstwa baarnt en tusken Bond syn skonken op syn skamstreek ôf giet, folget in wrâldferneamde wurdewikseling, wêrby't Bond freget: "Moat dit my oan it praten krije?", dêr't Goldfinger op antwurdet: "Nee, menear Bond, dit moat jo oan it stjerren krije." Dêrop bluft Bond troch te sizzen dat MI6 alles fan Operaasje Grand Slam ôfwit. Goldfinger leaut him net, mar beslút it wisse foar it ûnwisse te nimmen en Bond foarearst noch yn libben te hâlden om't er him noch nedich hawwe kin.

Pussy Galore, de froulike piloat fan Goldfinger syn privee-fleantúch, fljocht de finzen Bond nei Louisville, yn 'e Amerikaanske steat Kentucky, dêr't Goldfinger in hynstefokkerij besit. Dêr wurdt er yn in tsjerkereftige sel ûnder de grûn fêsholden, mar Bond wit syn wat ûnnoazele sipier te fluch ôf te wêzen en brekt út. Wylst er op 'e siik nei in útgong troch it gebou doarmet, is er tsjûge fan in moeting fan Goldfinger mei de lieders fan 'e Italjaanske maffia yn 'e Feriene Steaten. Dy hawwe Goldfinger de foarrieden levere dêr't er ferlet fan hat foar Operaasje Grand Slam. Hy is nammentlik fan doel om in bankberôving út te fieren op Fort Knox, dêr't de Amerikaanske nasjonale goudfoarrie opslein leit. Mei't dat pal njonken in legerbasis sitewearre is en sadwaande bewekke wurdt troch 46.000 man, beslane de maffiosi it plan fan Goldfinger mei de gek. Goldfinger leit lykwols út dat er fan doel is om troch Pussy Galore en de froulike piloaten dy't sy traind hat, de goudopslach, de basis en it omlizzende gebiet út 'e loft wei besproeie te litten mei it senuwgas Delta-9, dat by ynazeming teminsten in etmiel sliep feroarsaket, mar dat nei in kertier yn 'e bûtenlucht sa fertinne is dat it ûnskeadlik wurden is. Alle militêren op 'e basis sille dus bewusteleas reitsje, mar as se in kertierke wachtsje, kinne de bankberôvers de bûtenlucht gewoan wer ynazemje.

De measte maffiosi hawwe der wol earen nei om harren ynlis fan $1 miljoen te fertsienfâldigjen, en slute har by Goldfinger oan. Ien fan harren lykwols, in Solo, sjocht der neat yn en wol gewoan syn $1 miljoen útbetelle krije. Nei't Goldfinger mei Solo de moeting ferlitten hat, wurdt de keamer lykwols luchtticht ôfsletten, wêrnei't der senuwgas yn pompt wurdt oant de maffiosi fergast binne. Underwilens wurdt Bond op 'e nij finzen nommen troch Pussy Galore, dy't him by Goldfinger bringt. Hy besiket lykwols de CIA te warskôgjen troch it bryfke mei de oantekenings dy't er makke hat fan Goldfinger syn presintaasje oer Operaasje Grand Slam mei it twadde stjoerderke temûk by Solo yn 'e bûse te stopjen. Bond wurdt wer finzen set, diskear mei mear as ien sipier, wylst Solo troch Oddjob sabeare nei de lofthaven riden wurdt. Yn wurklikheid rommet Oddjob de maffialieder út 'e wei en lit dan de auto, mei syn lyk der noch yn, folslein ferwoastgje troch him by in autosloperij yn in autopletter te stopjen.

Leiter en syn partner fan 'e CIA, dy't it stjoerderke folgje, ferlieze op dat punt ynienen it sinjaal. Se begripe net rjocht wat der oan 'e hân is, mar geane derfan út dat Bond alles ûnder kontrôle hat, oars soed er ommers wol leven jaan. Se beslute om werom te kearen nei de hynstefokkerij. As harren oanwêzigens dêr opmurken en oan Goldfinger melden wurdt, lit dy Bond út syn sel helje om op 'e weranda wat mei him te drinken, sadat it fan in ôfstân liket as is alles ynoarder.

