De njirre (Vipera berus) is in giftige slang dy't sawat oeral foarkomt yn Jeropa en yn dielen fan Aazje. De njirre komt ek yn Fryslân foar.

Njirre

De njirre wurdt ûngefear 50 oant 70 sintimeter lang en is te herkennen oan de koperbrune readeftige eagen mei fertikale pupil, de wat útstekkende skub boppe it each en it sichsachpatroan op de rêch. De giftichheid wurdt faak oerskat, de njirre is lang net sa gefaarlik as bygelyks de mamba's, de kobra's of de tichter besibbe rattelslangen. De byt fan de njirre kin wol gefaarlik wêze foar de minsk mar hoewol't alle jierren tsientallen njirrebiten registrearre wurde binne fatale gefallen uterst seldsum.

Dit artikel is in stobbe oer bist.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.