George Harrison
George Harrison (Liverpool, Lancashire, 25 febrewaris 1943 - Los Angeles, Kalifornje, 29 novimber 2001) wie gitarist fan de legindaryske popgroep The Beatles. Hy makke sawat fan it begjin ôf diel út fan de groep. Faak wurdt er sjoen as de "stille Beatle". Harrison omearme nammentlik de Yndiaaske mystyk en holp de oare Beatles harren hoarizon te ferbreedzjen as ek foar harren publyk. Neidat de band útinoar foel boude er in súksesfolle karriêre op as solo-artyst en wie letter lid fan de groep de Traveling Wilburys. Hy wie ek film en plateprodusint. Harrison is nûmer 21 yn de Rolling Stone magazine's list of "De 100 Bêste Gitaristen fan alle tiden".[6]
Beatle George
bewurkje seksjeHarrison waard berne yn it Ingelske Liverpool. Neffens eigen sizzen waard er berne op 24 febrewaris, mar op syn bertebewiis stiet lykwols 25 febrewaris.
Syn muzikale wurkpaad begûn op skoalle dêr't er yn de band 'The Quarrymen' spile, mei syn freonen John Lennon en Paul McCartney dy't him by Lennon yntrodusearre. Mei Paul, John Lennon, Stuart Sutcliffe en Pete Best (letter ferfongen troch Ringo Starr) foarme er yn 1959 de band 'Silver Beatles', dêrnei de Beatles en yn 1960 feroaren se de namme yn 'The Beatles' en waarden se frege om yn Dútslân op te treden. Dat wie it begjin fan de súksesstory fan de groep dy't tsien jierren duorre hat.
As komponist waard er yn de Beatles neffens eigen sizzen noait hielendal erkend, ûndersnijd as er waard troch it gruttere súkses en de dominânsje fan it keppel Lennon-McCartney. Earst yn 1969 waard Harrison troch kritisy muzikaal op deselde line steld mei Lennon en McCartney nei it ferskinen fan de elpee Abbey Road dêr't syn komposysjes Something en Here Comes The Sun op stean. Mar doe wie de ynbring fan de oare twa Beatles al minder wurden.
Solokarriêre
bewurkje seksjeYn novimber 1968 waard de earste soloplaat fan Harrison útbrocht ûnder de titel Wonderwall Music. In jier letter ferskynde Electronic Sounds wêrop Harrison mei de moog-synthesizer eksperimintearre. Neidat McCartney de Beatles yn april 1970 ferlitten hie gong elkenien syn eigen paad. Harrison sette útein mei in solokarriêre. Noch yn 1970 ferskine syn tredde album All Things Must Pass, mei dêrop de grutte hit My Sweet Lord. It is fuort in trijedûbel album: it is dúdlik dat Harrison hearre litte wol wat hy al dy jierren net kwyt koe op de Beatles-albums. All Things Must Pass is in klassyk album fan de jierren 70. Neffens de measten soe er letter, kwalitatyf besjoen, dat album ek net mear te boppe gean.
As earste eks-Beatle makke er yn 1974 in toernee troch de Feriene Steaten. Syn ynteresse foar easterske spiritualiteit brocht him oan de fuotten fan Yndiaaske goeroes en dat hie syn wjerslach op de muzyk dy't er komponearre. Mids jierren 60 bygelyks ferwurke hy al easterske ynstruminten lykas de sitar yn nûmers fan de Beatles (Lennons Norwegian Wood (This Bird Has Flown) (1965) en syn eigen Love You To út 1966). Letter trede er op mei de Yndiaaske musikus Ravi Shankar.
Nei de moard op John Lennon yn 1980, makken de oare Beatles yn 1981 as earebetoan oan him mei inoar it nûmer it All Those Years Ago, dat in hit waard yn de Feriene Steaten. It nûmer is skreaun troch George Harrison en stiet op it album Somewhere in England.
Cloud Nine is in comeback-album foar Harrison. Mei Got My Mind Set on You' en 'When We Was Fab' keart hy werom yn de heechste regioanen fan de hitparade.
Ein jierren 80 hat Harrison in protte súkses as foaroansteand lid fan de band Traveling Wilburys. Dizze band makke twa albums mar stoppet troch it ferstjerren fan Roy Orbison, in oar wichtich bandlid.
Yn 2002 ferskine, nei syn dea, syn lêste album Brainwashed. It album is troch syn soan Dhani Harrison ôfmakke en ûntfong lovende kritiken.
Op 29 novimber 2002, in jier nei dat George Harrison ferstoarn wie, waard der yn de Royal Albert Hall in spesjaal konsert hâlden as earebetoan oan Harrison. Under oaren Paul McCartney, Ringo Starr, Eric Clapton, Ravi Shankar en Billy Preston spilen dy jûn songs fan Harrison. Yn 2003 waard dat konsert útbrocht op KD en DVD ûnder de titel The Concert For George.
Op 14 april 2009 waard Harrison eare mei in stjer op de ferneamde Hollywood Walk of Fame.
Oare projekten
bewurkje seksjeHarrison stie bekend as de wat ferlegen filosoof fan de groep, dy't ek belangstelling hie foar oare dingen as de muzyk. Sa sette hy him yn as organisator fan in benefytkonsert foar de slachtoffers fan de grutte oerstreaming yn Banglades, wie gastmusikus en die mei oan in oantal spylfilms. Yn 1979 produsearre hy de Monty Python-film Life of Brian.
Ferstjerren
bewurkje seksjeGeorge Harrison troude twa kear, op 21 jannewaris 1966 mei Pattie Boyd, de lettere frou fan Harrison syn freon Eric Clapton, fan wa't hy op 9 juny 1977 skiede, en op 2 septimber 1978 mei Olivia Arias, mei wa't hy in soan hie. Yn 1998 waard bekend dat hy behannele wie foar kielkanker en in jier letter, op 30 desimber 1999 betrape hy in ynbrekker yn syn eigen hûs dêr't hy stekwûne en in klaplong oprûn. Op 9 july 2001 makke Harrison bekend dat er opnij kanker hie en yn Switserlân bestriele waard. Op 29 novimber 2001 lang om let ferstoar hy yn Los Angeles oan de gefolgen fan syn sykte.
Soloalbums
bewurkje seksjeAlbums
bewurkje seksje- Wonderwall Music (1968)
- Electronic Sound (1969)
- All Things Must Pass (1970)
- The Concert for Bangladesh (1972), Live album
- Living in the Material World (1973)
- Dark Horse (1974)
- Extra Texture (1975)
- 33 1/3 (1976)
- The best of George Harrison (1976), Sammelalbum
- George Harrison (1979)
- Somewhere in England (1981)
- Gone Troppo (1982)
- Cloud Nine (1987)
- Traveling Wilburys Volume 1 & 3 (1988/1990), mei Jeff Lynne, Bob Dylan, Tom Petty en Roy Orbison
- The best of Dark Horse 1976-1989 (1989), Sammelalbum
- Live in Japan (1992), Live album
- Brainwashed (2002)
Singles
bewurkje seksje- My Sweet Lord (1970)
- What is life (1971)
- Bangla Desh (1971)
- Give Me Love (Give Me Peace On Earth) (1973)
- Ding dong (1975)
- All Those Years Ago (1981)
- Got My Mind Set On You (1987)
- When We Was Fab (1988)
Keppeling om utens
bewurkje seksje- (in) GeorgeHarrison.com — Offisjele side