Magnum, P.I.
Magnum, P.I. wie in tige súksesfolle Amerikaanske tillefyzjesearje dy't acht seizoenen rûn, fan 1980 oant 1988, en dy't yn withoefolle lannen útstjoerd waard. It wie in detektivesearje; de ôfkoarting P.I, út 'e titel, stiet foar private investigator, oftewol "privee-detektive". De titelrol fan Thomas Magnum waard fertolke troch akteur Tom Selleck. De tillefyzjesearje spile op it Hawaïaanske eilân Oähû, en waard dêr ek opnommen. It tropyske dekôr joech de searje in fakânsje-eftige sfear en dêrmei in hiel eigen sjarme, wat wierskynlik foar in grut diel debet wie oan it súkses.
Magnum, P.I. | ||
tillefyzjesearje | ||
makkers | ||
ûntwikkele troch | Donald P. Bellisario Glen A. Larson | |
produsint | Rick Weaver Tom Greene Andrew Schneider Douglas Weaver | |
útfierend produsint |
Donald P. Bellisario Glen A. Larson Tom Selleck | |
tillefyzjestudio | Bellisarius Productions Glen A. Larson Productions | |
spilers | ||
haadrollen | Tom Selleck John Hillerman Roger E. Mosley Larry Manetti | |
skaaimerken | ||
sjenre | detektivesearje | |
seizoenen | 8 | |
jierren | 1980 – 1988 | |
tal ôfl. | 162 | |
spyltiid (ôfl.) | 48 min. | |
lân/lannen | Feriene Steaten | |
taal | Ingelsk |
Produksje
bewurkje seksjeMagnum, P.I. waard ein santiger jierren betocht troch de Amerikaanske tillefyzjeprodusinten Donald P. Bellisario en Glen A. Larson, dy't de rige ek ûntwikkelen en produsearren. De searje waard op lokaasje opnommen op Oähû, it haadeilân fan Hawaï. It wie in detektivesearje mei yn 'e titelrol Tom Selleck, wylst de oare haadrollen fertolke waarden troch John Hillerman, Roger E. Mosley en Larry Manetti. De searje rûn 8 seizoenen lang, fan 1980 oant 1988, en der waarden yn totaal 162 ôfleverings fan elk 48 minuten produsearre.
Tom Selleck waard frege foar de rol fan aventoersman Indiana Jones yn 'e film Raiders of the Lost Ark, mar om't er doe it kontrakt foar Magnum, P.I. al tekene hie, moast er dy rol oan him foarbygean litte en gie dy nei Harrison Ford. De opnamen foar it earste seizoen fan Magnum, P.I. soene yn maart 1980 begjinne, mar waarden fanwegen in staking dy't organisearre wie troch de akteursfakbûnen útsteld oant desimber fan dat jier. Sadwaande hie Selleck efternei dochs wol yn Raiders of the Lost Ark spylje kinne. Yn it lêste seizoen fan Magnum, P.I. brochten de produsinten fan 'e searje in oade oan Selleck syn offer troch fan 'e ôflevering Legend of the Lost Art in parody op dyselde film te meitsjen.
Utgongspunt fan 'e plot
bewurkje seksjeDe privee-detektive Thomas Magnum, folút: Thomas Sullivan Magnum IV (spile troch Tom Selleck), wennet yn it gasteferbliuw fan Robin's Nest, in deftige filla oan it strân fan Oähû. Hy hâldt dêr ta op útnûging fan 'e eigner fan it lânhûs, Robin Masters, de fierde auteur fan in rige populêre romans, dy't him yn 'e hiele searje lykwols nea fertoant. Ien- of twaris per seizoen is syn stim oer de tillefoan te hearren (fersoarge troch regisseur Orson Welles), mar dat is alles wat der fan syn bestean te merken is. De reden dat Masters talit dat Magnum oanhâldend syn gasteferbliuw befolket, bliuwt ûndúdlik, mar hat te krijen mei de iene of oare tsjinst dy't Magnum him yn it ferline bewiisd hat. Behalven fan it gasteferbliuw mei Magnum ek gebrûk meitsje fan Masters syn auto, in reade Ferrari 308 GTS.
Sadwaande kin Magnum in lúkse libbentsje liede en as privee-detektive inkeld de saken oannimme dy't him oansteane. De iennichste stikel yn syn foet is Jonathan Higgins (John Hillerman), de hûswarder fan 'e filla, in Britsk sersjant-majoar bûten tsjinst dy't it terrein fan it lânhûs patrûljearret mei de help fan twa goed ôfrjochte dobermanns mei de nammen Zeus en Apollo. Higgins docht alles strikt neffens de regels en komt dêrby allegeduerigen yn oanfarring mei Magnum, dy't him allinnich oan 'e regels hâldt as him dat sa útkomt. Yn in humoristyske sydsprong yn 'e ferhaalline fan in protte ôfleverings moat Magnum mei Higgins ûnderhannelje oer it gebrûk fan oare fasiliteiten fan it lânhûs as allinnich it gasteferbliuw en de auto (lykas de tennisbaan, de wynkelder, ensfh.).
