Tom Selleck (folút: Thomas William Selleck; Detroit (Michigan), 29 jannewaris 1945) is in Amerikaansk tillefyzje- en filmakteur en -produsint fan mingd Ingelsk-Dútsk etnysk komôf. Hy briek yn 1980 troch mei syn rol as de privee-detektive Thomas Magnum yn 'e tillefyzjesearje Magnum, P.I., dy't opnommen waard op Hawaï. Fierders hied er op 'e tillefyzje in weromkearende rol yn 'e populêre komeedzjesearje Friends en spile er plysjekommissaris Jesse Stone yn 'e lyknammige rige tillefyzjefilms. Op it wite doek wie Selleck û.m. te sjen yn films as Three Men and a Baby, Quigley Down Under, Her Alibi, Mr. Baseball en In & Out.

Tom Selleck
akteur
persoanlike bysûnderheden
echte namme Thomas William Selleck
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 29 jannewaris 1945
berteplak Detroit (Michigan)
etnisiteit Ingelsk
Dútsk
jierren aktyf 1969 – no
prizen Emmy 1984
Golden Globe 1984
offisjele webside
gjint

Libben en karriêre bewurkje seksje

Jonkheid en oplieding bewurkje seksje

Selleck waard yn 1945 berne yn Detroit, yn 'e Amerikaanske steat Michigan, as de soan fan Robert Dean Selleck, in ûndernimmer en ynvestearder yn ûnreplik goed, en dy syn frou Martha S. Jagger. Syn heit wie fan Ingelsk en yn 'e fierte fan Dútsk etnysk komôf, en syn mem kaam út in famylje mei Ingelske woartels. Selleck hat in ien jier âldere broer, Robert, en in jongere suster en broer, Martha en Daniel, mei wa't er acht, resp. tsien jier skeelt. Yn syn bernetiid ferfear it gesin nei Sherman Oaks, in wyk fan Los Angeles, dêr't er fierder opgroeide.

Selleck studearre sakemanagement oan 'e Universiteit fan Súdlik Kalifornje, dêr't yn it basketbaltiim de USC Trojans spile. Op advys fan in toaniellearaar naam er njonken syn stúdzje aktearlessen by it Beverly Hills Playhouse, ûnder toanielregisseur Milton Katselas. Selleck tsjinne letter by it Amerikaanske 160e Ynfanteryrezjimint fan 'e Kalifornyske Nasjonale Legergarde. Syn ienheid waard yn 1965 ynset by it delslaan fan it Watts-opskuor yn Los Angeles.

 
Tom Selleck yn 1980.

Aktearkarriêre bewurkje seksje

Selleck syn earste wurk as akteur wie yn reklamespotsjes foar produkten lykas Pepsi-Cola. Hy sette syn aktearkarriêre yn 1969 útein mei lytse roltsjes yn tillefyzjesearjes lykas Lancer, The FBI, Owen Marshall: Counselor at Law, The Young and the Restless, Marcus Welby, M.D., The Streets of San Francisco, Charlie's Angels en Taxi, en films as Myra Breckinridge, The Seven Minutes en Midway. Syn earste gruttere optreden wie yn 'e weromkearende rol fan privee-detektive Lance White yn 'e rige The Rockford Files. White wie in man mei in útsûnderlik soad lok, dy't opfierd waard as in soarte fan komyske noat om't er syn kollega Jim Rockford (spile troch James Garner) sa yrritearre. By it oplossen fan misdriuwen sei White geregeldwei dingen as: "Sit der mar net oer yn, Jim. Der sil ús grif wol in oanwizing temjitte komme," wat dan ek barde, ta alderferskuorrendste frustraasje fan Rockford, dy't sels altyd hurd wurkje moast op syn saken op te lossen.

De rol fan White wie foar produsinten Donald P. Bellisario en Glen A. Larson oanlieding om Selleck yn 1980 te freegjen foar de rol fan in oare privee-dektektive yn 'e searje Magnum, P.I.. Selleck hie him dêr al foar fêstlein, doe't er teffens troch regisseur James Cameron frege waard foar de rol fan aventoersman Indiana Jones, yn 'e film Raiders of the Lost Ark. Om't de opnameskema's net mei-inoar te kombinearjen wiene, moast er dy rol doe ôfwize, en waard Harrison Ford dêrfoar oansocht. Efternei hie Selleck it oanbod dochs wol oannimme kinnen, om't de opnamen fan Magnum, P.I. fanwegen in staking útsteld waarden fan maart oant desimber 1980.

