On Her Majesty's Secret Service (film)
On Her Majesty's Secret Service is in Britsk-Amerikaanske Technicolor-spionaazjeskriller út 1969 ûnder rezjy fan Peter R. Hunt, mei yn 'e haadrollen George Lazenby as geheim agint James Bond en Diana Rigg as Bond girl grevinne Teresa "Tracy" di Vicenzo. De titel betsjut "Yn Har Majesteits Geheime Tsjinst". De film is basearre op 'e roman mei deselde namme út 1963 fan Ian Fleming. Yn it ferhaal moat de Britske MI6-agint James Bond it opnimme tsjin 'e megalomane Ernst Stavro Blofeld, de lieder fan 'e ynternasjonale terroristyske organisaasje SPECTRE. Dyselde is fan doel om 'e hiele wrâld te sjantearjen troch alle lânbougewaaksen en fee ûnfruchtber te meitsjen. Geandewei syn ûndersyk moetet Bond de Korsikaanske grevinne Teresa di Vicenzo, op wa't er fereale rekket en mei wa't er úteinlik trout.
On Her Majesty's Secret Service | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Peter R. Hunt | |
produsint | Harry Saltzman Albert R. Broccoli | |
senario | Richard Maibaum | |
basearre op | de roman fan Ian Fleming | |
kamerarezjy | Michael Reed | |
muzyk | John Barry | |
filmstudio | Eon Productions | |
distribúsje | United Artists | |
spilers | ||
haadrollen | George Lazenby Diana Rigg | |
byrollen | Telly Savalas Gabriele Ferzetti Ilse Steppat | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Keninkryk Feriene Steaten | |
premiêre | 18 desimber 1969 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | spionaazjeskriller | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 142 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $7 miljoen | |
opbringst | $82 miljoen | |
filmsearje | ||
filmsearje | James Bond | |
● foarich diel | You Only Live Twice | |
● folgjend diel | Diamonds Are Forever |
On Her Majesty's Secret Service wie it sechsde diel út 'e James Bond-filmsearje en folge as sadanich op You Only Live Twice. De film markearre de earste kear dat de rol fan Bond net spile waard troch Sean Connery. Fan 'e filmkritisy krige On Her Majesty's Secret Service mingde resinsjes en hoewol't de film yn 'e bioskopen kommersjeel súkses behelle, wie de opbringst oanmerklik leger as by eardere Bond-films. Meitiid is de reputaasje fan 'e film lykwols sterk opbettere en tsjintwurdich wurdt On Her Majesty's Secret Service oer it algemien beskôge as ien fan 'e bettere Bond-films. Nettsjinsteande dat wurdt George Lazenby sjoen as ien fan 'e minste fertolkers fan it personaazje James Bond. On Her Majesty's Secret Service wie ek ien fan 'e trouste filmadaptaasjes fan 'e romans fan Fleming. In folgjend diel yn 'e filmsearje, Diamonds Are Forever, kaam út yn 1971.
Plot
bewurkje seksjeJames Bond, dy't as geheim agint wurket foar de Britske ynljochtingetsjinst MI6, reizget foar ûndersyk nei de ynternasjonale terroristyske organisaasje SPECTRE ôf nei Portegal. Dêr rêdt er op it strân in jonge frou dy't besiket om selsmoard te dwaan troch harsels yn 'e see te ferdrinken. Bond wurdt koart dêrnei weromroppen nei Londen, dêr't M, it haad fan MI6, him oarderet om syn jacht op Ernst Stavro Blofeld, de lieder fan SPECTRE, op te jaan. Bond is it dêr net mei iens. De rûzje rint sa heech op dat Bond op 't lêst besiket om ûntslach te nimmen, mar dat wegeret M te akseptearjen.
Op eigen inisjatyf reizget Bond wer nei Portegal, dêr't er yn in kasino deselde jonge frou moetet dy't er earder rêden hat. Hja stelt har foar as grevinne Teresa di Vincenzo (ropnamme: Tracy). Nei't Bond har op 'e nij rêden hat troch in gokskuld foar har te beteljen dêr't se sels net oan foldwaan kin, jout se Bond by wize fan beleanning de kaai fan har hotelkeamer. As Bond dêr letter lykwols binnen giet, wurdt er oanfallen troch in ûnbekende negroïde man. Nei't er dyselde oermânsk wurden is, keart Bond sûnder fierder wat bedijd te hawwen werom nei syn eigen hotelkeamer. Dêr treft er Tracy oan, dy't úthâldt dat se neat ôfwit fan 'e oanfaller yn har keamer.
De oare moarns, nei't er de nacht mei Tracy trochbrocht hat, wurdt Bond oermastere en ûntfierd troch in pear keardels, ûnder wa de negroïde man dy't er de jûns tefoaren yn Tracy har hotelkeamer befochten hat. Hja bringe him by Marc-Ange Draco, in maffiabaas dy't oan it haad stiet fan it Korsikaanske misdiesyndikaat Unione Corse. It docht bliken dat dyselde de heit fan Tracy is, en de negroïde man, Che Che, har liifwacht. Draco fertelt Bond oer de skiednis fan psychyske swierrichheden fan syn dochter. Sûnt Bond har fan selsmoard rêde, is se fereale op him rekke. Om't Draco bang is dat se op 'e nij besykje sil harsels te koart te dwaan as Bond har ôfwiist, biedt er Bond £1 miljoen oan om mei har te trouwen. Dat wol Bond net, mar hy docht it tsjinfoarstel om troch te gean mei syn hofmakkerij fan Tracy as Draco him fertelle kin wêr't Ernst Stavro Blofeld him skûlhâldt.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Wylst Bond op it jierdeisfeest fan Draco úteinset mei in hertstochtlike românse mei Tracy, spilet Draco him ynformaasje ta dy't him trochwiist nei de abbekaat Gumbold yn 'e Switserske haadstêd Bern. Bond brekt yn by it abbekatekantoar en ûntdekt út 'e dokuminten dy't er dêr oantreft dat Blofeld in briefkerij ûnderhâldt mei geneälooch sir Hilary Bray fan it College of Arms yn Londen. Hy neamt himsels nammentlik no Balthazar de Bleuchamp en besiket formele erkenning te krijen foar syn oanspraken op 'e aadlike titel 'greve fan Bleuchamp'. Him foardwaand as Bray reizget Bond mei Blofeld syn assistinte Irma Bunt nei in swierbewekke klinyk ta op in berchtop yn 'e Switserske Alpen. Dêr docht 'Bleuchamp' sabeare baanbrekkend wittenskiplik ûndersyk nei allergyen.
Bond moetet yn 'e klinyk tolve jonge froulju út lannen en territoaria fan oer de hiele wrâld, dy't dêr pasjint binne en nei't it skynt genêzen binne fan slimme allergyen. Jûns let giet Bond nei de keamer fan ien fan harren, in Ingelse dy't Ruby Bartlett hjit, om har te ferlieden en sa mear ynformaasje los te krijen oer wat der echt geande is yn 'e klinyk. Hy slagget mei har op bêd en troch de nacht mei har troch te bringen, ûntdekt er dat de tolve froulju om midsnacht fan 'e sliep yn in hypnoatyske steat bedarje wylst Blofeld harren fia in lûdsprekkersysteem yn 'e harren keamers ynstruksjes yndruid oer wat se dwaan moatte as se weromkeare nei harren respektivelike heitelannen. It docht bliken dat de froulju Blofeld syn 'deadsingels' binne, dy't harsensspield wurde om 'e hiele wrâld te besmetten mei de bakteriologyske wapens fan SPECTRE.
Wylst Bond mei ferskate 'deadsingels' it bêd dielt, besiket er syn sabeare geneälogysk ûndersyk te brûken om Blofeld safier te krijen dat er him bûten Switserlân bejout. Dan soe MI6 him nammentlik oppakke kinne sûnder de Switserske soevereiniteit te skeinen. Blofeld trapet dêr lykwols net yn, en de momkape fan Bond wurket net mear as Irma Bunt erchtinkend wurdt en it plak ynnimt fan ien fan 'e 'deadsingels' dy't Bond nachts besiket. Hy wurdt finzen nommen en by Blofeld brocht, dy't him fertelt dat er it net rjocht mear stie doe't Bond him út Switserlân wei besocht te lokjen. Hy jout syn trewanten opdracht om Bond ôf te fieren, mar dyselde ûntkomt en pykt út troch de berch del te skyen. Bunt en Blofeld syn trewanten sette de efterfolging yn.
