Sir James Paul McCartney (Liverpool, 18 juny 1942) is in Britsk popsjonger en komponist. Hy waard ferneamd as de basgitarist, pianist, gitarist, sjonger en songwriter fan The Beatles; dat bleau er oant it útelkoargean fan The Beatles yn 1969. Dernei stifte er yn 1971 de groep Wings dêr't er oant it útelkoargean yn 1981 foaroanman fan wie. Sûnt spilet er mei wikseljende muzikanten. Syn nûmers skriuwt er allinnich of yn gearwurking mei oare ferneamde artysten. Sûnt de njoggentiger jierren fan de 20e iuw skriuwt McCartney ek klassike muzyk.

Paul McCartney yn Praach op it poadium.

Keppelings om utens bewurkje seksje

 
Dit artikel is in stobbe oer muzikant.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.