De pilotôflevering fan Magnum, P.I. wie Selleck syn sechsde op rige; by de fiif eardere pilots wie neitiid ôfsjoen fan it meitsjen fan 'e byhearrende searje. Yn dit gefal waard de searje lykwols àl makke, en betsjutte dy foar Selleck de grutte trochbraak. Yn Magnum, P.I., dat opnommen waard op it tropyske Hawaïaanske eilân Oähû, spile er de rol fan privee-detektive Thomas Magnum, dy't in luzelibbentsje liedt yn it gasteferbliuw fan 'e filla fan in Robin Masters, by wize fan werombetelling foar in tsjinst dy't er yn it ferline foar de man dien hat. Hy nimt inkeld saken oan dy't er ynteressant fynt en wurket allinnich mar as dêr sin oan hat, wylst er yn 'e tuskentiid oanhâldend botst mei Jonathan Higgins, de strange hûswarder fan Masters (spile troch John Hillerman). De searje waard in grut súkses en kaam yn withoefolle lannen op 'e tillefyzje. Selleck wûn mei de rol fan Magnum yn 1984 sawol in Golden Globe as in Emmy Award (de heechste Amerikaanske tillefyzjepriis). De searje rûn acht seizoenen lang, fan 1980 oant 1988, en Selleck wie der net inkeld as akteur, mar ek as produsint by belutsen.

 
Tom Selleck yn 1989.

Syn súkses mei Magnum, P.I. lansearre foar Selleck ek in filmkarriêre. Sa spile er in ynbrekker yn it Londen fan 'e tritiger jierren yn Lassiter (1984); in plysjeman mei hichtefrees yn Runaway (1984); in plakferfangende heit fan in poppe yn Three Men and a Baby (1987), mei Ted Danson en Steve Guttenberg; in detektiveskriuwer mei writer's block dy't fereale wurdt op in frou dy't him mooglik besiket te fermoardzjen yn Her Alibi (1989), mei Paulina Porizkova; en in njoggentjinde-iuwske skerpskutter yn 'e Australyske western Quigley Down Under (1990), as tsjinspiler fan Laura San Giacomo. Oare filmrollen fan Selleck wiene as plakferfangend heit fan in lyts famke yn Three Men and a Little Lady (1990); kening Ferdinand V fan Aragon yn Christopher Columbus: The Discovery (1992); in Amerikaanske honkballer yn Japan yn Mr. Baseball (1992); en in homoseksuële tillefyzjekorrespondint yn In & Out (1997), as tsjinspiler fan Kevin Kline.

Begjin njoggentiger jierren wegere Selleck de rol fan Mitch Buchanan yn 'e hitsearje Baywatch, om't er net as in sekssymboal sjoen wurde woe. Dy rol gie doe nei David Hasselhoff. Ein njoggentiger jierren kearde Selleck lykwols dochs wer op 'e tillefyzje werom, yn 'e komeedzjesearje Friends. Dêryn hied er fan 1996 oant 2000 in weromkearende rol as de eachdokter Richard Burke, in skieden freon fan 'e âldelju fan Monica en Ross Geller, dy't in relaasje kriget mei de folle jongere Monica (spile troch Courteney Cox). Yn febrewaris 1988 sette Selleck útein mei de haadrol yn 'e nije searje The Closer, mei as tsjinspiler û.o. Ed Asner en Penelope Ann Miller. Nettsjinsteande de hege ferwachtings foelen de sjochsifers sa ôf, dat de searje al nei tsien ôfleverings stopset waard. Letter hie Selleck yn 2006 in weromkearende rol yn fjouwer ôfleverings fan 'e searje Boston Legal, en yn 2007 en 2008 hied er in fêste rol yn 'e searje Las Vegas, as A.J. Cooper, de nije eigner fan it kasino dat de eftergrûn is fan alle ferwikkelings.

 
Tom Selleck yn 1992.