Wylst se op 'e weranda sitte, seit Bond dat it senuwgas Delta-9, oars as Goldfinger earder oan 'e maffiosi fertelde, by ynazeming gjin sliep feroarsaket, mar de dea. Goldfinger reägearret ûnferskillich. Hy ornearret dat der likernôch 60.000 minsken omkomme sille by Operaasje Grand Slam. Sa'n selde oantal komt elts jier yn it ferkear om. Bond fertelt oan Goldfinger dat er ûnderwilens ris wat sitten hat te rekkenjen, en dat er ta de konklúzje kommen is dat it ûnmooglik is om it goud fan Fort Knox te stellen. Hy ornearret dat Goldfinger dêr nei it útskeakeljen fan 'e basis likernôch twa oeren foar hawwe soe foar't troepen fan oare bases arrivearje, wylst sechstich man mear as twa dagen oan it ynladen wêze soene as se alle goud stelle woene. Goldfinger befêstiget dat it syn doel net is om it goud te stellen. It docht bliken dat er ynstee fan doel is om 'e hiele goudfoarrie te besmetten mei radio-aktive strieling troch yn Fort Knox in atoombom ôfgean te litten. It opsleine goud soe dêrtroch foar de foarsjenbere takomst weardeleas wurde, wat Goldfinger syn bûnsgenoaten yn Sina en Noard-Koreä yn 'e kaart spylje soe fanwegen de ekonomyske gaos dy't dat yn 'e Westerske wrâld feroarsaakje soe. Goldfinger sels soe der better fan wurde trochdat alle oare goud yn 'e wrâld, wêrûnder syn eigen, op slach wol tsien kear safolle wurdich wurde soe.

Nei it petear wol Goldfinger de tasjende CIA-aginten noch fierder om 'e tún liede troch Bond ûnder bewekking fan 'e tsjeppe Pussy Galore oer it hiem fan 'e hynstefokkerij kuierje te litten. Wilens praat Bond op har yn, wêrby't er har derfan besiket te oertsjûgjen dat Goldfinger in gefaarlike megalomane psychopaat is. Dat liket net te slagjen, mar as se yn in skuorre komme, bedarje se wol tútsjend tegearre yn 'e heaberch.

De oare deis giet Operaasje Grand Slam fan start mei Pussy Galore en har piloates dy't oer Fort Knox en de oanbuorjende legerbasis fleane wylst se it Delta-9-senuwgas útsproeie. Tûzenen militêren en boargers sakje op slach yninoar as se it gas ynazemje. Neitiid brekke Goldfinger en syn Noardkoreaanske trewanten Fort Knox binnen. Bond wurdt as finzene meifierd en yn 'e goudopslach troch Goldfinger syn foarman Kisch mei hânboeiens oan 'e metalene kiste mei de atoombom fêstmakke. Sûnder dat Goldfinger of Bond it witte, hat Pussy Galore har lykwols troch Bond oertsjûgje litten en hat se de Amerikaanske autoriteiten fan it plan fan Goldfinger op 'e hichte steld, dy't it senuwgas ferfongen hawwe troch in ûnskeadlike stof. Sadree't dúdlik is dat de atoombom oanwêzich is, komme de 'deade' militêren om Fort Knox hinne wer ta libben en falle se Goldfinger syn mannen oan. Goldfinger sels slút gau-gau de klûs ôf sadat se net by de bom komme kinne. Dêrmei slút er net inkeld Bond, mar ek Kisch en Oddjob op. Hy sjit Ling dea, docht syn oerjas út en blykt dêrûnder in Amerikaansk legerunifoarm te dragen, dêr't er de Amerikaanske troepen mei ferrifelet, sadat it him slagget om te ûntkommen.

As Kisch foar it ferstân kriget dat er opsletten sit mei de bom, wol er dy ûntwapenje, mar Oddjob, dy't trou is oan syn heitelân Noard-Koreä, hâldt him tsjin en smyt him tepletter. Bond wit himsels fan 'e hânboeiens te befrijen, mar ynstee dat er dêrnei de bom ûntwapenje kin, rekket er yn in gefjocht behelle mei Oddjob, dy't folle sterker is as hysels. Nei't er in flink wan bruien krigen hat, wit Bond de hoed fan Oddjob te pakken te krijen, mar hy smyt mis en de hoed rekket fêst yn in traaljewurk. Wylst Oddjob syn hoed los besiket te krijen, pakt Bond in elektrisiteitskeabel dy't earder yn it gefjocht midstwa snien wie, en set it traaljewurk ûnder stroom. Fia de stielene râne fan 'e hoed wurdt Oddjob dan elektrokutearre. Dêrnei kin Bond einlings en te'n lêsten oer de bom gear, mar nei't er de metalene kiste dêr't de bom yn sit, iepen krigen hat troch twa goudsteaven as ark te brûken, wit er net hokker triedsje oft er loshelje moat. Mei noch sân sekonden op 'e ôftellende klok nimt Bond in beslissing, mar ûnderwilens hat de CIA de klûs wer iepenkrigen. Ear't Bond wat losskuorre kin, hastiget him in bomekspêr de klûs yn, dy't Bond fansiden triuwt en ienfâldichwei op 'e út-knop fan 'e bom drukt.

Neitiid wurdt Bond útnûge op it Wite Hûs foar in offisjeel tankjewol fan 'e Amerikaanske presidint. Underweis nei Washington, D.C. mei Pussy Galore as syn piloat, wurdt Bond syn fleantúch lykwols kaapt troch de wrokjende Goldfinger. Bond wit syn fijân eefkes ôf te lieden en fljocht him dan oan. Yn 'e wrakseling om Goldfinger syn pistoal giet it wapen ôf. De kûgel trochboarret ien fan 'e rútsjes fan it fleantúch, wat liedt ta ûnkontrolearre dekompresje. Goldfinger wurdt troch it rútsje hinne sûcht en libben út it fleantúch blaast, nei't men oannimme mei om te pletter te fallen. It fleantúch is net mear te rêden en stoart del, mar Bond en Pussy kinne op 'e tiid ûntkomme oan in parasjute en komme del yn in wâld. Letter fljocht de helikopter fan Leiter deunby harren lâns, mar sjocht har net. Pussy springt op en del en besiket de oandacht te lûken, mar in lizzende Bond hellet har ûnderút en ferklearret: "Dit is gjin tiid om rêden te wurden," wêrnei't er Pussy hertstochtlik tutet en de parasjute oer har beiden hinne lûkt.

Rolferdieling bewurkje seksje

 
Sean Connery (1964).
 
Honor Blackman.
(yn Jason and the Argonauts, út 1963.)
 
Gert Fröbe (1965).
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
MI6-agint James Bond Sean Connery
Pussy Galore Honor Blackman
Auric Goldfinger Gert Fröbe¹


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Jill Masterson Shirley Eaton
Tilly Masterson Tania Mallet
Oddjob Harold Sakata
CIA-agint Felix Leiter Cec Linder
Kisch Michael Mellinger
M, haad fan MI6 Bernard Lee
juffer Moneypenny Lois Maxwell
Solo Martin Benson
Simmons Austin Willis
Midnight Bill Nagy
Bonita Nadja Regin
kolonel Smithers Richard Vernon
Ling Burt Kwouk
Q, kertiermaster fan MI6 Desmond Llewelyn
Dink Margaret Nolan
Hawker Gerry Duggan
Mei Lei Mai Ling

¹) De dialooch fan Gert Fröbe waard omreden fan syn aksint yn 'e postproduksje fan 'e film neisyngronisearre mei it stimlûd fan Michael Collins.

