Sjauffeur

In sjauffeur mei syn auto.

In sjauffeur (fan it Frânske chauffeur) is in algemiene term foar in bestjoerder fan in oerdutsen, fjouwertsjils motorfiertúch. Hiel soms wurdt foar in frou de foarm sjauffeuze brûkt. It wurd 'sjauffeur' is ôflaat fan it Frânske tiidwurd chauffer, dat "hjit meitsje" betsjut. De earste selsridende fiertugen waarden nammentlik oandreaun troch steamkrêft, en in wichtige taak foar de bestjoerders fan sokke fehikels bestie út it op druk hâlden fan 'e steamtsjettel troch tafoeging fan brânstof. Letter is de term 'sjauffeur' benammen yn gebrûk rekke foar it oantsjutten fan bestjoerders fan weifiertugen, wylst by steamlokomotiven al rillegau in stoker en in masinist ûnderskaat waarden.

Eltsenien dy't in auto, autobus, frachtwein of trekker bestjoerd, is in sjauffeur. Mar men kin ek sjauffeur foar jins berop wêze. As der fierders neat oan tafoege wurdt, is in sjauffeur yn dy kontekst almeast de beropsmjittige bestjoerder fan in lúkse auto, lykas in grutte sedan of in limûsine. Sokke sjauffeurs drage gauris in unifoarm en kinne yn 'e tsjinst wêze fan in bedriuw dat auto's fan dat type ferhiert, of oars kin it gean om priveesjauffeurs, dy't yn 'e tsjinst binne fan in (rike) priveepersoan. Oare soarten beropsmjittige sjauffeurs binne frachtweinsjauffeurs, bussjauffeurs en taksysjauffeurs.

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.