Yn 2001 spile Selleck de rol fan Murray yn 'e Broadway-revival fan 'e komeedzje A Thousand Clowns. Dat toanielstik rûn mar twa moannen, en resinsinten wie ienriedich negatyf oer Selleck syn optreden, dat neffens harren ûngeunstich ôfstiek by de fertolking fan deselde rol troch Jason Robards yn 'e 1960-er jierren. Fan 2005 oant 2012 spile Selleck fierders de haadrol fan plysjekomissaris Jesse Stone, út in lyts plakje op it Amerikaanske plattelân, yn in rige fan acht tillefyzjefilms dy't basearre wiene op 'e misdieromans fan Robert B. Parker. De earste film út 'e rige wie Stone Cold, en de lêste Jesse Stone: Benefit of the Doubt. It fyfde diel út dizze searje, Jesse Stone: Thin Ice (2009), wie net in adaptaasje fan in roman, mar in orizjineel senario skreaun troch Selleck sels. Sûnt 2010 spilet Selleck yn 'e tillefyzjesearje Blue Bloods de rol fan in oare plysjekommissaris, Frank Reagan út New York. Dy plysjesearje rint anno 2016 noch altyd. Njonken syn live-aktearwurk is Selleck ek aktyf as stimakteur en as fertelstim by voice-overs.

Priveelibben bewurkje seksje

Fan 1971 oant 1982 wie Selleck troud mei model Jacqueline Ray. Hja namen yn dy tiid in soan oan, Kevin (berne yn 1966), mar it houlik einige yn in skieding. Selleck wertroude op 7 augustus 1987 mei Jillie Mack, dy't him yn 1988 in dochter skonk, Hannah Margaret. De Sellecks hawwe huzen yn Fallbrook en Thousand Oaks, beide yn Kalifornje, en in simmerhûs yn Jonesboro, yn Maine. Yn 1986 krige Selleck syn eigen stjer op 'e Hollywood Walk of Fame, ter hichte fan Hollywood Boulevard 6925. Yn 2000 ûntfong er in earedoktoraat fan 'e Pepperdine Universiteit.

Selleck is de eigner fan in avokadobuorkerij, en hat yn fraachpetearen sein dat er fit bliuwt troch bûtendoar op it lân te wurkjen ynstee fan nei de sportskoalle te gean. Behalven basketballer is er ek in folleard follyballer en strânfollyballer en hy hat datoangeande lid west fan ferskate amateurklubs. Dêropta is er in grut fan fan iishokky. Hy hat himsels yn fraachpetearen omskreaun as "net religieus". Fierders is Selleck in lid fan 'e ried fan bestjoer fan en in wurdfierder foar de Amerikaanske wapenlobby NRA.

