Sint-Petruskatedraal (Genève)
De Sint-Petruskatedraal (Frânsk: Cathédrale Saint-Pierre) is in nei de apostel Petrus ferneamde eardere katedraal fan de biskop fan Genève en tsjintwurdich de grifformearde haadtsjerke fan de Switserske stêd.
Sint-Petruskatedraal
Cathédrale Saint-Pierre | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Switserlân | |
kanton | Genève | |
plak | Genève | |
adres | Place du Bourg-de-Four 24, 1204 Genève | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Katedraal | |
boujier | 12e iuw | |
boustyl | Romaanske en goatyske arsjitektuer; klassisisme | |
offisjele webside | ||
Side protestantske tsjerke |
Skiednis
bewurkje seksjeMei de bou fan de trijeskippige pylderbasilyk waard om 1160 hinne yn romaanske tsjerke begûn. Hûndert jier letter fûn de foltôging yn goatyske styl plak. Yn de 18e iuw waard de tsjerke ferboud en krige de haadgevel in klassisistyske foarbou.
Op 8 augustus 1535, nei in preek fan de reformator Guillaume Farel, waarden it meubilêr en de bylden fan de tsjerke ferneatige en de fresko's oerkalke. De tsjerke waard in grifformearde haadtsjerke en Jehannes Kalvyn wie 23 jier as preker oan de tsjerke ferbûn.
De yn de jierren 1400-1405 yn opdracht fan kardinaal De Brogny yn flamboyant-gotyk boude Makkabeeërskapel krige yn it ramt fan de reformaasje in oare funksje, mar waard letter oant 1888 wer restaurearre.
Ynrjochting
bewurkje seksjeYn it ynterieur fan de tsjerke is noch in soad byldhouwurk te sjen, benammen oan de kapitelen.
Oargels
bewurkje seksjeIt oargel fan de Petrus-katedraal stamt út 1965 en waard troch Metzler & Soannen út Dietikon boud. It moderne oargelfront waard troch de Deenske arsjitekt Poul Gerhard Andersen ûntwurpen. De Noard-Dútske oargels fan de 17e iuw en de Frânsk-barokke ynstruminten hawwe de disposysje fan it oargel beynfloede. It oargel hat 67 registers op fjouwer manualen en pedaal. De spyltraktueren binne mechanysk, de registertraktueren elektrysk.
Dêrnjonken hat de katedraal yn de Makkabeeërskapel in Walcker-oargel út 1889 en in lyts koeroargel fan 1970.
Omjouwing
bewurkje seksjeNjonken de katedraal stiete de Temple de l’Auditoire út de 15e iuw, dêr't Jehannes Kalvyn en Theodorus Beza harren teologyske lêzings holden.
Under de tsjerke binne opgravings te besjen. Ut de opgravings kin opmakke wurde dat de tsjerke in komplekse bouskiednis hat, wêrfan't de foargongers oant de 4e iuw werom geane.
Under de opgravings fan de tsjerke is in grêf fûn fan in Keltyske haadling.
Ofbylden
bewurkje seksje-
Preekstoel
-
Koerstuolte (15e iuwsk)
-
Haadoargel
-
Neogoatysk ynterieur Makkebeeërskapel
-
Walcker-oargel Makkabeeërskapel
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Kathedrale St. Peter (Genf)
|