Live and Let Die (film)

film

Live and Let Die is in Britsk-Amerikaanske spionaazjeskriller út 1973 ûnder rezjy fan Guy Hamilton, mei yn 'e haadrollen Roger Moore as geheim agint James Bond en Jane Seymour as Bond girl Solitaire. De titel betsjut "Libje en Stjerre Litte", in wurdboarterij op 'e bekende útdrukking live and let live ("libje en libje litte"). De film is basearre op 'e roman mei deselde namme út 1954 fan Ian Fleming.

Live and Let Die
Filmklapper.png film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
Live and let die.svg
makkers
regisseur Guy Hamilton
produsint Harry Saltzman
Albert R. Broccoli
senario Tom Mankiewicz
basearre op de roman fan Ian Fleming
kamerarezjy Ted Moore
muzyk George Martin
filmstudio Eon Productions
distribúsje United Artists
spilers
haadrollen Roger Moore
Jane Seymour
byrollen Yaphet Kotto
Julius W. Harris
David Hedison
Geoffrey Holder
Earl Jolly Brown
skaaimerken
lân/lannen Flag of the United Kingdom.svg Feriene Keninkryk
Flag of the United States.svg Feriene Steaten
premiêre 27 juny 1973
foarm langspylfilm
sjenre spionaazjeskriller
taal Ingelsk
spyltiid 121 minuten
budget en resultaten
budget $7 miljoen
opbringst $161,8 miljoen
filmsearje
filmsearje James Bond
● foarich diel Diamonds Are Forever
● folgjend diel The Man with the Golden Gun

It ferhaal folget Bond as er ûndersyk docht nei de moard op trije aginten fan MI6, dy't allegearre te krijen hawwe mei in snoad plan fan 'e Amerikaanske drugsbaron Mr. Big en dr. Kananga, de diktator fan it (fiktive) Karibyske eilânsteatsje San Monique om it monopoalje op 'e drugshannel yn 'e Feriene Steaten te bemachtigjen. Live and Let Die waard makke op it hichtepunt fan it blaxploitation-tiidrek, en mei't Bond it diskear opnimt tsjin negroïde kriminelen, binne in protte blaxploitationeleminten yn 'e film opnommen, lykas skelnammen foar blanken (honky), súksesfolle swarte gangsters en pimpmobiles (grutte, djoere en útwrydsk tariste auto's dêr't dy gangsters yn omride). De film befette fierders de earste swarte frou dêr't Bond mei op bêd giet, te witten Rosie Carver, spile troch Gloria Hendry.

Live and Let Die wie it achtste diel út 'e James Bond-filmsearje en folge as sadanich op Diamonds Are Forever. It wie de earste film mei Roger Moore as Bond, in rol dy't yn op ien nei alle foargeande films fertolke wie troch Sean Connery. Fan 'e filmkritisy krige Live and Let Die oer it algemien positive resinsjes, en yn 'e bioskopen wie de film in kommersjeel súkses. In folgjend diel yn 'e filmsearje, The Man with the Golden Gun, kaam út yn 1974.

PlotBewurkje

Binnen fjouwerentweintich oeren tiid wurde der ûnder mysterieuze omstannichheden trije geheim aginten fan 'e Britske ynljochtingetsjinst MI6 út 'e wei romme: Dawes yn it Haadkertier fan 'e Feriene Naasjes yn New York, Hamilton yn in swarte folkswyk yn New Orleans en Baines yn it lytse (fiktive) eilânsteatsje San Monique, yn it Karibysk Gebiet. M, de sjef fan MI6, giet derfan út dat de trije moarden mei-inoar te krijen hawwe. Hy draacht it ûndersyk op oan syn bêste man: geheim agint 007, James Bond. Dyselde set ôf nei New York, dêr't Dawes de gongen neirûn fan dr. Kananga, de diktator fan San Monique. Bond wurdt by de lofthaven ôfhelle troch in ûnderhearrige fan syn freon Felix Leiter, dy't foar de Amerikaanske ynljochtingetsjinst CIA wurket. Underweis nei Leiter syn lokaasje wurdt de sjauffeur fan Bond lykwols temûk fermoarde troch Whisper, ien fan Kananga syn trewanten, út in passearjende auto wei. Dat soarget foar in auto-ûngemak dat Bond mar nauwerneed oerlibbet.