Filmografy bewurkje seksje

Filmografy as akteur
jier titel rol of funksje opmerkings
tillefyzje
1969 Lancer Dobie ôflevering Death Bait
1969 Judd for the Defense helpsheriff ôfleverings The Holy Ground: The Killing, diel 1& 2
1970 The Movie Murderer Mike Beaudine tillefyzjefilm
1971 Sarge ynspekteur Denning ôflevering The Combatants
1973 The Wide World of Mystery Mark Brolin ôflevering Shadow of Fear
1973 The F.B.I. Steve ôflevering The Confession
1973 Owen Marshall: Counselor at Law Brinkley ôflevering Snatches of a Crazy Song
1974 Marcus Welby, M.D. luitenant Rogers ôflevering Feedback
1974 A Case of Rape Stan tillefyzjefilm
1974-1975
en 2005
The Young and the Restless Jed Andrews ûnbekend tal ôfleverings
1975 Returning Home Fred Derry tillefyzjefilm
1975 Marcus Welby, M.D. brigadier Ed Brock ôfleverings Dark Fury diel 1 & 2
1975 Mannix Don Brady ôflevering Design for Dying
1975 The Streets of San Francisco Jimmy Desco ôflevering Spooks for Sale
1976 Most Wanted Tom Roybo ôflevering Pilot
1976 Charlie's Angels dokter Alan Samuelson ôflevering Target: Angels
1977 Bunco Gordean tillefyzjefilm
1978 Taxi Mike Beldon ôflevering Memories of Cab 804: Part 2
1978-1979 The Rockford Files Lance White 2 ôfleverings
1979 The Chinese Typewriter Tom Boston tillefyzjefilm
1979 The Sacketts Orrin Sackett tillefyzjefilm
1979 Concrete Cowboys Will Eubanks ôflevering A Fine Romance
1980-1988 Magnum, P.I. Thomas Magnum titelrol; 162 ôfleverings
1981 Christmas in Hawaii himsels tillefyzjefilm
1982 Simon & Simon Thomas Magnum crossover; ôflevering Emeralds Are Not a Girl's Best Friend
1982 The Shadow Riders Mac Traven tillefyzjefilm
1983 James Bond: The First 21 Years himsels fraachpetear yn in dokumintêre
1984 Muppet Babies himsels ôflevering What Do You Want to Be When You Grow Up?
1985 Murder, She Wrote Thomas Magnum crossover; ôflevering Magnum on Ice: Part 2
1986 The World's Greatest Stunts: A Tribute to Hollywood Stuntmen himsels fraachpetear yn in dokumintêre
1988 Broken Trust rjochter Timothy Nash tillefyzjefilm
1995 Ruby Jean and Joe Joe Wade tillefyzjefilm
1996 Kids for Character: Choices Count himsels presintator
1996 Way Out West himsels tillefyzjefilm
1996-1997
en 2000
Friends dokter Richard Burke 10 ôfleverings
1997 Big Guns Talk: The Story of the Western himsels fraachpetear yn in dokumintêre
1997 Last Stand at Saber River Paul Cable tillefyzjefilm
1998 The Closer Jack McLaren 10 ôfleverings
2000 Running Mates gûverneur James Reynolds Pryce tillefyzjefilm
2001 Crossfire Trail Rafe Covington tillefyzjefilm
2003 Touch 'Em All McCall Touch McCall tillefyzjefilm
2003 Monte Walsh Monte Walsh tillefyzjefilm
2003 Twelve Mile Road Stephen Landis tillefyzjefilm
2003 Time Machine: When Cowboys Were King himsels fraachpetear yn in dokumintêre
2004 Biography voice-over dokumintêresearje; ôflevering Dwight D. Eisenhower: Supreme Commander-in-Chief
2004 Reversible Errors Larry Starczek tillefyzjefilm
2004 Ike: Countdown to D-Day generaal Dwight Eisenhower tillefyzjefilm
2005 Stone Cold Jesse Stone tillefyzjefilm
2006 Boston Legal Ivan Tiggs 4 ôfleverings
2006 Jesse Stone: Night Passage Jesse Stone tillefyzjefilm
2006 Jesse Stone: Death in Paradise Jesse Stone tillefyzjefilm
2007 Jesse Stone: Sea Change Jesse Stone tillefyzjefilm
2007-2008 Las Vegas A.J. Cooper 19 ôfleverings
2009 Jesse Stone: Thin Ice Jesse Stone tillefyzjefilm
2010 Jesse Stone: No Remorse Jesse Stone tillefyzjefilm
2010-no Blue Bloods plysjekommissaris Frank Reagan haadrol; 210 ôfleverings (ein 2019)
2011 Jesse Stone: Innocents Lost Jesse Stone tillefyzjefilm
2012 Jesse Stone: Benefit of the Doubt Jesse Stone tillefyzjefilm
2013 North America voice-over dokumintêresearje, 7 ôfleverings
2014 Arnie voice-over 3 ôfleverings
2015 Jesse Stone: Lost in Paradise Jesse Stone tillefyzjefilm
films
1970 Myra Breckinridge Stud
1972 Daughters of Satan James Robertson
1973 Terminal Island dokter Milford
1976 Midway adjudant fan kaptein Cyril Simard
1977 The Washington Affair Jim Hawley
1978 Coma Sean Murphy
1978 Superdome Jim McCauley
1978 The Gypsy Warriors kaptein Theodore Brinkenhoff
1979 Concrete Cowboys Will Eubanks
1982 Divorce Wars: A Love Story Jack Sturgess
1983 High Road to China Patrick O' Malley
1984 Lassiter Nick Lassiter
1984 Runaway resjersjeur Jack R. Ramsay
1987 Three Men and a Baby Peter Mitchell
1989 Her Alibi Phil Blackwood
1989 An Innocent Man Jimmie Rainwood
1990 Quigley Down Under Matthew Quigley
1990 Three Men and a Little Lady Peter Mitchell
1992 Folks! Jon Aldrich
1992 Christopher Columbus: The Discovery kening Ferdinand II fan Aragon
1992 Mr. Baseball Jack Elliot
1995 Open Seaso Rock Maninoff
1996 The Magic of Flight voice-over dokumintêre
1997 In & Out Peter Malloy
1999 The Love Letter George Matthias
2007 Meet the Robinsons Cornelius Robinson as stimakteur
2010 Killers dhr. Kornfeldt

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.