Liverpool (Ingelân)

Liverpool is in stêd (city) en in distrikt fan it greefskip Merseyside yn it noardwesten fan Ingelân, oan de noardigge fan de rivier de Mersey. De stêd leit yn it fierste súdwesten fan it greefskip Lancashire. Liverpool waard stifte as in borough yn 1207 yn Lancashire en krige har stedsrjochten yn 1880. Yn 2009 hie Liverpool sa'n 440.000 ynwenners (dy't scousers neamd wurde, nei in soarte stamppot); yn Liverpool Urban Area wennen doe likernôch 816.216 minsken.

Liverpool
Fan lofts boppe, mei de klok mei: de Cavern Club, de Three Graces of the Pier Head (it Liver Building, Cunard Building en Port of Liverpool Building), silhûet fan Liverpool's sakedistrikt, it Albert Dock en St George's Hall
Fan lofts boppe, mei de klok mei: de Cavern Club, de Three Graces of the Pier Head (it Liver Building, Cunard Building en Port of Liverpool Building), silhûet fan Liverpool's sakedistrikt, it Albert Dock en St George's Hall
Polityk
Lân Feriene Keninkryk
Regio Noard West Ingelân
Greefskip Merseyside
Sifers
Ynwennertal 470.537 (2014)
Oerflak 111,8 km²
Befolkingsticht. 4.230 / km²
Stêdekloft 2.241.000(2014)
Hichte 70 m
Oar
Stifting 1207
Tiidsône GMT (UTC+0)
Simmertiid Britske Simmertiid (UTC+1)
Offisjele webside
(in) Offisjele webside
Wapen
Lizzing fan Liverpool yn Ingelân

Yn de 18e iuw groeide de havenstêd enoarm troch de hannen nei it Karibysk gebiet, Ierlân en it fêstelân fan Europa, mar ek de Trans-Atlantyske slavehannel befoardere de ekonomyske groei. Tsjin de 19e iuw gie goed 40 prosint fan de wrâldhannel oer de haven fan Liverpool.

Hjoededei is de havenfunksje fan de stêd foar it grutstepart ferfallen en is de toeristesektor mei troch de eksponinten fan de Merseybeat, dêr't de The Beatles en Gerry & the Pacemakers by hearre. Liverpool húsmanje ek twa fan de fuotbalklubs út de Ingelske Premier League, Everton FC en Liverpool FC en is it warenhûs Woolworths in Liverpool opset. Yn 2004 kaam it havengebiet en in part fan de binnenstêd fan Liverpool op de Wrâlderfgoedlist fan de UNESCO. Yn 2007 fierde de stêd har 800e jierdei en yn 2008 wie de stêd (tegearre mei it Noarske Stavanger) de Kulturele Haadstêd fan Europa.

Liverpool hat teffens de âldste Swart-Afrikaanske mienskip fan it lân en de âldste Sineeske mienskip yn Europa.

Yn 1207 besleat Jan sûnder Lân (Kening John) ta de oprjochting fan de borough Liverpool. Fjouwer iuwen letter wie de befolking suver noch net groeid en bleau it ynwennertal hingjen op sa'n 500. Yn de 17e iuw makke de hannel opgong en naam de befolking ek ta. Deselde iuw waard der ek fochten yn Liverpool ûnder de Ingelske Boargerkriich en gie it earste slaveskip dêrwei nei Afrika. De stêd profitearre fan it tanimmen fan de slavehannel en waakste stadichoan troch. Oan de ein fan de iuw hie de haven 41 prosint fan Europa's slavehannel en benei 80 % fan it Britske belang dêryn yn hannen.

Begjin 18e iuw gie 40 % fan de wrâldhannel troch Liverpool. Yn 1830 waard it earste intercity-spoar Liverpool and Manchester Railway nei Manchester iepene. Letter luts de stêd in protte Ierske ymmigranten, meidat yn Ierlân de Grutte Hongersneed taslein hie, sadat 1851 likernôch in fearnspart fan de ynwenners fan Iersk komôf wiene. Oant begjin 19e iuw bleau Liverpool Europeeske ymmigranten oanlûken.