Yn it doarpke Lauterbrunnen treft Bond Tracy oan, dy't klear stiet mei de auto om him te helpen fuort te kommen. Bunt-en-dy komme harren op 'e nij efternei, mar in sniestoarm makket foarearst in ein oan 'e efterfolging en Bond en Tracy sykje beskûl yn in skuorre. Dêr ferklearret Bond dat er fan Tracy hâldt en docht er har in houliksoansiik, dêr't se grif tawurd op jout. De oare moarns, as de stoarm delbêde is, moatte Bond en Tracy op 'e nij flechtsje foar de trewanten fan Blofeld, no wer op skys. Blofeld feroarsaket mei opsetsin in lawine om harren te deadzjen. Dat slagget net, mar syn mannen witte dêrtroch wol Tracy te pakken te krijen. Bond wit te ûntsnappen.
Bond wurdt wer nei Londen roppen, dêr't M him fertelt dat Blofeld kontakt opnommen hat mei de Feriene Naasjes. Hy driget om mei bakteriologyske oarlochsfiering troch syn harsensspielde 'deadsingels' alle lânbougewaaksen en fee yn 'e wrâld steryl te meitsjen, wat de ein fan 'e minskheid betsjutte soe om't der dan binnen inkele jierren neat mear te iten wêze soe. Yn ruil foar it net trochsetten fan dat plan easket er folsleine amnesty foar al syn eardere misdieden en erkenning as de hjoeddeistige greve fan Bleuchamp. Bond wol daliks plannen meitsje om mei Blofeld ôf te weven, mar M fertelt Bond dat de Feriene Naasjes besletten hawwe dat der tefolle op it spul stiet om tsjin te akseljen. Men is dêrom fan doel om Blofeld syn sin te jaan. Bond wurdt oardere om him net mei de saak te bemuoien en der wurdt him op it strangst ferbean en besykje om Tracy te rêden.
Dêrop stapt Bond nei Draco ta, mei wa't er it op in akkoartsje goait. Mei de mankrêft fan Unione Corse falt er de klinyk op 'e berchtop oan, wêrby't er Tracy befrijt en de hiele fasiliteit mei alle bakteriologyske wapens opblaasd wurdt. Blofeld sels ûntkomt yn in bobslide, wylst Bond him op 'e hakken sit. De efterfolging einiget as Blofeld by in gefjocht mei Bond yn 'e bobslide mei de hals heakjen bliuwt efter in leechhingjende beamtûke. Bond nimt oan dat dat de dea fan 'e smjunt wurden is.
Neitiid trout Bond yn Portegal mei Tracy. Nei de plechtichheid sette se tegearre ôf op harren houliksreis yn Bond syn Aston Martin DB5. As se eefkes hohâlde om 'e blommen te ferwiderjen dêr't de auto mei oerdutsen is, fiere Bunt en de fan in halsbrace foarsjoene Blofeld in drive-by shooting út mei in mitrailleur. Bond komt mei de skrik frij, mar Tracy wurdt yn 'e holle rekke en is op slach dea. Wylst de earste plysjeman op it plak delikt arrivearret, sit Bond te gûlen mei Tracy har libbenleaze lichem yn syn earms.
Rolferdieling
bewurkje seksje- haadrollen
personaazje | akteur/aktrise |
MI6-agint James Bond | George Lazenby |
grevinne Teresa "Tracy" di Vincenzo | Diana Rigg |
- byrollen
¹) De dialooch fan Gabriele Ferzetti waard omreden fan syn swiere Italjaanske aksint yn 'e postproduksje fan 'e film neisyngronisearre mei it stimlûd fan David de Keyser.
²) De dialooch fan Virginia North waard yn 'e postproduksje fan 'e film neisyngronisearre mei it stimlûd fan Nikki van der Zyl.
Produksje en distribúsje
bewurkje seksjeProduksje
bewurkje seksjeDe rezjy fan On Her Majesty's Secret Service waard earst oanbean oan Lewis Gilbert, dy't You Only Live Twice, de foargeande James Bond-film, makke hie. Doe't dy foar it oanbod betanke, waard de film regissearre troch Peter R. Hunt. Foar him wie On Her Majesty's Secret Service syn debút as regisseur, mar hy hie mei syn wurk yn oare funksjes oan 'e fiif foargeande Bond-films yndruk makke op filmprodusinten Harry Saltzman en Albert R. Broccoli, sadat dy fertrouwen yn him hiene. Hunt wurke op basis fan in senario fan Richard Maibaum, dat sekuer it ferhaal fan 'e roman On Her Majesty's Secret Service folge. Dat boek wie troch Ian Fleming skreaun yn 1963, nei't de earste beide ferfilmings fan syn romans makke wiene, en de ôfhinklikens fan 'e sinematyske James Bond fan technologyske snufkes waard der op mylde wize yn bespot.
