Finansiering
(Trochferwiisd fan Finansierd)
Finansiering is it beskikber stellen fan jildlike helpboarnen foar in program, projekt of oar ferlet, ornaris yn 'e foarm fan in liening mei rinte, mar soms ek yn ruil foar in beskaat persintaazje fan 'e ferwachte winst. Soks kin dien wurde troch in bank, in oare finansjele ynstelling of in partikulier. In foarbyld fan in oare finansjele ynstelling is in finansieringsmaatskippij. Dat is in ûndernimming dy't him der spesifyk op taleit om oan oare bedriuwen of soms oan persoanen finansiering te ferskaffen.
Der besteane ferskate foarmen fan finansiering:
- ûndernimmingsfinansiering is it foarsjen yn it ferlet fan finansiering fan bedriuwen.
- skipsfinansiering is in foarbyld fan ûndernimmingsfinansiering, dy't troch rederijen brûkt wurdt om 'e bou of oanskaf fan in nij skip fan te beteljen.
- oerheidsfinansiering is de wize dêr't in oerheid op foarsjocht yn syn eigen ferlet fan jildlike middels.
- stúdzjefinansiering is it foarsjen yn it ferlet fan jild dat studinten hawwe om harren stúdzjekosten fan te beteljen.
- crowdfunding is in foarm fan finansiering wêrby't it fermogen dêr't ferlet fan is, byinoar brocht wurdt fia in soartemint digitale kollekte op it ynternet, dêr't in grut tal partikulieren in yn 'e regel lyts bedrach oan bydrage.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |