Empire (tydskrift)

Empire is in Britsk tydskrift oer films en de filmyndustry, dat ienris yn 'e moanne ferskynt. It bestiet sûnt 1989 en wurdt útjûn troch de Dútske útjouwerij Bauer Verlagsgruppe. Empire is it bekendst troch de Empire Awards, in groep prizen op it mêd fan film dy't fan 1996 oant 2018 op jierlikse basis ferjûn waarden. De haadredaksje fan it blêd is fêstige yn Londen. De oplaach bedroech yn 2021 krapoan 75.000 eksimplaren.

Empire
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Britsk
taal Ingelsk
sjenre filmblêd
frekwinsje 1x yn 'e moanne
bestean 1989 – no
oprjochter David Hepworth
plak haadred. Londen (Ingelân)
útjouwer Bauer Verlagsgruppe
oplaach 74.947 (2021)
ISSN 0957-4948
offisjele webside
empireonline.com

Skiednis bewurkje seksje

David Hepworth fan Emap, de útjouwerij dy't ferantwurdlik wie foar û.m. de muzyktydskriften Q en Smash Hits, krige ein 1980-er jierren it idee om in blêd te publisearjen dat krekt as Q wie, mar dan oer films ynstee fan popmuzyk. Hy loek Barry McIlheney oan, in redakteur fan Smash Hits, om haadredakteur fan it nije tydskrift te wurden, wylst Hepworth sels de funksje krige fan 'redaksjoneel direkteur'. Fan 'e earste edysje fan Empire, dy't útkaam yn maaie 1989, waarden 50.000 eksimplaren ferkocht.

It doel fan Hepworth wie om eltse film te beskriuwen dy't yn it Feriene Keninkryk yn 'e bioskoop kaam. Teffens moast der in beoardieling komme, besteande út ien oant fiif stjerren (en gjin heale stjerren): ien stjer wie de leechste beoardieling foar in weardeleaze film, en fiif stjerren de heechste, foar in trefliken-ien. In kompilaasje fan 'e earste achttjin jier oan filmresinsjes waard yn 2006 yn boekfoarm publisearre ûnder de titel Empire Film Guide. Begjin 2008 waard Emap oankocht troch de Dútske Bauer Verlagsgruppe.

Ynhâld bewurkje seksje

Behalven resinsjes fan sawol mainstream- as filmhûsfilms publisearret Empire ek artikels mei nijs oer de filmyndustry en fraachpetearen mei akteurs, regisseurs en oaren dy't har wurk yn 'e filmyndustry hawwe. Dêropta binne der foarútblikken op films dy't yn preproduksje binne of dêr't de opnamen fan oan 'e gong binne. Ek wurdt der omtinken jûn oan releases op dvd en blu-ray.

Empire Awards bewurkje seksje

  De Wikipedy hat ek in side Empire Awards.

Fan 1996 oant en mei 2018 organisearre Empire elts jier de útrikking fan 'e Empire Awards. Dat wiene in groep prizen, dy't op basis fan in stimming ûnder de lêzers fan it tydskrift takend waarden oan films en foar prestaasjes op it mêd fan film. De útrikkingsseremoanje fan 'e Empire Awards waard oarspronklik sponsore troch mobile tillefoanprodusint Sony Ericsson en fan 2009 ôf troch it sterke-drankmerk Jameson Irish Whiskey. De prizen waarden yn 2018 foar it lêst útrikt en dêrnei opdoekt om redens dy't net bekendmakke waarden.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.