Gadget
In gadget (Ingelske útspr.: [ˈɡæʤɘt], likernôch: "ged-zjut") is in meganysk apparaat(sje) of in technologysk snufke dat by in protte minsken it gefoel opwekket dat se it besitte moatte, hoewol't se der eins net echt ferlet fan hawwe. In oar Ingelsk wurd mei in synonime betsjutting is gizmo.
Taalkundich is 'gadget' yn it Frysk in resint lienwurd út it Ingelsk. De etymology is omstriden. It wurd waard (yn it Ingelsk) foar it earst brûkt yn 'e achttjinde iuw, as oantsjutting foar in beskaat stik ark foar it meitsjen fan glês. Neffens it wurdboek fan it Corning Museum of Glass wie dat in metalene steaf mei in mei in fear tariste tangebek. Dêrmei koe de ûnderkant fan it glêzen foarwerp by it glêsblazen fêstgrypt wurde, sadat it gebrûk fan in puntige steaf dy't in dobke yn 'e ûnderkant fan it glês efterliet, net mear nedich wie.
In bekend ferhaal is dat it wurd 'gadget' ôflaat is fan 'e namme fan it bedriuw Gaget, Gauthier & Cie, dat yn 1886 belutsen wie by de konstruksje fan it Frijheidsbyld. Mei't it wurd al yn 'e achttjinde iuw brûkt waard, is dat lykwols ûnmooglik.
Meitiid krige de term 'gadget' in bredere betsjutting en waard it tapast foar alderhanne soarten ark en reau. It gebrûk liket yn it earstoan fral wiidferspraat west te hawwen yn 'e Britske marine. Tsjin 'e midden fan 'e tweintichste iuw wie it wurd it algemien spraakgebrûk fan it Ingelsk binnenkrongen en hie it konnotaasjes fan kompaktheid en mobiliteit krigen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |