Titelmuzyk

(Trochferwiisd fan Titelsong (filmmuzyk))

De titelmuzyk of in werkenningsmeldij is in relatyf koart muzykstik dat brûkt wurdt foar in tillefyzjeprogramma, radioprogramma, film of fideospultsje, en dat yn 'e regel ôfspile wurdt ûnder de begjintitels en soms ek ûnder de ôftiteling. Faak giet it dêrby om ynstrumintale muzyk; as der ek by songen wurdt, sprekt men fan in titelsong. Ornaris wurdt titelmuzyk spesjaal skreaun foar it programma, de film of it fideospultsje dêr't it foar brûkt wurdt, mar soms kiest men ynstee foar in al besteand muzykstik of liet. It doel fan titelmuzyk is om ta werkenning te lieden fan it oangeande programma, en om 'e juste sfear te skeppen foar de oangeande film of it oangeande fideospultsje.

Op 'e tillefyzje duorre de titelmuzyk yn it ferline faak relatyf lang, wylst yn 'e tuskentiid de akteurs mei harren eigentlike nammen yn byld brocht waarden, dy't ta de fêste cast hearden. Soks waard bygelyks dien by tillefyzjesearjes as Magnum, P.I., Dallas en Baywatch. Fan 'e twadde helte fan 'e 1990-er jierren ôf waarden sokke yntro's, en dêrom ek de bygeande titelmuzyk, hieltyd koarter. Tsjintwurdich is de titelmuzyk fan in tillefyzjesearje faak net mear as in koarte jingle, wêrby't inkeld de nammen fan 'e filmprodusinten yn byld werjûn wurde. De rest fan 'e begjintitels wurdt dan werjûn oer de bylden fan it begjin fan 'e ôflevering hinne. Yn it gefal fan films wurdt faak noch wol de tiid nommen foar begjintitels mei titelmuzyk.

Soms waard yn it ferline de titelmuzyk (yn 'e foarm fan in titelsong) brûkt om útlis te jaan oer de útgongssitewaasje fan 'e tillefyzjesearje, bedoeld foar sjoggers dy't dêr net bekend mei wiene. Foarbylden fan dat soarte titelmuzyk wiene The Fresh Prince of Bel-Air en The Nanny. Guon titelsongs waarden, al of net troch de bekendheid fan it tillefyzjeprogramma of de film dêr't se by hearden, sa populêr dat se letter ek as single útbrocht waarden. It bekendste foarbyld dêrfan is it liet I'll Be There for You fan 'e band The Rembrandts, dat de titelsong fan 'e komeedzjesearje Friends wie.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.