Yn de jierren '20 en '30 fan de 20e iuw waarden der nije wiken út de grûn stampt om minsken út de binnenstêd herbergje te kinnen. Dat gie nei de Twadde Wrâldkriich troch, mar doe waarden ek lytsere stêden yn de omkriten by it plan belutsen.

Liverpool waard yn de WO II swier skansearre troch de tachtich bombardeminten dy't it te fernearjen krige. Goed 2500 minsken kamen om en benei de helte fan de huzen waarden ferwoastge. Dat ek nei de kriich wie it nedich om grutskalige nijbou te ralisearjen. Sûnt 1952 is Liverpool in susterstêd fan Keulen dat yn de oarloch ek slimme skea oprûn hie troch de bombardeminten.

Yn de jierren 1960-1969 wie Liverpool mei tank oan The Beatles en in protte oare Liverpoolske bands de haadstêd fan de Merseybeat.

Yn de jierren sântich en tachtich hie de stêd te krijen mei in grutte wurkleazens troch it ynfieren fan de kontener en de ein fan har funksje as wrâldhaven. Tagelyk waard Liverpool in metropolitan borough yn it nije greefskip Merseyside (Greater Liverpool), mei 1.365.900 ynwenners.

Begjin 21e iuw ûntjoech de stêd har wer ta in moderne stêd dêr't in soad te dwaan is, mar no sûnder swiere yndustry. Ekonomysk giet it wer better troch de keunstgalerieën, museums en arsjitektuer, mar ek troch de bliuwende populariteit fan The Beatles en oare rockbands út de jierren sechtich.

Polityk en bestjoer

bewurkje seksje

Liverpool hat mei trije oerheden te krijen: de lokale oerheid dy't de stêd bestjoerd, de nasjonale oerheid en it Europeeske Parlemint.

De stêd wurdt bestjoerd troch it stedsbestjoer (de Liverpool City Council), dat ien fan de fiif metropolitan boroughs is fan it greefskip Merseyside. De ried bestiet út 90 ôffurdigen dy't allegear lytse stedsdielen fertsjintwurdigje. Dêrneist binne der ek noch in tal bestjoersleden dy't oer de deistige gong fan saken fan de ried gean[1]. De stêd hat ek noch in boargemaster, in Lord Mayor en in foarsitter fan it stedsbestjoer.

De stêd hat 30 kiesdistrikten, dy't wards neamd wurde, it binne:

  1. Allerton & Hunts Cross
  2. Anfield
  3. Belle Vale
  4. Central
  5. Childwall
  6. Church
  7. Clubmoor
  8. County
  9. Cressington
  10. Croxteth
  11. Everton
  12. Fazakerley
  13. Greenbank
  14. Kensington
  15. Kirkdale
 
  1. Knotty Ash
  2. Mossley Hill
  3. Norris Green
  4. Old Swan
  5. Picton
  6. Princes Park
  7. Riverside
  8. Speke Garston
  9. St Michael's Hamlet
  10. Tuebrook & Stoneycroft
  11. Warbreck
  12. Wavertree
  13. West Derby
  14. Woolton
  15. Yew Tree
 
Superlambananas, 2010

Simmerdeis wurdt alle jierren It Shakepearefestival fan Liverpool (The Liverpool Shakespeare Festival) hâlden; de Katedraal fan Liverpool is by de organisaasje belutsen.

Liverpool hat op Londen nei de measte galeryen en museums. It National Museums Liverpool is de iennige Ingelske kolleksje dy't folslein bûten Londen sit. Tate Liverpool wie oant de iepening fan Tate Modern yn Londen de grutste útstallingsromte foar moderne keunst in it hiele Feriene Keninkryk.

 
Anfield Road, it stadion fan Liverpool FC

Liverpool hat twa ferneamde fuotbalploegen, Liverpool FC en Everton FC.

Susterstêden

bewurkje seksje

Liverpool is partnerstêd fan trije stêden[2].

De stêd ûnderhâldt ek kontakten mei ûnder oaren Halifax, Napels, New York en Stavanger.

Berne yn Liverpool

bewurkje seksje
 
De meast ferneamde ynwenners, The Beatles
Nachtlik panorama fan Liverpool sjoen fan it skiereilân de Wirral ôf

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. (in) How the council is governed
  2. (in) Twinning, offisjele webside fan de Liverpoolske oerheid, rieplachte op 2 novimber 2009