It kentekennûmer fan Whisper syn auto liedt Bond nei de swarte wyk Harlem, dêr't er finzen nommen wurdt troch Mr. Big. Dat is in swarte drugsbaron dy't tige ynfloedryk is en as fasade foar syn kriminele praktiken in keatling restaurants mei de namme Fillet of Soul eksploitearret. Yn it selskip fan Mr. Big is de tsjeppe Solitaire, in wiersizzeresse mei de macht fan obeah (koartsein de foarm fan voodoo dy't bestiet yn 'e eardere Britske koloanjes fan it Karibysk Gebiet). Hja makket gebrûk fan tarotkaarten om yn 'e takomst te sjen en kin sa teffens foarfallen yn it hjoed gewaarwurde dy't fier fuort plakfine. Solitaire is de assistinte fan dr. Kananga, en it is ûndúdlik wat se by Mr. Big moat. Bond lûkt by har de kaart fan 'e Minners; dat ûntrêstget Solitaire bot, mei't se leaut dat it betsjut dat sy en Bond minners wurde sille. Mr. Big lit Bond ôffiere om him te deadzjen, mar Bond ûntsnapt mei help fan 'e swarte CIA-agint Harry Strutter.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Bond noch de CIA begrypt wat de machtichste gangster fan New York te krijen hat mei de lieder fan in ûnbelangryk minysteatsje. Dêrom fljocht Bond neitiid nei San Monique om op ûndersyk út te gean. Hy moetet dêr de swarte CIA-aginte Rosie Carver en de Jamaikaanske MI6-agint Quarrel jr. Nei't Bond in nije moardoanslach troch Whisper oerlibbe en de nacht trochbrocht hat mei Rosie, geane Quarrel, Rosie en hy op in angelfiskersboat op ferkenning. Fan see ôf sjogge se de filla dêr't Solitaire wennet, en dêr't nimmen útsein Kananga sels doar te kommen fanwegen har ysbaarlike, boppenatuerlike jeften. Bond en Rosie geane oan lân by it plak dêr't Baines fermoarde is, mar Bond is erchtinkend oer Rosie wurden. It docht bliken dat se yndie in dûbelaginte foar Kananga is, mar se wegeret te praten út eangst foar de voodoopoppen yn 'e foarm fan fûgelferskrikkers dy't rûnom steane. As se besiket út te naaien, wurdt se troch Kananga mei in fan op ôfstân betsjinne fjoerwapen deade.

De jûns kringt Bond de filla fan Solitaire binnen, dêr't er har in kaart lûke lit dy't op 'e nij de Minners is. (Feitliks hat Bond in tarotkaartspul by him dat inkeld út eksimplaren fan dy spesifike kaart bestiet.) Sa bedraacht er har om te leauwen dat harren leafde in lotsbestimming is dy't fêstleit. Neitiid ferliedt er har en bringe se de nacht mei-inoar troch. As Bond lykwols de oare moarns wol dat se de kaarten foar him lêst, docht bliken dat er himsels te fluch ôf west hat: om't har wiersizzend fermogen ferbûn wie oan har fammesteat, hat Solitaire no har jeften ferlern. Dat op himsels liket har net safolle te spiten, mar it besef dat Kananga har no fermoardzje sil nammenste mear. Se beslút dêrom en naai út mei Bond. Op harren flecht ûntdekke se op San Monique útstrutsen papaverfjilden foar de produksje fan heroïne. Dat geheim beskermet Kananga mei de help fan in voodoo-preester dy't himsels nei ien fan 'e loa Baron Samedi neamt en dêr't de pleatslike befolking deabenaud fan is.