Oarspronklik hie it de bedoeling west dat On Her Majesty's Secret Service de fjirde film fan 'e searje wurde soe, nei Goldfinger (1964). Mar doe't der troch in waarme winter te min snie lei yn Switserlân, wylst tagelyk de rjochtsaak tusken Fleming en syn eardere meiwurkers Kevin McClory en Jack Whittingham oer de auteursrjochten fan 'e roman Thunderball skikt waard, besleaten de produsinten om ynstee dêr earst in ferfilming fan te meitsjen, dy't yn 1965 útkaam. On Her Majesty's Secret Service soe dêrop folgje, mar dat gie wer oer en ynstee waard You Only Live Twice filme.
Sadwaande kaam On Her Majesty's Secret Service pas as sechsde te ferfilmjen roman oan bar. Filmstudio Eon Productions beskikte dêrfoar oer in budget fan $7 miljoen, dat foar it meastepart finansierd waard troch United Artists. De film wie sadwaande, lykas de foargeande dielen yn 'e filmsearje, in Britsk-Amerikaanske ko-produksje. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Michael Reed, en de filmmuzyk waard fersoarge troch John Barry. Oars as de trije foargeande films hie On Her Majesty's Secret Service gjin songen titelsong mei de namme fan 'e film, om't de wurden "On Her Majesty's Secret Service" suver net yn in liettekst te ferwurkjen wie. Sadwaande waard der keazen foar ynstrumintale titelmuzyk.
Casting
bewurkje seksjeSean Connery, dy't yn alle foargeande James Bond-films fan Eon Productions de rol fan geheim agint James Bond spile, hie al yn 1966, ûnder de opnamen fan You Only Live Twice, oanjûn dat dy film foar him de lêste kear wie dat er yn 'e hûd fan Bond krûpe woe. Hy fûn dat de Bond-films safolle fan syn tiid yn beslach namen, dat er der suver net mear oan ta kaam om oare rollen te spyljen, en teffens wied er beducht foar it gefaar fan typecasting. Ek spile mei dat er spul krigen hie mei produsint Albert R. Broccoli, en dat de beide mannen al ûnder de opnamen fan You Only Live Twice net mear on speaking terms wiene. De makkers fan On Her Majesty's Secret Service moasten dêrom op 'e siik nei in nije Bond.
Produsint Harry Saltzman hie fan doel west om nei You Only Live Twice in oare roman fan Fleming te ferfilmjen, The Man with the Golden Gun, mar dat moast barre yn Kambodja en dêr koe omreden fan 'e oanboazjende politike ynstabiliteit oan 'e ein fan 'e 1960-er jierren net mear filme wurde. Takomstich Bond-fertolker Roger Moore wie foar The Man with the Golden Gun frege, mar doe't dúdlik wie dat it projekt net trochgean koe, naam er in oare rol as geheim agint oan, yn 'e tillefyzjesearje The Saint.
Foar de rol fan Bond yn On Her Majesty's Secret Service diene mear as 400 akteurs audysje, ûnder wa Michael Gambon en Adam West. As wichtichste gadingmakkers kamen de Ingelsen John Richardson en Anthony Rogers, Nederlanner Hans de Vries en Austraaljer George Lazenby út 'e bus. Broccoli hie de rol foartiid ek oan 'e bekende Amerikaanske akteur Dick Van Dyke oanbean, mar dy hie der, mei in ferwizing nei syn rol yn Mary Poppins, op tsjutten dat er gjin oertsjûgjend Britsk-Ingelsk aksint produsearje koe.
Uteinlik foel de kar op Lazenby. Om it publyk net ferjitte te litten dat dit deselde James Bond wie, spile troch in oare akteur, stoppen de produsinen in ferskaat oan ferwizings nei de eardere films yn it senario, wêrûnder guon yn 'e foarm fan inside jokes. Sa brekt Lazenby as Bond op in stuit troch de fjirde muorre, troch op te merken: "Soks is dy oare fint nea oerkomd." Ek waarden bylden út 'e eardere films brûkt om 'e begjintitels te begelieden. Bond giet nei syn kantoar, dêr't alderhanne foarwerpen lizze dy't er by eardere misjes yn Dr. No, From Russia with Love en Thunderball oppikt hat. En in konsjerzje fluitet de titelmuzyk fan Goldfinger.
