Liverpool and Manchester Railway
De Liverpool and Manchester Railway (L&MR) wie it earste passazjiersspoar yn de wrâld. Alle treinen waarden ynroastere en waarden op it grutste part fan it trajekt troch stoomlokomotiven lutsen.
De line waard iepene op 15 septimber 1830 en rûn tusken de stêden Liverpool en Manchester yn noardwest-Ingelân yn it Feriene Keninkryk.[1] By de feestlike iepeningsrit waard de Britske parlemintariër William Huskisson by it oerstekken fan de spoarbaan oanriden troch de stoomlokomotyf, de Stephenson's Rocket. Hy stoar in tal oeren letter oan syn ferwûnings.
De L&MR waard yn it foarste plak oanlein om wis te wêzen fan in flugger ferfier fan grûnstoffen en ôfwurke produkten tusken de haven fan Liverpool en de fabriken in Manchester en de stêden yn de omkriten. Yn 1845 waard de L&MR troch har wichtichste sakepartner, de Grand Junction Railway (GJR) oernaam; fan 1846 ôf wie de GJR diel fan de Londen and North Western Railway.
It spoartrajekt wurdt noch brûkt, mar hat safolle net mear te betsjutten as earst troch in parallel rinnend spoar.
-
De L&MR
-
Replika LMR-wein en Rocket
-
It earder stasjon Liverpool Street yn Manchester
-
Stephenson's fiadukt oer de Sankey Brook en -kanaal, wurdt noch altyd brûkt
Literatuer
bewurkje seksje- Robert E Carlson: The Liverpool and Manchester railway project 1821-1831. David and Charles, Kelley, 1978. ISBN 0-678-05540-8.
- Anthony Coulls: Railways as World Heritage Sites = Occasional Papers of the World Heritage Convention. ICOMOS 1999, s. 19en f.
- Frank Ferneyhough: Liverpool and Manchester Railway, 1830-1980. Robert Hale Ltd, London 1980. ISBN 0-7091-8137-X.
- Simon Garfield: The Last Journey of William Huskisson. Faber and Faber, 2002. ISBN 0-571-21048-1.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|