Mei de trewanten fan Kananga op 'e hakken flechtsje Bond en Solitaire yn in stellen dûbeldekkerbus oant se de efterfolgers ôfskodde hawwe. Se jouwe har by Quarrel op 'e boat en ûntkomme oer see, wêrnei't se trochreizgjen nei New Orleans. Dêr hat Bond ôfpraat mei Felix Leiter, mar hy en Solitaire wurde ûntfierd troch de taksysjauffeur by wa't se yn 'e auto stappe. Se wurde ôflevere by Mr. Big, dy't Solitaire finzen nimt. Bond wit te ûntsnappen en bejout him mei Felix Leiter nei it Fillet of Soul-restaurant yn New Orleans, dêr't se lykwols of raffinearre wize faninoar skaat wurde. Bond wurdt sa dochs noch finzen nommen troch Mr. Big, dy't witte wol oft Bond Solitaire ûntfamme hat. Bond wegeret te antwurdzjen en seit dat er dêr wol mei Kananga oer prate sil. Dêrop skuort Mr. Big syn gesichtsproteze (in echt lykjend masker) ôf en docht bliken dat hy en Kananga ien en deselde man binne. Hy leit op selsfoldiene wize oan Bond út dat er syn eigenprodusearre heroïne yn 'e Feriene Steaten fergees weijaan sil om alle konkurrinsje út 'e merk te drukken, om dêrnei, as er it monopoalje op 'e ferkeap fan heroïne hat, de oarspronklike priis te ferdûbeljen.

As Bond noch altyd wegeret te praten oer syn relaasje mei Solitaire, stelt Kananga Solitaire op 'e proef mei in fraach dêr't hy it antwurd op wit, mar dêr't sy it antwurd op yn har kaarten lêze moat. Hja liket korrekt te antwurdzjen, en Kananga jout syn ienearmige trewant Tee Hee opdracht om Bond ôf te fieren. Nei't se fuortgien binne, docht lykwols bliken dat Solitaire it ferkearde antwurd jûn hat, ek al hie se 50% kâns om it goed te hawwen. Kananga lit har werombringe nei San Monique, dêr't se by in voodoo-seremoanje troch Baron Samedi deade wurde sil.

Underwilens nimme Tee Hee en in oare trewant fan Kananga, dy't Adam hjit, Bond mei nei in krokkedillefokkerij yn 'e bayou's fan 'e Mississippydelta, dy't in dekmantel is foar in drugslaboratoarium. Dêr litte se him efter op in minuskúl eilantsje midden yn in poel fol roppige krokkedillen. Se binne lykwols sa dom om net ôf te wachtsjen oant er ferslynd wurdt, wat Bond de kâns jout om fan it eilantsje te ûntsnappen troch de rêgen fan in stikmannich krokkedillen as stapstiennen te brûken wylst er it wetter fan 'e poel oerstekt nei de fêste wâl. Ienris dêr lit er de krokkedillen los en stekt er it laboratoarium yn brân, wêrnei't er ûntsnapt yn in speedboat. Adam en ferskate oare trewanten fan Kananga sette yn har eigen speedboaten de efterfolging yn, wêrby't se yn oanfarring komme mei de rjochtlinige Louisiaanske sheriff J.W. Pepper, dy't him ek by de efterfolging oanslút. De measte oare speedboaten reitsje ûnderweis wrakslein, en Bond weeft mei Adam ôf troch him by in skipswerf in amer terpentine yn it gesicht te smiten en dêrnei syn boat yn 'e brân te stekken, dat dy ûntploft.

Nei't Felix Leiter en de CIA de hiele ravaazje behimmele hawwe dy't Bond en syn efterfolgers oanrjochte hawwe, reizget Bond jitris ôf nei San Monique. Diskear geane Leiter en syn mannen mei, dy't eksplosiven oanbringe yn 'e papaverfjilden, wylst Bond nei de voodoo-seremoanje op in pleatslik tsjerkhôf giet om Solitaire te rêden. Hy smyt dêrby Baron Samedi yn in deakiste mei gifslangen, wat dyselde net oerlibje kin. Mei de lift dy't yn in grêf oanbrocht is sadat Baron Samedi ta skrik fan 'e pleatslike befolking letterlik út it grêf oprize kin, ûntkomme Bond en Solitaire nei it ûndergrûnske haadkertier fan Kananga, dêr't se lykwols allebeide wer finzen nommen wurde. Kananga en syn trewant Whisper bine harren fêst en risselwearje om harren yn in fan 'e haaien optillende seegrot del te litten, sadat se ferslynd wurde sille. Bond wit lykwols los te brekken, wêrnei't er earst Whisper út 'e wei rommet en dan Kananga twingt om in patroan mei gearparse gas troch te slokken, dat ornaris brûkt wurdt foar haaiepistoalen. As it gas frijkomt, wurdt de diktator opblaasd as wied er in ballon, oant er útinoar barst.