Om lykwicht te hâlden, woene de produsinten as tsjinspylster fan nijynkommeling Lazenby in fêstige aktrise hawwe yn 'e rol fan Bond girl Tracy di Vincenzo. De Fransêze Brigitte Bardot waard útnûge, mar keas úteinlik foar in oare rol, iroanysk genôch as tsjinspylster fan Sean Connery yn Shalako. Doe foel de kar op Diana Rigg, dy't ferneamd wurden wie as Emma Peel yn 'e populêre tillefyzjesearje The Avengers. Donald Pleasence hie de rol fan 'e smjunt Blofeld spile yn You Only Live Twice, mar regisseur Peter R. Hunt en senarioskriuwer Richard Maibaum woene wat oars. Maibaum hie de Sweedske akteur Max von Sydow yn gedachten, mar op suggestje fan Broccoli gie de rol úteinlik nei de Amerikaan Telly Savalas.
Opnamen
bewurkje seksjeDe opnamen foar On Her Majesty's Secret Service setten op 21 oktober 1968 útein yn it kanton Bern yn sintraal Switserlân. De sênes yn 'e allergyklinyk fan Blofeld waarden filme yn it rotearjende restaurant Piz Gloria op 'e top fan 'e Schilthorn, deunby it doarpke Mürren. De skysêne waard opnommen op in skypyste yn 'e krite Saas-Fee, de krystfiering yn Grindelwald en inkele bykommende sênes waarden yn 'e stêd Bern sketten. De produksje waard behindere troch gebrek oan sniefal, dat foar drege omstannichheden soarge by de skysênes. Uteinlik duorren de opnamen yn Switserlân 56 dagen langer as yn 't foar tocht wie. Yn maart 1969 ferhuze de produksje nei de Pinewood Studios yn Buckinghamshire foar de binnendoarsênes, wêrnei't yn april de sênes yn Portegal opnommen waarden op lokaasje yn Estoril en Lissabon en op it strân Praia do Guincho.
Distribúsje
bewurkje seksjeDe distribúsje fan On Her Majesty's Secret Service waard fersoarge troch United Artists. De film gie op 18 desimber 1969 yn Londen yn premiêre, en iepene dêrnei koart foar de kryst yn 'e Britske bioskopen. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde yn oktober 1969 by platemaatskippij United Artists Records.
Untfangst
bewurkje seksjeFan 'e filmkritisy krige On Her Majesty's Secret Service mingde resinsjes. Der wie benammen krityk op it aktearjen fan George Lazenby as de nije James Bond. Sa skreau Derek Malcolm yn 'e Britske krante The Guardian op dit mêd: "[Lazenby] is gjin goede akteur, en hoewol't ik ek nea fûn haw dat Sean Connery botte stylfol wie, binne der mominten dat men langet nei in bytsje fan syn lûsje swier." En yn 'e Chicago Tribune skreau Gene Siskel dat Lazenby "Sean Connery syn skuon [of] Aston Martin […] net folje kin. De nije 007 is mear jongeseftich en fan gefolgen minder man. Hy bestelt syn iten net mei deselde swier en it ûntbrekt him oer it algemien oan it selsfoldiene gnyske dat Connery altyd paraat hat en oerdraacht oan syn publyk."
Der wiene net folle resinsinten dy't de ôfwikende miening tagedien wiene dat Lazenby wól in goede James Bond wie, mar sokke bestiene wol. Foarbylden wiene Alexander Walker fan 'e Evening Standard en Judith Crist yn it Amerikaanske tydskrift New York. Oer it aktearjen fan Diana Rigg as de Bond girl wiene de kritisy in stik mylder, sa net loovjend. Yn 'e Daily Mirror hie Donald Zec it oer har "sidesêfte ekspertize", wylst Siskel yn 'e Tribune skreau: "[Rigg] is goed cast as de [Bond] girl, mar we reitsje har yn 'e film krapoan in oere kwyt, wernei't se ynienen wer opdûkt op 'e ûnoannimlikste lokaasje en tiid."