Produksje en distribúsje bewurkje seksje

Produksje bewurkje seksje

Oarspronklik soe On Her Majesty's Secret Service de trêde film út 'e James Bond-rige wurde, mar dat koe net trochgean fanwegen de ûngewoane waarmte yn Switserlân, dy't it filmjen fan 'e wintersênes ûnmooglik makke. Om't oer Ian Fleming syn roman Thunderball noch in rjochtsaak rûn, waard besletten om ynstee syn roman Goldfinger, út 1959, te ferfilmjen.

Goldfinger waard regissearre troch Guy Hamilton nei in senario fan Richard Maibaum en Paul Dehn. As produsinten wiene Harry Saltzman en Albert R. Broccoli wer by it projekt belutsen foar harren filmstudio Eon Productions. Mei finansiering troch United Artists wie Goldfinger, krekt as syn foargongers, in Britsk-Amerikaanske ko-produksje. Foar de film wie in budget beskikber fan $3 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Ted Moore, en de filmmuzyk waard fersoarge troch John Barry.

Casting bewurkje seksje

Sean Connery woe foar syn rol as James Bond mear betelle krije, wat late ta in skeel tusken him en de produsinten. Doe't er syn rêch blessearre by it opnimmen fan 'e sêne wêryn't er troch Oddjob yn 'e hotelkeamer delslein wurdt, gie Eon Productions troch de bocht en waard ôfpraat dat de akteur tenei 5% fan 'e opbringst ynkassearje koe fan eltse James Bond-film dêr't er yn spile.

Yn 'e rol fan Bond girl Pussy Galore waard Honor Blackman cast. Neitiid waard it skript oanpast om har feardichheden op it mêd fan judo te benutsjen. De dûbelsinnige namme 'Pussy Galore' (Ingelsk foar "ien en al poeske", wêrby't pussy, krekt as "poeske" yn it Frysk, ek "fagina" betsjutte kin) mocht fan 'e Amerikaanske sensuer net op promoasjemateriaal foar de film brûkt wurde.

Foar de rol fan 'e antagonist Auric Goldfinger hiene de produsinten oarspronklik Orson Welles op it each, mar dy frege tefolle jild foar dielname oan 'e film. Uteinlik keas men foar de Dútske akteur Gert Fröbe, nei't de produsinten him yn 'e rol fan in berneferkrêfter sjoen hiene yn 'e film Es geschah am hellichten Tag (1958). It probleem wie lykwols dat Fröbe gjin Ingelsk spriek. Hy sei dêrom syn dialooch fonetysk, wêrnei't er yn 'e postproduksje neisyngronisearre waard mei it stimlûd fan 'e Ingelske akteur Michael Collins.

Goldfinger syn deadlike Noardkoreaanske butler Oddjob waard spile troch Harold Sakata, in yn Hawaï berne Amerikaan fan etnysk Japansk komôf dy't by it gewichtheffen in sulverne medalje behelle hie op 'e Olympyske Simmerspullen 1948 yn Londen. Neffens regisseur Guy Hamilton wie Sakata yn it echt "in absolút sjarmante man". Yn 'e sêne wêryn't Bond Oddjob deadet troch him te elektrokutearjen, rûn Sakata slimme brânwûnen op oan syn hannen, mar nettsjinsteande de pine joech er gjin krimp en hold er fol oant der "cut!" roppen waard ta teken dat de opname beëinige wie.

 
Yn it Fontainebleau Miami Beach yn Miami Beach waarden opnamen foar Goldfinger makke.

CIA-agint Felix Leiter waard yn Goldfinger spile troch Cec Linder. Jack Lord, dy't itselde personaazje yn Dr. No (1962) fertolke hie, woe nammentlik mear tiid yn byld, mear jild en in fermelding op gelikense hichte mei Connery hawwe, dêr't de produsinten net mei akkoart gean woene. Linder spile Leiter hiel oars as Lord, as in wat âldere, net sa lichaamlik fitte man, hoewol't er eins in jier jonger wie as Lord.