Werom yn New Orleans set Leiter Bond en Solitaire op 'e trein nei New York, in betinksel fan Bond, dy't noch rêstich wat tiid mei de tsjeppe Solitaire trochbringe wol ear't er nei hûs moat. Kananga syn trewant Tee Hee glûpt lykwols ek oan board fan 'e trein en kringt nachts de kûpee fan Bond en Solitaire binnen. Hy besiket Bond te deadzjen troch gebrûk te meitsjen fan syn earmproteze, mar Bond wit in neilskjirke te pakken te krijen, wêrmei't er de keabeltsjes yn 'e proteze trochknipt. No't syn fijân fierhinne ûntwapene is, slagget it Bond sûnder muoite om him út it finster en fan 'e trein te smiten. Dêrop ferfettet er syn ferlieding fan Solitaire, mar it lêste byld fan 'e film lit in laitsjende Baron Samedi sjen dy't op 'e kowefanger fan 'e trein sit.

RolferdielingBewurkje

haadrollen
personaazje akteur/aktrise
MI6-agint James Bond Roger Moore
Solitaire Jane Seymour


byrollen
personaazje akteur/aktrise
dr. Kananga / Mr. Big Yaphet Kotto
Tee Hee Johnson Julius W. Harris
CIA-agint Felix Leiter David Hedison
"Baron Samedi" Geoffrey Holder
Whisper Earl Jolly Brown
Rosie Carver Gloria Hendry
sheriff J.W. Pepper Clifton James
Quarrel jr. Roy Stewart
Adam Tommy Lane
M, haad fan MI6 Bernard Lee
juffer Moneypenny Lois Maxwell
CIA-agint Harry Strutter Lon Satton
Dambala Michael Ebbin
swarte taksysjauffeur Arnold Williams
juffer Caruso Madeline Smith
frou Bell Ruth Kempf
Charlie Joie Chitwood
froulike winkelbetsjinde Kubi Chaza
sjongster yn restaurant B.J. Arnau

Produksje en distribúsjeBewurkje

ProduksjeBewurkje

Live and Let Die waard regissearre troch Guy Hamilton, dy't earder ek de James Bond-films Goldfinger (1964) en Diamonds Are Forever (1971) makke hie. Hy wurke nei in senario fan Tom Mankiewicz op basis fan 'e roman Live and Let Die, fan Ian Fleming, út 1954. Richard Maibaum, dy't as senarioskriuwer by frijwol alle foargeande Bond-films belutsen west hie, bewearde letter dat er ek frege wie foar Live and Let Die, mar dat er ôfsizze moatten hie om't er te drok mei oare dingen wie. Hy mocht net oer it senario fan Mankiewicz, mei't er sei: "Drugs ferbouwe yn 'e midden fan 'e jungle is gjin Bond-film."

As produsinten wiene Harry Saltzman en Albert R. Broccoli wer by it projekt belutsen foar harren filmstudio Eon Productions. Foar de film wie in budget beskikber fan $7 miljoen. Live and Let Die waard fierhinne finansierd troch United Artists, sadat it in Britsk-Amerikaanske ko-produksje wie. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Ted Moore, en de filmmuzyk waard fersoarge troch George Martin. De titelsong Live and Let Die waard songen troch Paul McCartney en Wings.

CastingBewurkje

Filmprodusinten Harry Saltzman en Albert R. Broccoli besochten Sean Connery, dy't yn 'e foargeande James Bond-film, Diamonds Are Forever foar de sechsde kear yn 'e rol fan James Bond weromkeard wie, oer te heljen om foar Live and Let Die fannijs yn 'e hûd fan geheim agint 007 te krûpen, mar diskear liet er him net fermurwe. Ferskate oare akteurs waarden foar de rol oansocht, ûnder wa John Gavin, Jeremy Brett, Simon Oates, John Ronane en William Gaunt. De kânsrykste gadingmakker wie Michael Bellington.

 
In promoasjefoto fan 'e wichtichste leden fan 'e cast fan Live and Let Die. F.l.n.rj.: Julius W. Harris, Jane Seymour, Geoffrey Holder (efter), Roger Moore (foar), Yaphet Kotto en Earl Jolly Brown.