De relaasje tusken Magnum en Higgins wie yn 't earstoan koel, mar waarme op neigeraden dat de searje langer rûn. Stadichoan ûntjoech der him in ûnútsprutsen foarm fan respekt en sels freonskip tusken de beide mannen. In weromkearend tema yn 'e lêste twa seizoenen is it donkerbrune fermoeden fan Magnum dat Higgins eins de nea sjoene Masters sels is, om't er Masters syn post iepenmakket en it altyd hat oer "myn auto", "myn hûs", ensfh. Dat fermoeden wurdt nea befêstige en likemin ûntkrêfte.
Njonken Higgins hat Magnum twa maten, T.C., koart foar Theodore Calvin (Roger E. Mosley) en Rick Wright (Larry Manetti), dy't Magnum ken út 'e Fjetnamoarloch, doe't de beide mannen as mariniers tsjinnen wylst hysels by de marine siet. T.C. is de eigner fan Island Hoppers, in bedriuw dat charterflechten mei helikopters fersoarget, en sadwaande helpt er Magnum gauris as dy foar de saken dy't er ûndersiket ferlet hat fan ferfier troch de loft. Rick runt in eksklusive pleatslike útgeansgelegenheid, de King Kamehameha Club, dy't inkeld foar leden tagonklik is en wêrfan't Higgins yn 'e ried fan bestjoer sit. Dochs hinget Magnum dêr gauris om, wêrby't er op 'e pof yt en drinkt en sa in ûnbetelle rekken almar heger oprinne lit, wat him wer yn konflikt bringt mei Higgins.
Oan 'e ein fan it sânde seizoen woene de produsinten Magnum deagean litte en sa de searje beëinigje. Yn 'e lêste ôflevering fan dat seizoen, Limbo ("Faaiefjoer"), rint Magnum hast de hiele 48 minuten om as geast, om te einigjen as er nei't it skynt de himel binnen giet. De fans fan 'e searje fûnen dat in oanfluiting en namen it net, en nei lange en lûde protesten giene de produsinten úteinlik oerstaach en plakten se noch in achtste seizoen oan 'e rige fêst wêryn't Magnum wer ta libben kaam.
Rolferdieling
bewurkje seksje- haadrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Thomas Magnum | Tom Selleck |
Jonathan Quayle Higgins III | John Hillerman |
T.C. (Theodore Calvin) | Roger E. Mosley |
Rick Wright | Larry Manetti |
- weromkearende byrollen
personaazje | akteur/aktrise |
resjersjeur Yoshi Tanaka | Kwan Hi Lim |
Agatha Chumley | Gillian Dobb |
kolonel Buck Greene | Lance LeGault |
Carol Baldwin | Kathleen Lloyd |
luitenant "Mac" MacReynolds | Jeff MacKay |
Jim Bonnick (dûbelgonger fan MacReynolds) | Jeff MacKay |
Francis "Icepick" Hofstetler | Elisha Cook jr. |
dokter "Doc" Ibold | Glenn Cannon |
Michelle Hue | Marta Dubois |
luitenant Maggie Poole | Jean Bruce Scott |
Luther H. Gillis | Eugene Roche |
resjersjeur Nolan Page | Joe Santos |
Dêropta wurke in grut tal akteurs yn gastrollen mei oan Magnum, P.I. Guon fan 'e bekendsten dêrfan wiene: Ernest Borgnine, Tyne Daly, Ted Danson, Dana Delany, Morgan Fairchild, Robert Loggia, Romy Schneider, Frank Sinatra, William Windom en Angela Lansbury as Jessica Fletcher, yn in crossover mei in oare detektivesearje, Murder, She Wrote.
Prizen
bewurkje seksjeYn 1981 wûnen de betinkers en produsinten fan Magnum, P.I., Donald P. Bellisario en Glen A. Larson, in Edgar Award yn 'e kategory bêste ôflevering út in tillefyzjesearje (foar de ôflevering China Doll). Haadrolspiler Tom Selleck wûn yn 1984 in Emmy Award, de heechste Amerikaanske tillefyzjepriis, yn 'e kategory 'bêste manlike haadrol yn in dramasearje' foar syn fertolking fan Thomas Magnum, en yn 1985 wûn er in Golden Globe yn 'e kategory 'bêste optreden fan in akteur yn in tillefyzjesearje (drama)'. Foar de rol fan Jonathan Higgins wûn John Hillerman yn 1982 in Golden Globe en yn 1987 in Emmy, beide kearen yn 'e kategory 'bêste byrol fan in akteur yn in dramasearje'. Aktrise Dana Hill wûn yn 1983 in Young Artist Award foar har gastoptreden yn Magnum, P.I.
Ferfolch
bewurkje seksjeDer wiene yn de njoggentiger jierren plannen foar in film Magnum, P.I., dat as in ferfolch fan de searjes wêze soe. Mar dat kaam nea fan de grûn. Yn septimber fan 2016 sette ABC útein mei plannen foar in ferfolchsearje oer Lily "Tommy" Magnum, de dochter fan Thomas Magnum. Dy searjes kamen ek nea fan de grûn.
Yn oktober 2017 makke CBS buorkundich dat der in reboot fan de searje komme soe. Yn dy searje wiene lykwols guon feroarings as yn de orizjinele searje. Thomas Magnum wurdt spile troch Jay Hernandez (sûnder snor) en Higgins wurdt troch de Welske aktrise Perdita Weeks spile.
Keppelings om utens
bewurkje seksje- (in) Ynformaasje oer Magnum, P.I. yn 'e Internet Movie Database
- (in) De titelmuzyk fan Magnum, P.I. op YouTube
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side. |