Obesitas
Obesitas (besibbe en min ofte mear synonime termen binne oergewicht, swierlivichheid, fetsucht, korpulinsje, dikheid, en adipositas) is in kondysje fan it minsklik lichem wêrby 't de natuerlike enerzjyreserve fan in mins of sûchdier, dy't yn fet opslein wurdt, fier oer de gewoane nivo's hinne giet, oant it de sûnens yn gefaar bringt. Swierlivichheid is by wylde bisten frij seldsum, mar net ûngewoan by minsken en by hûsdieren, dy't faak oerfuorre wurde en te min bewege.
Fan dizze side moat de stavering noch hifke wurde. Jo wurde útnûge om dêr in begjin mei te meitsjen |
---|
Yn 2008 hie mear as de helte fan de folwoeksen befolking yn de Europeeske Uny oergewicht of obesitas. Gemiddeld wie 15,5% fan de befolking obees (BMI fan mear as 30 kg/m2). Foar de measte Europeeske lannen, wêrûnder Nederlân, wie dit mear as in ferdûbeling fergelike mei de sifers fan 1988.[1]
Medyske reaksjes op swierlivichheid
bewurkje seksjeDe konvinsjonele artsen advisearje strategyen om gewicht te ferliezen om sa de gesondheidsrisiko's te ferlichtsjen febûn oan swierlivichheid. Der is kontroverse sawel over wat dy strategyen realistysk omfette, en ek oft sokke doelen eigentlik yn betere gesondheidsresultaten resultearret.
De gewichtsferminderingsstrategyen omfette dieetferoarings, bewegingsrezjimes, medisinen foar gewichtsferlies en sjirurgyske behannelingen. Hjirfan binne de "wûnderdiëten" it meast betwist. Ferskate ûndersiken suggerearje dat it gewichtsferlies op koarte termyn faak liedt ta metabole oanpassingen dy't op langere termyn krekt ta gewichtstoename liede.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Obesity fan Wikimedia Commons. |