United Artists krong derop oan om 'e rol troch in Amerikaan spylje te litten, mar Broccoli wegere dêryn mei te gean. Ynstee skode er as kompromiskandidaat Roger Moore nei foarren. Dyselde wie troch syn titelrol yn 'e tillefyzjesearje The Saint ek yn 'e Feriene Steaten bekend en populêr, en boppedat hied er al twaris yn byld west foar de rol fan Bond, foar de film On Her Majesty's Secret Service en foar Diamonds Are Forever. Beide kearen hied er oare ferplichtings hân dêr't er net ûnderút koe, mar diskear wied er frij. Der waard besletten om Bellington efter de hân te hâlden as reseve-Bond foar it gefal dat Moore yn in folgjende film net yn 'e rol weromkeare koe of woe.

Wat de rol fan 'e Bond girl yn Live and Let Die oangie, hie senarioskriuwer Tom Mankiewicz it idee opfet om fan Solitaire in negroïde frou te meitsjen, en hy hie sjongster Diana Ross foar de rol yn gedachten. Broccoli en Saltzman besleaten lykwols om Solitaire te hanthavenjen as in blanke frou, sa't Ian Fleming har yn 'e roman ek beskreaun hie. Se tochten deroer om 'e Fransêze Catherine Deneuve foar de rol te freegjen, mar casten úteinlik de noch frij ûnbekende aktrise Jane Seymour as Solitaire, dy't se koene út 'e Britske tillefyzjesearje The Onedin Line. Foar Seymour betsjutte Live and Let Die har trochbraak as aktrise. Hja waard yn 'e begjintitels fan 'e film fermeld as "and introducing Jane Seymour", as wie it har debút yn in film, wat eins net sa wie.

Nei't de rol fan Solitaire nei in blanke aktrise gien wie, waard it personaazje fan Rosie Carver, dat yn 'e oarspronklike ferzje fan it skript blank wie, feroare yn in swarte frou, dêr't Gloria Hendry foar cast wie. Live and Let Die wie de earste Bond-film wêryn't Bond mei in swarte frou op bêd gie. Yaphet Kotto waard cast as de antagonist dr. Kananga. As CIA-agint Felix Leiter, in rol dy't yn hast eltse film troch in oare akteur fertolke waard, caste men diskear David Hedison, dy't yn Licence to Kill (1989) nochris yn dyselde rol weromkeare soe. Clifton James waard by wize fan komyske noat tafoege as de rjochtlinige sheriff J.W. Pepper, dy't op 'e nij opdûke soe yn 'e folgjende Bond-film, The Man with the Golden Gun.

Madeline Smith, dy't de Italjaanske geheim aginte Caruso spile mei wa't Bond yn 'e begjinsênes it bêd dielt, krige dy rol op oanrikkemandearring fan Roger Moore, dy't mei har gearwurke hie yn The Saint. Hja sei letter dat Moore withoe hoask wie en oangenaam om mei gear te wurkjen, mar dat se har op 'e filmset fan Live and Let Die tige oplitten field hie. Dat kaam om't se dêr inkeld klaaid yn in slipke omsprong, wylst Moore syn frou by de opnamen oanwêzich wie.

Live and Let Die wie de iennichste Bond-film fanôf From Russia with Love (1963) oant en mei The World Is Not Enough (1999) dêr't Desmond Llewelyn (as Q) yn ûntbriek. Dat kaam om't Saltzman en Broccoli fûnen dat de franchise te ôfhinklik begûn te wurden fan technologyske gadgets (oanlevere troch Q as kertiermaster fan MI6). Llewelyn spile op dat stuit yn 'e tillefyzjesearje Follyfoot en hie himsels krekt út trije ôfleverings skriuwe litten om tiid frij te meitsjen foar Live and Let Die, doe't er, ta syn argewaasje, it berjocht krige dat men gjin ferlet fan him hie.

OpnamenBewurkje

De opnamen foar Live and Let Die setten yn oktober 1972 útein, mar it duorre in hoart ear't men echt los koe, om't Roger Moore krekt doe oanhelle bliek te wêzen mei nierstiennen. In protte fan 'e binnendoarsênes waarden opnommen yn 'e Pinewood Studios, yn it Ingelske Buckinghamshire.