Opnamen bewurkje seksje

De opnamen foar Goldfinger setten op 20 jannewaris 1964 útein yn Miami Beach, dêr't wat loft- en sfearbylden yn en om it lúksueuze hotel Fontainebleau Miami Beach filme waarden. Behalven Cec Linder (dy't CIA-man Felix Leiter spile) wie net ien fan 'e akteurs dêrby; de eigentlike sênes yn it hotel en by it swimbad waarden letter opnommen yn 'e Pinewood Studios yn it Ingelske Buckinghamshire. Dêr waarden ek de sênes filme yn Latynsk-Amearika, it lânhûs fan Goldfinger, en dy syn fabryk by Sjenêve.

De golfwedstryd waard filme yn 'e Stoke Park Club by Stoke Poges yn Buckinghamshire, RAF-basis Northolt gie troch foar alle Amerikaanske fleanfjilden yn 'e film en Lofthaven Southend waard brûkt foar de sêne dêr't Goldfinger syn Rolls-Royce yn in fleantúch laadt om nei Switserlân te fleanen. Black Park yn Wexham yn Buckinghamshire wie de lokaasje fan 'e efterfolging fan Bond en Tilly Masterson yn 'e Aston Martin troch Goldfinger syn trewanten. De ein fan dy efterfolging, wêrby't Bond by in muorre op riidt om't er ferbline wurdt troch syn eigen koplampen yn in grutte spegel, waard opnommen op in paad efter soundstage A en E en de rekwisytopslach fan 'e Pinewood Studios. Dat paad stiet sûnt bekend as Goldfinger Avenue.

 
Akteurs Sean Connery (James Bond) en Tania Mallet (Tilly Masterson) op 'e filmset yn Switserlân.

De sênes yn 'e bergen by Sjenêve waarden wol yn Switserlân filme, mar by Andermatt. De sênes by Fort Knox waarden foar in part echt by Fort Knox, yn Kentucky, opnommen, dêr't filmprodusint Albert R. Broccoli tastimming fan 'e Amerikaanske autoriteiten foar los wist te krijen fia syn freon luitenant-kolonel Charles Russhon. Omreden fan befeiliging koe der fansels net fuort by of yn 'e eigentlik goudopslach fan Fort Knox filme wurde, en dêrom waard yn 'e Pinewood Studios in replika fan Fort Knox neiboud. Om't nimmen by Fort Knox nei binnen mocht, fielde produksje-ûntwerper Ken Adam himsels frij om 'e goudopslach fan binnen nei eigen fantasij yn te rjochtsjen, mei withoehege steapels goudsteaven, poer om't dat moaie bylden joech, hoewol't er wol wist dat soks ûnpraktysk en dêrom ûnreälistysk wie.

Distribúsje bewurkje seksje

De distribúsje fan Goldfinger waard fersoarge troch United Artists. De film gie op 17 septimber 1964 yn Londen yn premiêre, wêrnei't er op 18 septimber iepene yn 'e Britske en op 22 desimber yn 'e Amerikaanske bioskopen. Goldfinger waard yn 1966, 2007 en 2020 (nei it ferstjerren fan Sean Connery) op 'e nij yn 'e bioskoop brocht. De film kaam yn 1997 út op dvd en yn 2008 op blu-ray.

It byhearrende soundtrackalbum ferskynde yn 1964 by platemaatskippij United Artists Records. It album berikt it 1e plak yn 'e Amerikaanske Billboard 200 en it 14e plak yn 'e Britske UK Albums Chart. De titelsong Goldfinger, songen troch Shirley Bassey, groeide út ta in hit dy't it 8e plak berikte yn 'e Amerikaanske Billboard Hot 100 en it 21e plak yn 'e Britske UK Singles Chart.

 
In loftfoto fan Fort Knox, yn Kentucky, dêr't de goudfoarrie fan 'e Feriene Steaten opslein leit.

Untfangst bewurkje seksje

Fan 'e filmkritisy krige Goldfinger oer it algemien positive resinsjes. Sa omskreau de Britske krante The Guardian de film as "de spannendste, ekstravagantste fan 'e Bond-films: ôfeart fan 'e goaden." Sean Connery krige foar syn aktearjen yn 'e film in protte lof, û.o. fan 'e Daily Mirror en The Guardian. The Times fûn dat benammen Harold Sakata (as Oddjob) en Gert Fröbe (as Goldfinger) ekstreem goed cast wiene. Yn The Observer fûn Penelope Gilliatt de film "absurd, grappich en fulgêr" tagelyk. Bosley Crowther fan The New York Times wie minder oer Goldfinger te sprekken. Hy fûn it "aldersaaiste dúdlik" dat de Bond-films almar mear op technologyske snufkes begûnen te fertrouwen en minder de klam leine op "de oerdiedige ferliedings fan wielderige froulju", al moast er tajaan dat "Connery de held spilet mei in misledigjend koele, ymposante hâlding."

Yn 1986 skreau Danny Peary yn syn Guide for the Film Fanatic dat Goldfinger "de bêste fan 'e James Bond-films mei Sean Connery yn 'e haadrol" is. Hy ûnderboude dy stelling troch dêroan ta te heakjen: "Der sitte humor, gimmicks en spanning by 't folop yn, in fermaaklike en dochs grimmitige golfwedstryd tusken Bond en Goldfinger, opwinende gefjochten tusken Bond en Oddjob en Bond en Goldfinger, en in fassinearjend sintraal misdriuw. […] In genot om nei te sjen, allinne spitich dat Eaton har rol net langer is en dat Fröbe syn Goldfinger, in yntellektueel dy't obees mar dochs licht op 'e fuotten is, […] net yn mear Bond-films foarkomt."

 
In Aston Martin DB5. Dit model auto waard yn Goldfinger foar it earst oan James Bond taparte en is sûnt ûnlosmaklik mei syn personaazje ferbûn rekke.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Goldfinger in hast ûnferbetterlik goedkarringspersintaazje fan 99%, basearre op 67 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[Dit is de film] dêr't Bond, sa't wy him kenne, fêste foarmen oannimt: hy befettet ien fan 007 syn meast ferneamde útspraken ("In martiny. Skodde, net omret.") en in breed skala fan gadgets dy't it hannelsmerk fan 'e searje wurde soene." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Goldfinger in goedkarringspersintaazje fan 87%, basearre op 12 resinsjes.

Resultaat bewurkje seksje

Opbringst bewurkje seksje

Goldfinger brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $51,1 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $73,8 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $124,9 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $3 miljoen betsjut dat in winst fan $121,9 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.

Prizen bewurkje seksje

Yn 1965 wûn Goldfinger de Oscar foar bêste lûdsmontaazje, wêrmei't it de earste James Bond-film wie dy't sa'n priis krige. Komponist John Barry waard nominearre foar in Grammy Award foar bêste soundtrack, en Ken Adam waard nominearre foar in BAFTA foar bêste artdirection yn in kleurefilm.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


James Bond (filmsearje)
films fan Eon Productions
mei Sean Connery Dr. No (1962) • From Russia with Love (1963) • Goldfinger (1964) • Thunderball (1965) • You Only Live Twice (1967) • Diamonds Are Forever (1971)
mei George Lazenby On Her Majesty's Secret Service (1969)
mei Roger Moore Live and Let Die (1973) • The Man with the Golden Gun (1974) • The Spy Who Loved Me (1977) • Moonraker (1979) • For Your Eyes Only (1981) • Octopussy (1983) • A View to a Kill (1985)
mei Timothy Dalton The Living Daylights (1987) • Licence to Kill (1989)
mei Pierce Brosnan GoldenEye (1995) • Tomorrow Never Dies (1997) • The World Is Not Enough (1999) • Die Another Day (2002)
mei Daniel Craig Casino Royale (2006) • Quantum of Solace (2008) • Skyfall (2012) • Spectre (2015) • No Time to Die (2021)
films fan oare studio's
Casino Royale (1954) • Casino Royale (1967) • Never Say Never Again (1983)