Spion

(Trochferwiisd fan Geheim agint)

In spion (fan it Frânske espion), froulike foarm: spionne, ek wol in geheim agint(e) neamd, is immen dy't temûk en faak op yllegale of alteast klandestine wize ynformaasje garret. Sokken kinne foar in oerheidsynstânsje (almeast in feilichheidstsjinst) wurkje, mar ek foar in bedriuw. De term 'spion' wurdt benammen troch bûtensteanders brûkt; yn 'e ynljochtingewrâld sprekt men fan in 'agint' of in 'ynljochtinge-ofsier'. De gegevens dy't troch sokke lju byinoar socht wurde, tsjut men yn it fakjargon oan as HumInt, dat stiet foar human intelligence (Ingelsk foar "minsklike ynljochtings").

Der wurdt ûnderskie makke tusken ferskate soarten spionnen. In ynljochtinge-ofsier is in wurknimmer fan in feilichheidstsjinst. In agint is in bûtensteander dy't net op 'e leanlist fan 'e feilichheidstsjinst stiet en meastal ek net in oplieding folge hat om spion te wurden, mar dêr dochs foar wurket, ornaris yn ruil foar in finansjele tsjinprestaasje. In ynformant is immen dy't allinnich mar ynljochtings leveret, soms út eigen beweging, soms tsjin betelling, en soms ek om't hy of sy dêrta sjantearre wurdt.

Aginten en ynformanten rinne it risiko, as se steatsgeheime ynformaasje oan in bûtenlânske macht trochspylje, om foar lânferrie berjochte en feroardiele te wurden. Fierders is der noch de saneamde dûbelspion, dat in agint is dy't oan beide kanten ynljochtinge-ofsieren fan ynformaasje foarsjocht, wylst in mol in agint is dy't willemoeds yn in fijannige feilichheidstsjinst ynfiltrearret.

  • Dulles, Allen W., The Craft of Intelligence, Guilford (Konettikut), 1963 (The Lyons Press), ISBN 1 59 22 82 970
  • Haswell, Jock, Spies & Spymasters, Frome, 1977 (Butler & Tanner), ISBN 0 50 00 11 788.
  • Polmer, Norman, en Allen, Thomas B., , Spy Book: The Encyclopedia of Espionage, New York, 1997 (Random House), ISBN 1 85 36 72 785.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side.