 
De efterfolging yn speedboaten waard filme yn 'e Bayou des Allemands.

De sênes yn New Orleans en de bayous fan Louisiana waarden dêr op lokaasje filme. De speedboatefterfolging waard opnommen yn 'e Bayou des Allemands en de omkriten fan 'e Irish Bayou yn 'e Mississippydelta. Der waarden 26 boaten foar brûkt, werfan't 17 nei gychem giene. De sêne wêryn't ien fan 'e speedboaten fan wetter nei wetter oer in dyk hinne springt, waard filme mei help fan in ferburgen hellingbaan en helle ûnbedoeld it Guinness Book of World Records foar de fierste sprong mei in speedboat (34 m).

Behalven yn Lousiana waard yn 'e Feriene Steaten ek filme yn Harlem, yn New York, dêr't de produsinten twongen wiene om beskerming te keapjen fan in pleatslike binde om 'e feilichheid fan 'e filmcrew te garandearjen. Doe't dat jild oprekke, moast de leden fan 'e crew sjen se fuortkamen. Guon bûtendoarsênes yn 'Harlem' waarden eins opnommen oan 'e Upper East Side fan Manhattan om't men yn it echte Harlem sa'n swierrichheden hie.

De sênes op San Monique hie regisseur Guy Hamilton oarspronklik yn Haïty filmje wollen, mar dat plan rûn op 'e non omreden fan 'e politike ynstabiliteit fan dat lân ûnder it regear fan diktator François Duvalier (better bekend as "Papa Doc"). Dêrom waard útwykt nei Jamaika. De sêne mei de dûbeldekkerbus, dy't syn boppedek ferliest as Bond him ûnder in te leech fiadukt troch riidt, waard filme mei in âlde Londenske dûbeldekker. Dêrfan waard it boppeste diel yn 't foar ferwidere en doe wer te plak set en lichtsjes fêstskroeve, sadat er fuort wer los rekke doe't de bus by it fiadukt op ried. De stunts mei de bus (ek û.m. it slipjen op it wiete weidek) waarden útfierd troch Maurice Patchett, in rydynstrukteur foar autobussen by it iepenbier ferfiersbedriuw London Transport.

By de opnamen fan 'e voodooseremoanje wêrby't Solitaire oan Baron Samedi offere wurde soe, die him in penibele sitewaasje foar doe't in dûnser biten waard troch de libbene slange dy't er beethie. Hy liet de slange doe falle, en wylst alle oandacht op him rjochte wie, kroep de slange yn 'e rjochting fan 'e fêstbûne Jane Seymour. Hja waard rêden troch de op 'e set oanwêzige slange-ekspêr, dy't it bist tebekskuorde doe't it noch mar sintimeters fan har fuotten ôf wie.

DistribúsjeBewurkje

De distribúsje fan Live and Let Die waard fersoarge troch United Artists. De film iepene op 27 juny 1973 yn 'e Amerikaanske bioskopen, foarôfgeande oan 'e eigentlike wrâldpremiêre, dy't op 6 july yn Londen holden waard. Yn 'e Britske bioskopen iepene de film dyselde deis noch. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 2 july 1973 by platemaatskippij United Artists Records.

UntfangstBewurkje

Fan 'e filmkritisy krige Live and Let Die oer it algemien positive resinsjes. Roger Moore waard troch de measte resinsinten beskreaun as in adekwate opfolger fan Sean Connery, hoewol't de foaroansteande resinsint Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times it dêr net mei iens wie. De krityk dy't der op 'e film wie, waard lykwols foar it meastepart reservearre foar it senario, dat sûnder megalomane, wrâldbedriigjende psychopaat as antagonist foar in protte filmkritisy te aldendeisk wie. Charles Champlin fan 'e Los Angeles Times tekene fierders oan dat it skript fan Tom Mankiewicz "inkeld de keale bynten" fan Fleming syn roman brûkt om it ferhaal fan 'e film oan op te hingjen. Ek murk er op dat oerdie skeadet: "As ien bedriigjende njirre goed is, binne trije of in deakiste fol net needsaaklikerwize better."

