Lietsjeskriuwer
(Trochferwiisd fan Songwriter)
In lietsjeskriuwer, lietskriuwer of, mei in Ingelsk lienwurd, songwriter is de komponist en tekstdichter fan lietsjes.
In lietsjeskriuwer hat in wichtige funksje binnen in band. De sjonger en/of band kinne bygelyks it ûnderwerp fan it nûmer foarôf bepale, wêrnei't de lietsjeskriuwer dizze komponearje sil op in ynstrumint nei kar.
In lietsjeskriuwer kin ek syn eigen nûmers sjonge. Dat kin yn in band, mar ek solo. De term "singer-songwriter" wurdt sûnt de jierren sechtich brûkt om artysten oan te tsjutten dy't harren eigen wurk, faak solo, hearre litte.