Haadmenu iepenje

In plot (fan it Ingelske plot, mei deselde betsjutting) is de opbou en it ferrin fan in ferhaal, dêr't alle kausale ferbannen (mar net alle ferwikkelings) binnen dat ferhaal ta rekkene wurde. Alles dêr't in ferhaal yn sit, hat in plot: lieten, epyske gedichten, koarte ferhalen, novelles, romans, toanielstikken, musicals, (ôfleverings fan) tillefyzjesearjes, films, kompjûterspultsjes, ensfh. Dêrmei is de plot ien fan 'e wichtichste ûnderdielen fan 'e narratology. Plots kinne sterk ferskille kwa struktuer, fan in ienfâldich ferske oant yngewikkelde romans mei in stikmannich ûnderling ferweven ferhaallinen.

De Ingelske skriuwer E.M. Forster hat in plot ris omskreaun as it oarsaaklik ferbân tusken foarfallen yn in ferhaal. "De kening stoar, en doe stoar de keninginne ek," is neffens Forster in (hiel koart) ferhaal, mar "De kening stoar, en doe stoar de keninginne fan fertriet," is neffens him in plot, mei't it iene it oare feroarsaket. It bekende mearke Jiskepûster kin yn grutte halen sá gearfet wurde:

  1. Jiskepûster besiket temûk in bal, moetet de prins en ferliest har skoech as se fuortglûpt.
  2. De prins siket Jiskepûster troch froulju de skoech passe te litten.
  3. De styfsusters fan Jiskepûster besykje de skoech oan te dwaan, mar hy past harren net.
  4. As Jiskepûster him oandocht, past de skoech persiis, en dêrtroch wit de prins dat er de frou fûn hat dy't er siket.

Punten 1, 2 en 4 foarmje in rige foarfallen dy't ûnderling oarsaaklik útinoar fuortkomme. As punt 1 fuortlitten wurdt, begrypt de lêzer punt 2 net, en as punt 2 fuortlitten wurdt, begrypt er punt 4 net. Punt 3 is beskriuwend, mar hat gjin direkt gefolgen foar de útkomst fan it ferhaal, en kin dêrom beskôge wurde as in sydsprong dy't wol diel útmakket fan it ferhaal, mar net fan 'e plot. It ferskil is dat it ferhaal basearre is op it fertellen fan in rige foarfallen yn in tiidline, wylst de plot basearre is op 'e logika wêrby't it iene foarfal liedt ta it oare. Yn in plot kin dêrom altyd in soad út in ferhaal weilitten wurde, en dêrfandinne is de plot fan in ferhaal ek altyd folle koarter as it ferhaal sels.

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.