Ien dy't Live and Let Die hielendal net lije mocht, wie Richard Schickel fan it Amerikaanske tydskrift Time. Dyselde omskreau de film as "de fulgêrste oanfolling op in searje dy't al lang syn koarte histoaryske momint oerlibbe hat – hoewol, spitigernôch, noch net syn winstjaandheid."

Yn 1986 skreau Danny Peary yn syn Guide for the Film Fanatic dat Moore yn Live and Let Die "in neatsizzend debút" as James Bond makke "yn in ferbyldingsearme ferfilming fan 'e twadde roman fan Ian Fleming." Hy stelde dat, hiene Moore en Jane Seymour swart west, de film samar weiwurden wie tusken oare blaxploitationfilms. Fierders hied er gjin goed wurd oer foar de tafoeging fan "stomme Louisiaanske plysjes, de groulivige sheriff Pepper ynbegrepen." Yn 2008 priizge William Mager fan 'e BBC de Bond-fertolking fan Roger Moore yn Live and Let Die en lettere films. Hy skreau: Connery en Lazenby hiene in hâlding fan ferburgen gewisseleazens en gewelddiedigens, mei de opkrôle fûsten al ree, mar yn it gefal fan Moore binne in iroanysk grapke en in oplutsen wynbrau syn deadlikste wapens."

Ian Nathan fan it tydskrift Empire beskreau Live and Let Die yn 2000 sa: "Dit is in Bond-film fan goede kwaliteit, dy't it slagget om 'e klassike films op 'e nij te ynterpretearjen […] foar in moderner idioom, sûnder dat er dêrby bûten de lyntsjes kleuret. Oan 'e iene kant krije we it gebrûk fan alligators as stapstiennen en de pompeuze pitbull fan in sheriff Pepper dy't behelle rekket yn 'e spannende boatefterfolging. Oan 'e oare kant: it aura fan wierlike driging troch de nuvere voodoo-trewant Tee Hee en in útskaaien nei – wat krije we no? – reälisme yn it snoade plan fan Mr. Big om de drugshannel oer te nimmen fan 'e maffia."

 
De speedboat fan James Bond by de efterfolging oer it wetter yn Live and Let Die, hjir by in tentoanstelling yn it National Motor Museum yn Beaulieu (Hampshire).

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Live and Let Die in goedkarringspersintaazje fan 65%, basearre op 52 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Hoewol't it net ien fan 'e as bêste beskôge Bond-films is, drukt Roger Moore yn 'e film syn stimpel op 'e rige mei glimpen fan styl en in ferbettere gefoel foar humor." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Live and Let Die in goedkarringspersintaazje fan 55%, basearre op 9 resinsjes.

ResultaatBewurkje

OpbringstBewurkje

Live and Let Die brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $35,4 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $126,4 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $161,8 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $7 miljoen betsjut dat in winst fan $154,8 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.

PrizenBewurkje

Live and Let Die waard yn 1974 nominearre foar de Oscar foar bêste orizjinele liet en ek foar de Grammy Award foar bêste liet yn in film, beide kearen foar Live and Let Die fan Paul McCartney en Wings.

Keppelings om utensBewurkje

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


James Bond (filmsearje)
films fan Eon Productions
mei Sean Connery Dr. No (1962) • From Russia with Love (1963) • Goldfinger (1964) • Thunderball (1965) • You Only Live Twice (1967) • Diamonds Are Forever (1971)
mei George Lazenby On Her Majesty's Secret Service (1969)
mei Roger Moore Live and Let Die (1973) • The Man with the Golden Gun (1974) • The Spy Who Loved Me (1977) • Moonraker (1979) • For Your Eyes Only (1981) • Octopussy (1983) • A View to a Kill (1985)
mei Timothy Dalton The Living Daylights (1987) • Licence to Kill (1989)
mei Pierce Brosnan GoldenEye (1995) • Tomorrow Never Dies (1997) • The World Is Not Enough (1999) • Die Another Day (2002)
mei Daniel Craig Casino Royale (2006) • Quantum of Solace (2008) • Skyfall (2012) • Spectre (2015) • No Time to Die (2021)
films fan oare studio's
Casino Royale (1954) • Casino Royale (1967) • Never Say Never Again (1983)