Genève
(Trochferwiisd fan Sjenêve)
Genève, soms ferfryske as Sjenêve (Frânsk: Genève; Dútsk: Genf; Italjaansk: Ginevra) is nei Surich de grutste stêd fan Switserlân. Yn 2007 wennen der 185.726 minsken. De stêd leit yn in kanton mei deselde namme, yn it Frânsktalige part fan it lân.
![]() |
Dit artikel is in stobbe oer plak en as gemeente.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta. |
Genève | ||
![]() | ||
Bestjoer | ||
Lân | Switserlân | |
Kanton | Genève | |
Gemeente | Genève | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 191.360 (2010) | |
Oerflak | 15,93 km² | |
Befolkingsticht. | 1169,77 / km² | |
Hichte | 375 m | |
Oar | ||
Postkoade | 1200 | |
Tiidsône | (UTC+) | |
Simmertiid | (UTC) | |
Offisjele webside | ||
Gemeente Genève |

De stêd leit oan de westpunt fan de Mar fan Genève en wurdt trochsnieën fan de rivieren de Rhône, dy't de mar útrint, en de Arve.
It besjen wurdich
bewurkje seksje- De âlde katedraal (Cathédrale Saint-Pierre) wie Jehannes Kalvyn syn eigen tsjerke (protestant).
- Basilyk Notre-Dame de Genève (katolyk)
- Fontein fan Genève
- Monument International de la Réformation
Ynternasjonale organisaasjes
bewurkje seksjeDe stêd Genève húsmanje in protte wichtige ynternasjonale organisaasjes:
- de Feriene Naasjes
- it Ynternasjonale Reade Krús
- de Wrâldsûnensorganisaasje
- UNAIDS, in organisaasje fan de FN foar it bestriden fan AIDS.
- UNHCR, de flechtelingenorganisaasje fan de FN
- ILO, de Ynternasjonale Arbeidsorganisaasje
- WTO, de Wrâldhannelsorganisaasje
- EBU, de European Broadcasting Union
- de Wrâldried fan Tsjerken
Ek hat de stêd in tal wichtige ûnderwiis- en ûndersyksynstellingen, sa as:
- it ûndersyksynstitút CERN
- de Université de Genève
- it Institut Universitaire de Hautes Études Internationales
- de École de traduction et d’interprétation
Berne yn Genève
bewurkje seksje- Jean-Jacques Rousseau (1712-1778), Switsersk-Frânsk filosoof
- James Pradier (1790-1852), Frânsk byldhouwer en skilder fan Switsersk komôf
- Henri Dunant (1828-1910), oprjochter fan it Reade Krús en Nobelpriiswinner
- Élie Ducommun (1833-1906), sjoernalist en Nobelpriiswinner
- Ferdinand de Saussure (1857-1913), taalwittenskipper
- René de Saussure (1868-1943), esperantist en wiskundige
- Frank Martin (1890-1974), komponist
- Michel Simon (1895-1975), akteur
- Lucienne Bloch (1909-1999), Amerikaansk keunstnaresse fan Switsersk komôf
- François Simon (1917-1982), akteur
- Alain Tanner (1929), filmregisseur
- Nelly Borgeaud (1931-2004), aktrise
- Claude Goretta (1929), filmregisseur
- Michel Soutter (1932-1991), filmregisseur
- Jean-Luc Bideau (1940), Switsersk akteur
- Tariq Ramadan (1962), filosoof en islamolooch
- Cindy Albracht (1975), Nederlânsk fioeliste