Al mei al hie On Her Majesty's Secret Service lange tiid de reputaasje ien fan 'e swakste, sa net de alderswakste, James Bond-film te wêzen. Dat feroare lykwols meitiid. De foaroansteande Amerikaanske filmkritikus James Berardinelli fette dy feroarjende beoardieling yn 2003 sa gear: "útsein ien produksje-aspekt is [On Her Majesty's Secret Service] fierwei it bêste diel fan 'e langrinnende James Bond-rige. De film befettet guon fan 'e spannendste aksjesênes dy't ea it wite doek berikt hawwe, in oandwaanlik leafdesferhaal en in aardige subplot wêryn't agint 007 Har Majesteits Geheime Tsjinst bedonderet (en sels driget om dêrút ûntslach te nimme)."
De krityk op Lazenby hold by in diel fan 'e kritisy oan, wylst in oar diel him learde te wurdearjen. Yn 1999 skreau de Amerikaanske filmkritikus Leonard Maltin dat On Her Majesty's Secret Service perfoarst as fierwei it bêste diel fan 'e hiele rige beskôge wurden hie as Connery de haadrol spile hie ynstee fan Lazenby. Datselde argumint wie earder troch ferskate oare resensinten op 't aljemint brocht. Yn 1986 skreau Danny Peary yn syn Guide for the Film Fanatic dat er it dêr net mei iens wie en dat er fûn dat "de Bond fan Connery, mei syn ûnbidige humor en gefoel foar wille en selsfertrouwen, mispleatst west hawwe soe in dizze film. [On Her Majesty's Secret Service] wurket eins better mei Lazenby om't it foar him ûnmooglik is om Bond mear as libbensgrut te spyljen."
Filmkritikus Brian Fairbanks skreau yn 2005 dat On Her Majesty's Secret Service "ús in Bond jout mei it fermogen om kwetsber te wêzen, in man dy't eangst sjen litte kin en net ymmún is foar fertriet. Lazenby is dy man, en syn optreden is aldertreflikst." Fairbanks fûn ek dat On Her Majesty's Secret Service "net inkeld de bêste Bond-film, mar de lêste echt geweldige film út 'e searje [wie]. Sterker noch, as it beslút fallen wie om 'e searje te beëinigjen, dan hie dit it perfekte lêste diel west."
Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat On Her Majesty's Secret Service in goedkarringspersintaazje fan 81%, basearre op 54 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "De iennichste ferskining fan George Lazenby as 007 is in treflik diel fan 'e searje, mei ien fan 'e meast yntrigearjende Bond girls yn 'e foarm fan Tracy di Vincenzo (Diana Rigg), bylden sa moai dat se jin de siken stûkje litte, en in stikmannich geweldige skysênes." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet On Her Majesty's Secret Service in goedkarringspersintaazje fan 61%, basearre op 12 resinsjes.
Resultaat
bewurkje seksjeOn Her Majesty's Secret Service brocht yn 'e bioskopen yn it Feriene Keninkryk £750.000 op, en wrâldwiid $64,6 miljoen. Hoewol't dat mar likernôch de helte wie fan wat de foargeande James Bond-film You Only Live Twice opbrocht, wie On Her Majesty's Secret Service dochs yn it Feriene Keninkryk de meast opbringende en wrâldwiid ien fan 'e meast opbringende films fan 1969. Nei't de film inkele kearen op 'e nij yn 'e bioskopen brocht wie, bedroech de totale opbringst wrâldwiid úteinlik $82 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $7 miljoen betsjut dat in winst fan $75 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
James Bond (filmsearje) | |
---|---|
films fan Eon Productions | |
mei Sean Connery | Dr. No (1962) • From Russia with Love (1963) • Goldfinger (1964) • Thunderball (1965) • You Only Live Twice (1967) • Diamonds Are Forever (1971) |
mei George Lazenby | On Her Majesty's Secret Service (1969) |
mei Roger Moore | Live and Let Die (1973) • The Man with the Golden Gun (1974) • The Spy Who Loved Me (1977) • Moonraker (1979) • For Your Eyes Only (1981) • Octopussy (1983) • A View to a Kill (1985) |
mei Timothy Dalton | The Living Daylights (1987) • Licence to Kill (1989) |
mei Pierce Brosnan | GoldenEye (1995) • Tomorrow Never Dies (1997) • The World Is Not Enough (1999) • Die Another Day (2002) |
mei Daniel Craig | Casino Royale (2006) • Quantum of Solace (2008) • Skyfall (2012) • Spectre (2015) • No Time to Die (2021) |
films fan oare studio's | |
Casino Royale (1954) • Casino Royale (1967) • Never Say Never Again (1983) |